David wurdt kening oer hiele Israel
1Dêrop kamen alle stammen fan Israel by David te Hebron en se seinen: Hjir binne wy, jo eigen fleis en bloed. 2Ek foartiid, doe’t Saul noch kening oer ús wie, teagen jo der al mei Israel op út en brochten it werom. De Heare hat tsjin jo sein: Do silst myn folk Israel hoedzje en do silst foarst oer Israel wêze. 3Sadwaande kamen alle âldsten fan Israel by de kening te Hebron en kening David sleat in ferbûn mei har te Hebron foar de eagen fan de Heare en hja salven David as kening oer Israel.
4David wie tritich jier doe’t er kening waard, en fjirtich jier hat er regearre. 5Hy hat te Hebron sân jier en seis moanne oer Juda regearre en te Jeruzalem hat er trijeëntritich jier oer hiele Israel en Juda kening west.
Jeruzalem ynnommen
6De kening en syn mannen setten op Jeruzalem ta, tsjin ’e Jebûsiten, dy’t yn dy krite wennen. Dy seinen tsjin David: Jo komme der net yn, blinen en kreupelen sille jo wol op in ôfstân hâlde. Dat wie safolle te sizzen as: David komt der net yn. 7Mar David naam de berchstins Sion, dat is no de Davidsstêd. 8David hie dy deis sein: Al wa’t de Jebûsiten ferslacht en by de wettertunnel oankomt ... En dy lammen en dy blinen – David mei se net snuven hearre. Dêrom wurdt der sein: In lamme en in bline sille it hûs net ynkomme.
9David sette him yn ’e stins nei wenjen en hy neamde dy Davidsstêd. David boude oan alle kanten fersterkings, fan ’e Millo ôf en nei binnen ta. 10Sa waard David geandewei sterker en de Heare God Almachtich wie mei him. 11Doe stjoerde kening Chiram fan Tyrus gesanten nei David; hy levere sederhout en stjoerde timmerlju en stiensetters en dy bouden in paleis foar David. 12Dêr fernaam David oan dat de Heare him befestige hie as kening oer Israel en syn keningskip yn oansjen brocht hie om ’e wille fan syn folk Israel.
Davids soannen en dochters te Jeruzalem
13David naam noch mear bywiven en froulju út Jeruzalem, nei’t er dêr út Hebron oankommen wie, dat David krige noch mear soannen en dochters. 14Dit binne de nammen fan ’e bern, dy’t er te Jeruzalem krige hat: Sjammûn, Sjobab, Natan, Salomo, 15Jibchar, Elisjûa, Nêfeg, Jafia, 16Elisjama, Eljada en Elifêlet.
David ferslacht de Filistinen
17Doe’t de Filistinen hearden dat se David as kening oer Israel salve hienen, kamen se allegearre opsetten om David yn hannen te krijen. David hearde dat en gong del nei in berchstins, 18mar doe’t de Filistinen oankommen wienen, ferspraten dy har oer de delling fan ’e Refaïten. 19Doe frege David de Heare om in útspraak: Sil ik de Filistinen oanfalle? Sille Jo se oan my oerleverje? De Heare sei tsjin David: Pak se mar oan en dan sil Ik de Filistinen wis oan dy oerleverje. 20Doe’t David te Baäl-Perasim oankommen wie, fersloech er har dêr. Hy sei: De Heare is foar my út troch myn fijannen hinnebrutsen sa’t wetter trochbrekt. Dêrom neamde er dat plak: Baäl-Perasim. 21Hja lieten har ôfgodsbylden dêr achter en David en syn mannen namen dy mei.
22Mar de Filistinen kamen op ’en nij opsetten en ferspraten har wer oer de delling fan ’e Refaïten. 23David frege de Heare om in útspraak en Dy sei: Do moatst der net rjocht op tagean. Gean om har hinne en ast achter har bist en foar de balsemstrûken oer, dan moatst har oanfalle. 24Sagausto dan hearst dat der in rûzjen troch de toppen fan ’e balsemstrûken giet, meitsje dan oan, want dan giet de Heare foar dy út om it leger fan ’e Filistinen te ferslaan. 25David die krekt sa’t de Heare him hjitten hie, en hy fersloech de Filistinen fan Geba ôf oan Gêzer ta.