David wurdt kening fan Juda
1Dêrnei frege David de Heare: Sil ik nei ien fan ’e stêden fan Juda gean? En de Heare antwurde: Doch dat mar. David sei: Wêr moat ik hinnegean? Hy sei: Nei Hebron. 2Dat David teach dêrhinne mei syn beide froulju, Achinoäm út Jizreël en Abigaïl, de frou fan Nabal út Karmel. 3Ek de manlju, dy’t by him wienen, naam David mei, elkenien mei syn eigen húshâlding, en hja setten har nei wenjen yn ’e stêden fan Hebron. 4Doe kamen de mannen fan Juda en salven David dêre ta kening oer it folk fan Juda.
Doe’t David ferteld waard: De mannen fan Jabesj yn Gileäd binne it dy’t Saul begroeven ha, 5stjoerde David boaden nei de mannen fan Jabesj yn Gileäd en liet har sizze: De Heare mei jimme segenje, dat jim dizze leafdetsjinst oan Saul, jim hear, bewiisd hawwe en begraaf him. 6Mei de Heare jimme no leafde en trou bewize. Iksels sil it mei jimme goed meitsje, omdat jimme dat dien hawwe. 7Dat, hâld no moed en wês flinke keardels al is Saul, jimme hear, ek stoarn. Dy fan Juda hawwe my as kening oer har salve.
Isjbosjet kening te Machanaïm
8Mar Abner, de soan fan Ner, Sauls legeroanfierder, naam Isjbosjet, de soan fan Saul, en liet him oerstekke nei Machanaïm, 9en makke him kening oer Gileäd, oer de Asjûriten, oer Jizreël, Efraïm en Benjamin, ja oer hiele Israel. 10Isjbosjet, Sauls soan, wie fjirtich jier, doe’t er kening waard en hy regearre twa jier. Allinne it folk fan Juda stie achter David. 11De tiid dat David te Hebron kening west hat oer it folk fan Juda, wie sân jier en sels moanne.
Striid tusken Joäb en Abner
12Abner, de soan fan Ner, teach mei de feinten fan Isjbosjet, Sauls soan, út Machanaïm wei nei Gibeön. 13Joäb, de soan fan Serûja, teach mei de feinten fan David op en hja troffen inoar by de fiver fan Gibeön. Dêr bleauwen se, de iene oan ’e iene en de oare oan ’e oare kant de fiver. 14Doe sei Abner tsjin Joäb: Lit de jongfeinten opkomme, dan kinne dy in potsje foar ús fjochtsje. Joäb sei: Akkoart! 15Doe kamen se op en waarden ôfteld, tolve man fan Benjamin en Isjbosjet, Sauls soan, en tolve fan David syn feinten. 16Dêrop pakte de iene de oare by de holle beet en stiek it swurd yn ’e side fan syn tsjinstanner, dat hja foelen tagelyk. Dêrom wurdt dat plak ‘It messefjild’ neamd. It leit by Gibeön. 17It waard dy deis in tige fûle striid en Abner en de mannen fan Israel ferlearen it fan Davids mannen.
Dea fan Asahel
18No wienen dêr trije soannen fan Serûja: Joäb, Abisjai en Asahel. Asahel koe sa hurd rinne as in gazelle yn it frije fjild. 19En Asahel sette Abner achternei. Al rinnende wei wiek er rjochts noch links fan siden, achter Abner wei. 20Doe kearde Abner him om en sei: Bisto dat, Asahel? Hy sei: Ja. 21Dêrop sei Abner tsjin him: Slach fan siden ôf nei rjochts of nei links, pak ien fan ’e jongfeinten en nim dy syn wapenrissing. Asahel lykwols woe net achter him weigean. 22Mar Abner hâlde oan en sei tsjin Asahel: Gean achter my wei. Ik kin dy dochs net tsjin ’e grûn slaan? Hoe soe ik dan dyn broer Joäb wer ûnder eagen komme kinne? 23Hy wegere lykwols in oare kant út te gean. Doe stiek Abner him mei it achterein fan ’e spear yn it liif, dat de spear der fan achteren wer útkaam. Sa foel er en stoar dêr op dat stee. En allegearre dy’t by it plak kamen dêr’t Asahel fallen en stoarn wie, bleauwen stean, 24mar Joäb en Abisjai jagen achter Abner oan.
Ein fan ’e striid
Doe’t de sinne ûndergong, wienen se by de hichte fan Amma oankommen, dy’t east fan Giäch leit, oan ’e wei nei de woestyn fan Gibeön. 25De Benjaminiten kamen wer byinoar achter Abner, foarmen ien kloft en stelden har op de top fan ’e heuvel op. 26Doe rôp Abner nei Joäb: Moat it swurd dan altyd troch ferdylgje? Hast net foar it ferstân dat hjir ferbittering achterwei komt? Wannear silst tsjin it folk sizze, dat se weromkeare moatte, achter har bruorren wei? 27En Joäb sei: Sa wier as God libbet, hie dat mar earder sein, dan wie it folk der fan ’e moarn al mei ophâlden elkoar achternei te sitten. 28Doe blies Joäb op ’e hoarn en al it folk bleau stean en jage net mear achter Israel oan en hja fochten net langer.
29Doe reizgen Abner en syn mannen dy hiele nacht troch yn ’e Jordaandelling. Hja stieken de Jordaan oer, gongen de hiele djippe berchkleau troch en kamen te Machanaïm oan. 30Joäb gong ek werom, achter Abner wei. Doe’t er it folk wer byinoarhelle hie, misten se fan Davids mannen njoggentjin man en Asahel. 31Mar Davids mannen hienen sa húshâlden ûnder Benjamin, dat der fan Abners mannen trijehûndert sechstich stoarn wienen. 32Doe namen se Asahel op en begroeven him yn syn heite grêf te Betlehem. Dêrop rûnen Joäb en syn mannen de hiele nacht troch, en doe’t it ljocht waard, wienen se te Hebron.