Tsjin Samaria mei syn grutske froulju
1Hear nei dit wurd, froulju fan Samaria,
glânzich as kij út Bazan;
jim dêr op ’e berch fan Samaria,
jim hâlde de lytse man derûnder,
jim ferwâdzje de earme
en sizze tsjin jimme manlju:
Tôgje oan en lit ús drinke!
2God de Heare hat by syn eigen hillichheid sward:
Sjoch, der komt foar jimme in tiid,
dat se jimme as kij opdriuwe sille
en wa’t noch oerbleaun is, as fisken ophelje.
3Troch de bressen sille jimme de stêd út moatte,
de iene nei de oare,
en jim sille fuortdreaun wurde nei de Hermon ta,
is de godsspraak fan de Heare.
Spot mei uterlike earetsjinst
4Set op Bet-El ta en besûndigje jimme mar,
op Gilgal ta en doch it dêr noch slimmer!
Tôgje dêr moarnier jimme offers mar hinne
en oaremoarn jimme tsienden.
5Stek it tankoffer mar oan fan wat suorre is,
bear mar tige oer jim frijwillige offers!
Want dat meie jimme graach dwaan, jimme Israeliten,
is de godsspraak fan God de Heare.
Israel slacht op Gods warskôgings gjin acht
6Ik wie it dy’t soarge haw,
dat jim yn al jim stêden neat tusken de tosken krigen
en dat der breakrapte wie, oeral dêr’t jim wenje.
En noch binne jimme net by My weromkommen,
is de godsspraak fan de Heare.
7Ik wie it dy’t jimme de rein ûntkeard haw,
in fearnsjier foar’t it oan it rispjen ta wie.
Ik liet it reine oer de iene stêd
en oer de oare net;
it iene stik lân krige syn reinwetter,
mar it oare, dêr’t gjin wetter op kaam, droege út.
8Twa-trije stêden stuitelen nei ien-en-deselde stêd om wat drinken,
mar har toarst waard net ferslein.
En noch binne jimme net by My weromkommen,
is de godsspraak fan de Heare.
9Ik haw jimme slein mei brân yn it nôt en mei hunichdauwe,
jimme hôven en jimme wynikkers haw Ik útdroegje litten,
jimme fige- en olivebeammen frieten de sprinkhoannen keal.
En noch binne jimme net by My weromkommen,
is de godsspraak fan de Heare.
10Ik haw de pest ûnder jimme stjoerd,
sa’t Ik it destiids ûnder de Egyptners dien haw.
Ik haw jimme jongfeinten fan kant makke mei it swurd,
doe’t jim hynders bútmakke waarden.
Ik haw de stank fan jimme legers
yn jimme eigen noasters lûke litten.
En noch binne jimme net by My weromkommen,
is de godsspraak fan de Heare.
11Yn myn godlik oardiel haw Ik jimme stêden omskodde,
sa’t Ik earder mei Sodom en Gomorra dien haw;
jim wienen as in brânend stik hout,
dat noch krekt út it fjoer skuord is.
En noch binne jimme net by My weromkommen,
is de godsspraak fan de Heare.
12Dêrom sil Ik rjochtdei oer dy hâlde, Israel,
der is gjin ferwin op;
dêrom, meitsje dy derop klear, dat dyn God dy tsjinkomt!
13Want sjoch, Hy is it, dy’t de bergen har stal
en de wyn syn wêzen jûn hat
en dy’t de minske dúdlik makket,
wat der yn Him omgiet;
dy’t de dage feroaret yn tsjusternis
en syn wei nimt oer de toppen fan ’e ierde,
Heare, God Almachtich, is syn namme.