1It waard in lange oarloch tusken it hûs fan Saul en it hûs fan David. David waard lykwols geandewei sterker, mar it hûs fan Saul waard al mar swakker.
Davids froulju en soannen te Hebron
2David krige ek soannen te Hebron. Syn âldste wie Amnon by Achinoäm út Jizreël; 3syn twadde wie Kileäb by Abigaïl, de frou fan Nabal út Karmel en de tredde Absjalom, soan fan Maäka, de dochter fan Talmai, de kening fan Gesjûr. 4De fjirde wie Adonia, soan fan Chaggit; de fyfte Sjefatja, soan fan Abital, 5en de sechste Jitream by Agla, frou fan David. Dy krige David te Hebron.
Rûzje tusken Isjbosjet en Abner
6Wylst de oarloch tusken it hûs fan Saul en dat fan David trochduorre, sloech Abner yn it hûs fan Saul hieltyd mear foar master op. 7No hie Saul in bywiif hân, by namme Rispa, de dochter fan Ajja. En Isjbosjet frege Abner: Wêrom hawwe jo ús heite bywiif nommen? 8Mar Abner waard ferwoeden oer dy wurden fan Isjbosjet. Hy sei: Ik bin dochs gjin Judeeske hûnekop, wol? Ik bin noch altyd trou oan it hûs fan jo heit Saul, oan syn bruorren en freonen. Ik haw jo net oan David yn ’e hannen spile en dochs nimme jo my no geweken oer in misstap mei dat frommes? 9God mei my wit-wat dwaan en noch helte mear, as ik no net oan David doch lykas de Hear him sward hat: 10it keningskip fan it hûs fan Saul ôfnimme en de troan fan David fêstigje oer Israel en Juda, fan Dan oant Beër-Sjêba ta. 11Doe koed er Abner gjin wurd mear antwurdzje, sa bang wied er foar him.
Abner rint oer nei David
12Abner stjoerde dêrop boaden nei David om yn syn namme te sizzen: Fan wa is it lân? En om te sizzen: Slút dochs in ferbûn mei my, dan sil ik jo helpe om hiele Israel oan jo kant te bringen. 13Hy sei: Goed. Ik sil in ferbûn mei jo slute, mar dan freegje ik ien ding fan jo: Wannear’t jo by my komme, sille jo net foar myn eagen ferskine, as jo Mikal, de dochter fan Saul, net meinimme.
14David stjoerde dêrop boaden nei Isjbosjet, de soan fan Saul, mei it boadskip: Jou my myn frou Mikal werom, dy’t ik as breid krige haw foar hûndert Filistynske foarhûden. 15Isjbosjet liet har doe by har man Paltiël, de soan fan Laïsj, weihelje. 16En har man rûn oanienwei gûlend achter har oan, oant Bachûrim ta, mar doe sei Abner tsjin him: Fuort, gean werom, en hy gong werom.
17Ek hie Abner it der oer mei de âldsten fan Israel en sei: Al lang hingje jim dernei oer om David kening oer jim te meitsjen? 18Welno, doch it dan! De Heare hat ommers fan David sein: Troch myn tsjinstfeint David sil Ik myn folk Israel ferlosse út ’e macht fan ’e Filistinen en út ’e macht fan al syn fijannen. 19Abner hie ek in fertroulik ûnderhâld mei de Benjaminiten. Dêrop gong Abner hinne en die David te Hebron yn fertrouwen alles te witten, wat Israel en it hiele folk fan Benjamin gaadlik achten. 20Doe’t Abner mei tweintich man by him, te Hebron kaam, liet David foar Abner en de mannen dy’t er by him hie, in gastmiel klearmeitsje. 21Dêrnei sei Abner tsjin David: Ik brek no mar op en dan gean ik hinne en bring hiele Israel byinoar by mynhear de kening. Hja sille dan in ferbûn mei jo slute en jo sille kening wurde oer alles wat jo hert begeart. Dêrop liet David Abner gean en hy gong yn frede fuort.
Joäb fermoardet Abner
22Krekt doe kamen Davids tsjinstfeinten mei Joäb werom fan in strooptocht en hja namen in rike bút mei. Abner wie lykwols net mear by David te Hebron, want dy hie him gean litten en hy wie yn frede fuortgien. 23Doe’t Joäb mei syn hiele leger oankommen wie, fertelden se him: Abner, de soan fan Ner, hat by de kening west. Dy hat him gean litten en hy is yn frede ôfstutsen. 24Dêrop gong Joäb nei de kening ta en sei: Wat ha jo no dien? No is Abner by jo kommen en wêrom ha jo him dochs gean litten, dat er syn wegen gean koe? 25Jo witte dochs wa’t Abner, de soan fan Ner, is! Hy is foarfêst kommen om jo der ynrinne te litten en jo dwaan en litten gewaar te wurden en op ’e hichte te kommen mei alles wat jo ûndernimme. 26Doe gong Joäb by David wei en stjoerde boaden achter Abner oan. Dy hellen him werom by de put Sira wei, sûnder dat David der wat fan wist. 27Sa kaam Abner wer te Hebron en Joäb naam him yn ’e poarte apart om ûnder fjouwer eagen mei him te praten. Dêr stiek er him yn it liif dat er it bestoar, fanwegen it bloed fan syn broer Asahel. 28Doe’t David dat letter fernaam, sei er: Ik en myn keningskip binne foar altyd ûnskuldich foar de Heare oan it bloed fan Abner, de soan fan Ner, 29mar it sil op Joäbs holle delkomme en op syn hiele famylje. Mei der yn Joäbs hûs altyd ien wêze dy’t de droper hat of melaatsk is, dy’t op krukken rint of troch it swurd omkomt, of dy’t te krap iten hat. 30Sa hawwe Joäb en syn broer Abisjai Abner ombrocht, omdat hy har broer Asahel te Gibeön yn ’e striid deade hie.
Abner begroeven
31Doe sei David tsjin Joäb en tsjin al it folk dat by him wie: Skuor jimme de klean stikken, doch sekkeguod om ’e mul en gean roukleiend foar Abner út. Kening David sels rûn achter de bier. 32Hja begroeven Abner te Hebron en de kening gûlde lûdop by it grêf fan Abner en al it folk gûlde ek.
David syn kleiliet oer Abner
33De kening song in kleiliet oer Abner. Hy sei:
Moast Abner no stjerre, as in hiel gewoane kearel?
34De hannen wienen dy net bûn
noch de fuotten yn boeiens slein.
Lykas men falt troch dogeneaten sa bisto fallen!
Doe beskriemde al it folk him nammerste mear.
35En al it folk kaam by David wylst it noch dei wie, dat er ite soe. Mar David swarde: God mei my wit-wat dwaan en noch helte mear, as ik, ear’t de sinne ûndergien is, brea of wat dan ek mar, priuw. 36Al it folk koe der ynkomme en fûn it goed sa, sa’t it folk alles dat de kening die, goed fûn. 37Dy deis begriep it hiele folk en hiele Israel, dat it net de kening syn wurk west hie, dat Abner, de soan fan Ner, deade wie.
38De kening sei tsjin syn feinten: Begripe jim wol, dat der hjoed in foarst, in grut man yn Israel fallen is? 39Ik lykwols, al bin ik as kening salve, bin no noch weak en dy mannen, de soannen fan Serûja, binne hurder as ik. Mei de Heare de kweadwaner ferjilde neffens syn kwea.