Absalom ferslein en deade
1Doe meunstere David it folk dat by him wie en hy stelde kommandanten fan tûzen en fan hûndert oer har oan. 2In tredde part fan it folk sette David ûnder Joäb, in tredde part ûnder Abisjai, de soan fan Serûja, de broer fan Joäb, en in tredde part ûnder Ittai, de Gattyt. De kening sei tsjin it folk: Ik wol sels ek perfoarst mei jimme de striid yn. 3Mar it folk sei: Jo moatte net mei ús derop út, want as wy alris op ’e flecht gean moasten, dan soenen se har om ús net drok meitsje. Sels al soe de heite fan ús stjerre, se soenen der har net drok om meitsje. Jo lykwols binne likefolle wurdich as tsientûzen fan ús. Dat it is better, dat jo yn ’e stêd bliuwe om ús helpe te kinnen. 4De kening sei tsjin har: Ik sil dwaan wat jimme goed taliket. Doe gong de kening oan ’e sydkant fan ’e poarte stean en alle folk gong der út, yn ôfdielingen fan hûndert en fan tûzen. 5En de kening droech Joäb, Abisjai en Ittai op: Wês my foaral net te wreed oer de jonge, oer Absalom. Alle folk harke mei, doe’t de kening oan alle kommandanten dat befel oangeande Absalom joech.
6It folk triek it fjild yn, Israel yn ’e mjitte en de striid gong oan yn ’e bosk fan Efraïm. 7En it folk fan Israel waard dêr troch Davids mannen ferslein, dat it waard dêr dy deis in grutte slachting fan 20.000 man. 8De striid wreide him út oer de hiele omkrite en de bosk makke dy deis mear slachtoffers ûnder it folk, as it swurd.
9Davids mannen troffen Absalom ek oan. No ried Absalom op in mûlezel en doe’t dy mûlezel ûnder de tichte tûken fan in grutte terebint trochrûn, rekke Absalom mei de holle fêst yn dy terebint. Mei’t de mûlezel dêr’t er op siet, trochrûn, kaam er tusken himel en ierde te hingjen. 10In man seach it en fertelde it oan Joäb. Hy sei: Sjoch, ik haw Absalom yn in terebint hingjen sjoen. 11Mar Joäb sei tsjin ’e man, dy’t him dat fertelde: Ast him sjoen hast, wêrom hast him dan net tsjin ’e grûn slein? Fan myn kant hie ik dy dan tsien sulverstikken en in mulriem jûn. 12De man sei lykwols tsjin Joäb: Al woegen se my tûzen sulverstikken op ’e hân, dan noch soe ik de hannen net útstekke nei de soan fan ’e kening. Wy hawwe der ommers sels by west doe’t de kening jo, Abisjai en Ittai opdroech: Sparje my de jonge, Absalom! 13En, as ik him op in gemiene wize it libben benommen hie, dan soe de hiele saak dochs net foar de kening stil bleaun wêze. En dan hienen jo jo der wol bûten hâlden. 14Joäb sei: Ik haw gjin tiid om hjir mei dy oer te tsieren. Hy naam trije spearen yn ’e hân en stiek dy Absalom yn it hert, wylst er noch libben midden yn ’e terebint hong. 15En tsien jongfeinten, wapendragers fan Joäb, gongen om him hinne stean en makken Absalom ôf. 16Dêrop blies Joäb op ’e rammehoarn en it folk kearde werom fan it achternei-jeien fan ’e Israeliten, want Joäb woe it folk sparje.
Absalom begroeven
17Hja namen Absalom, smieten him yn in grutte kûle yn ’e bosk en steapelen in grutte stienbult op him. Mar alle Israeliten naaiden út, in elk nei syn tinte. 18No hie Absalom by syn libben in tinkstien foar himsels oprjochte, dy’t yn ’e keningsdelling stiet. Want hy sei: Ik haw gjin soan om myn namme yn oantinken te hâlden, dat hy hie dy tinkstien nei himsels neamd. En dy wurdt oant hjoed-de-dei ta neamd: Absaloms monumint.
Hoe’t David berjocht krige
19Achimaäs, de soan fan Sadok sei: Lit my nei de kening ta drave om him it goede boadskip te bringen, dat de Heare him rjocht dien hat tsjin syn fijannen. 20Mar Joäb sei tsjin him: Do kinst hjoed gjin boade wêze. In oare kear silsto ris boadskip oerbringe. Do meist no it boadskip net oerbringe, omdat de soan fan ’e kening dea is. 21Dêrop sei Joäb tsjin in Etiopiër: Gean hinne, fertel de kening watst sjoen hast. De Etiopiër bûgde him foar Joäb en draafde fuort. 22Mar Achimaäs, de soan fan Sadok, begûn der nochris oer. Hy sei tsjin Joäb: Hoe’t it ek wêze mei, lit my ek achter dy Etiopiër oandrave. Joäb sei: Wêrom soesto it dwaan, myn jonge? Hast dochs gjin boadskip dat wat opsmyt. 23Hy sei: Hoe’t it ek wêze mei: Ik draaf dêrhinne. Hy sei tsjin him: Toe dan mar. Doe draafde Achimaäs fuort en naam de wei troch de Jordaanstreek, dat hy kaam de Etiopiër foar.
24David siet tusken de beide poarten en in wacht gong nei it poartedak, nei de muorre. En doe’t er opseach, seach er dat der ien allinne oandraven kaam. 25De wacht fertelde dat mei lûde stim oan ’e kening. De kening sei: As er allinne is, hat er nijs. Undertusken kaam er hieltyd tichterby. 26Dêrnei seach de wacht noch in oarenien rinnen. En de wachter rôp nei de portier: Sjoch, dêr komt noch in man allinne oanrinnen. De kening sei: Dan is dat ek in boade. 27De wachter sei: Oan it rinnen te sjen is de foarste Achimaäs, de soan fan Sadok. De kening sei: Dat is in goed man; dy komt mei goed berjocht. 28Achimaäs rôp de kening ta: Frede! En hy bûgde him foar de kening mei it gesicht op ’e grûn. Hy sei: Heech te priizjen is de Heare, jo God, dy’t mei de mannen dy’t it tsjin mynhear de kening yn ’e kant set hienen, ôfrekkene hat. 29Mar de kening sei: Is it goed mei de jonge, mei Absalom? Achimaäs sei: Ik seach in grutte opskuor, doe’t jo tsjinstfeint Joäb, my, jo tsjinstfeint, fuortstjoerde, mar ik wit net wat it krekt wie. 30De kening sei: Gean oan ’e kant en stel dy hjir op. Dat hy gong oan ’e kant en bleau stean. 31En dêr wie de Etiopiër ek al. Dy sei: Mynhear de kening mei it berjocht hawwe, dat de Heare jo hjoed rjocht dien hat tsjin allegearre dy’t tsjin jo opstien binne. 32Mar de kening sei tsjin ’e Etiopiër: Is it goed mei de jonge, mei Absalom? De Etiopiër sei: Mocht it de fijannen fan mynhear de kening en allegearre dy’t kwea tsjin jo yn it sin hawwe, mar sa fergean as dy jongfeint.