Tsjin falske gerêstens
1Wee de lju dy’t har noflik deljouwe op ’e Sion!
Jimme, lju fan komsa ûnder it bêste folk op ierde,
by wa’t hiele Israel oanhâld siket,
jim fiele jim feilich op ’e berch Samaria.
2Mar gean ris nei Kalné en sjoch dêr om jim hinne,
dêrwei troch nei Grut-Hamat;
gean dan del nei Gat yn Filistéa:
Binne jimme mear mânsk as dy keninkriken?
Jimme gebiet is noch lytser as dat fan dy folken!
3Jim sette de ûnheilsdei fier fan jim ôf,
mar helje de hearskippij fan it geweld krekt nei jim ta.
4Dat hinget mar om op ivoarene rêstbanken
en jout him noflik del op rêstbêden.
Jim dogge oars net as de lammen út ’e keppel
en de keallen út ’e stâl opite;
5jimme âlje by it lûd fan ’e liere
en miene dat jim mei jim muzykinstruminten David belykje kinne.
6Jim drinke wyn by ’t kûmfol tagelyk
en salvje jimme mei de djoerste oalje,
mar dat Joazefs folk de ûndergong temjitte giet,
dat lit jim kâld.
7Dêrom geane jim aanst as earsten de ballingskip yn,
is de godsspraak fan de Heare, de Almachtige God;
dan is it út mei jim getjirch,
omhingers dat jim binne!
De ûndergong fan Samaria
8God de Heare hat by Himsels sward:
Dy heechmoed fan Jakob bin Ik mear as sêd,
syn stinzen haw Ik in ôfgriis fan,
Ik jou de stêd Samaria priis mei al wat deryn is.
9Is der dan noch in hûs dêr’t tsien man yn oerbleaun binne, dy sille likegoed stjerre. 10Nimt dan in famyljelid mei de lykferbrâner ien fan ’e deaden op om it lyk bûtendoar te bringen, en hy seit tsjin wa’t achter yn ’e hûs is: ‘Is dêr noch ien by jo?’ – en dy antwurdet: ‘Nee!’, dan seit er: ‘Stil, want de namme fan de Heare moat net neamd wurde.’
11Tink derom, as de Heare it befel jout,
wurde alle huzen yn pún slein,
de grutte likegoed as de lytse.
12Fleane hynders soms by de rotsen op
of ploeget men de see mei oksen?
Hoe kinne jimme dan it rjocht feroarje yn fenyn
en de rjochtfeardichheid yn bittere galle?
13Jim binne bliid mei de ferovering fan Lodebar
en sizze: Ha wy net út eigen krêft Karnaïm yn hannen krige?
14Tink derom, Israel, Ik set in folk tsjin jim op
– is de godsspraak fan de Heare, God Almachtich –
in folk dat jimme derûnder hâlde sil fan ’e yngong fan Hamat ôf oan ’e beek yn ’e Araba ta.