Deadeklacht oer Israel
1Hear nei dit wurd, dat Ik oer jimme útsprek,
in deadeklacht, o folk fan Israel:
2‘Israel is fallen
en komt net wer oerein;
dêr leit de jongfaam oer har eigen grûn
en gjinien dy’t har wer oerein helpt.’
3Want sa hat God de Heare sein:
De stêd dy’t mei tûzen man yn it fjild kaam,
hâldt mar hûndert oer;
dy’t mei hûndert man yn it fjild kaam,
hâldt mar tsien oer. [Dat slacht op it folk fan Israel.]
Israel moat kieze
4Dit hat de Heare tsjin Israels folk te sizzen:
Sykje it by My en jim sille it libben hâlde!
5Mar yn Bet-El moatte jimme it net sykje
en net te Gilgal komme;
set ek net op Beër-Sjêba ta!
Want Gilgal giet halje-trawalje de ballingskip yn
en mei Bet-El rint it op ’e non.
6Sykje it by de Heare en jim sille it libben hâlde!
Dan hoecht Er net op Joazef syn folk del te slaan
as in fertarrend fjoer, dat gjinien dwêste kin. [Dat slacht op Bet-El.]
Unrjocht yn Israel
8Betink dochs, dat God it is,
dy’t de Sânstjerre en de Reus makke hat,
dy’t it roettsjuster feroaret yn ljochtsjende dage,
dy’t de dei feroaret yn tsjustere nacht,
dy’t it wetter fan ’e see ropt
en útjit oer de ierde:
Heare is syn namme!
9De sterkste festingwurken ferrinnewearret Er
en alle fersterkingen slacht Er yn pún.
7Wee jimme:
jim meitsje it rjocht sa bitter as galle
en reagje de gerjochtichheid oan ’e kant.
10Ien dy’t yn ’e poarte foar it rjocht opkomt,
kinne jim net útstean;
ien dy’t seit wêr’t it op stiet,
dy ferspuie jim.
11Jim ferwâdzje de lytse man
en nimme him in part fan syn nôt ôf.
Dêrom sille jim wol huzen fan berchstien bouwe,
mar der net yn wenje,
wol skoandere wyngerds oanplantsje,
mar de wyn der net fan drinke.
12Ja, Ik wit hoefolle misdieden jim bedreaun hawwe
en hoe slim as it wiist mei jim sûnden:
jim bringe de ûnskuldige yn it near,
jim twinge ôfkeapjild ôf
en litte earme minsken net oan har rjocht komme!
13It is sa’n minne tiid,
dat it is ferstannich en hâld jin mar stil.
Libben of dea
14Stribje nei it goede en net nei it ferkearde,
dat jim it libben hâlde meie;
dan sil it wier sa wêze as jim sizze,
dat de Heare, God Almachtich, mei jimme is.
15Haw in ôfgriis fan it ferkearde en hâld it mei it goede,
hâld it rjocht heech yn ’e poarte;
miskien dat de Heare, God Almachtich,
dan genedich wêze sil foar Joazef syn neiteam.
16-17Dit hat de Heare, God Almachtich, te sizzen:
As Ik aanst kom om dy te straffen,
sille se op alle pleinen jammerje,
yn alle strjitten weeroppe;
it boerefolk wurdt oproppen foar de deadeklacht,
de roukleiers foar de kleilieten;
yn alle wyngerds heart men dan jammerklachten,
seit de Heare.
De dei fan de Heare
18Hoe kinne jimme no útsjen nei de dei fan de Heare?
Witte jimme wol, wat dy dei jim bringe sil?
Tsjusternis en gjin ljocht!
19It sil wêze as naait men út foar in liuw
en komt dan lyk foar in bear te stean;
komt men dan noch by hûs en siket men hâld oan ’e muorre,
dan byt jin in slange!
20Wier, de dei fan de Heare sil tsjusternis wêze en gjin ljocht,
somberens en oars neat!
Lear en libben
21Ik kin jim feesten net ferneare, Ik haw der in ôfgriis fan;
jimme hjeldagen, Ik mei se net rûke.
22Al bringe jimme My ek brânoffers
en moaloffers derop ta,
Ik moat der neat fan hawwe;
jim tankoffer fan mestfee stiet My tsjin.
23Besparje My it gebalt fan jim lieten,
it muzyk fan jim harpen mei Ik net hearre.
24Mar lit it rjocht oanrôlje as wetterweagen
en de gerjochtichheid as in rivier dy’t noait opdroeget.
25Dy fjirtich jier yn ’e woestyn, folk fan Israel,
doe hawwe jimme My dochs ek gjin fleis- en moaloffers brocht?
26Doe ha jim dochs jim eigenmakke goadebylden,
Sakkút, jimme oppergod, en Kewan,
jimme stjerregod, ek net meitôge!
27Mar no stjoer Ik jimme de ballingskip yn,
Damaskus fier foarby, seit de Heare,
waans namme is: God Almachtich.