2 Samuël 4
Isjbosjet fermoarde
1Doe’t de soan fan Saul hearde dat Abner te Hebron stoarn wie, joech er de moed ferlern en hiele Israel waard kjel. 2No hie dy soan fan Saul twa manlju yn tsjinst as oanfierders fan troepen. De iene hiet Baäna en de oare Rekab. It wienen soannen fan Rimmon, de Beërotyt, dy’t by de Benjaminiten hearde. Want Beërot wurdt ek by Benjamin rekkene. 3De Beërotiten binne nei Gittaïm flechte en hja binne dêr oan hjoed-de-dei ta as frjemdlingen.
4Saul syn soan Jonatan, hie in soan dy’t oer beide siden rûn. Hy wie in jonge fan fiif jier, doe’t it berjocht oer Saul en Jonatan út Jizreël kaam. Doe hie de bernefaam him opnommen en wie útnaaid. Mar dat gong sa hommels dat er te fallen rekke en kreupel waard. Hy hiet Mefibosjet.
5De soannen fan ’e Beërotyt Rimmon, Rekab en Baäna joegen har ôf en kamen op it hjitst fan ’e dei by it hûs fan Isjbosjet oan, wylst er syn middeissliepke die. 6Hja gongen yn ’e hûs as soenen se weet helje en stieken him doe yn it liif, mar hja wisten te ûntkommen, Rekab en syn broer Baäna. 7Hja wienen yn ’e hûs kommen, wylst er yn syn sliepkeamer op bêd lei, stieken him dea, en sloegen him de holle ôf. Doe namen se syn holle mei en rûnen de hiele nacht troch de wei yn ’e Jordaanflakte del. 8De holle fan Isjbosjet brochten se by David te Hebron en hja seinen tsjin ’e kening: Sjoch, hjir is de holle fan Isjbosjet, de soan fan Saul, jo fijân, dy’t jo nei it libben stie. De Heare hat hjoed foar mynhear de kening wraak nommen op Saul en syn neiteam. 9Mar David antwurde Rekab en syn broer Baäna, de soannen fan Rimmon de Beërotyt: Sa wier as de Heare libbet dy’t my rêden hat út alle need, 10de man, dy’t my it boadskip brocht: Saul is dea en dy’t himsels as in bringer fan goed nijs seach, dy haw ik te Siklach grypt en deade en him sa syn boadelean jûn. 11Hoefollestemear soe ik dan, no’t goddeleaze manlju in ûnskuldich man yn syn eigen hûs op bêd fermoarde hawwe, syn bloed net wreke oan jimme en jim fan ’e ierde feie! 12Doe joech David syn jongfeinten befel en dy deaden har. Hja snijden har de hannen en fuotten ôf en doe hongen se har op by de fiver te Hebron. Mar de holle fan Isjbosjet namen se en begroeven dy yn it grêf fan Abner te Hebron.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap