1Achitofel sei tsjin Absalom: Lit my no tolve tûzen man útsykje, dan meitsje ik my klear en jei fannacht achter David oan. 2Ik sil him dan oer it mad komme, wylst er wurch en delslein is. Dan jei ik him de skrik op it liif en alle folk dat by him is, sil útnaaie en de kening allinne sil ik delslaan. 3Sa bring ik dan it hiele folk by jo werom, want it weromkommen fan allegearre leit oan de iene man dy’t jo sykje. En dan sil it hiele folk yn wêzen bliuwe. 4Dat like Absalom en alle âldsten fan Israel skoan ta.
Chûsai’s ried oannommen
5Mar Absalom sei: Rop no Chûsai de Arkyt ek ris en lit ús hearre wat hy te sizzen hat. 6Doe’t Chûsai by Absalom kaam, sei dy tsjin him: Sa en sa hat Achitofel sein. Moatte wy dwaan wat er seit? En sa net, sis jo it dan. 7Chûsai sei tsjin Absalom: Dizze iene kear is de rie dy’t Achitofel jûn hat, net goed. 8En Chûsai gong fierder: Jo witte sels wol, dat jim heit en syn mannen helden binne, grimmitich as in wylde bear, dy’t de jongen ôfnommen binne. En jim heit is in betûft kriichsman, dat hy sil de nacht net by syn folk trochbringe. 9Hy hat him no wis ferskûle yn ien fan ’e hoalen of skûlplakken. As er jo leger yn it begjin al oerfalt, sil elk dy’t it heart, tinke dat it folk dat it mei Absalom hâldt, gâns in tebekset hân hat. 10En sels in dapper man mei in liuwehert, soe de moed yn ’e skuon sakje. Hiele Israel wit ommers wol dat jim heit in held is en dat der dappere keardels by him binne. 11Dat ik ried: Fersammelje it hiele, foltallige Israel by jo, fan Dan oan Beër-Sjêba ta, sa machtich as de sânkerrels by de see. En jo moatte sels yn eigen persoan meigean yn ’e striid. 12Dan falle wy him oan wêr’t er mar fûn wurdt, en wy strike op him del sa’t de dauwe oer de ierde falt. Fan him en alle mannen dy’t er by him hat, bliuwt dan net ien oer. 13En mocht er yn in stêd ûntwyk socht hawwe, dan tôgje alle Israeliten touwen nei dy stêd ta en dan slepe wy de stêd nei de beek, dat der gjin stien mear oerbliuwt.
14Doe seinen Absalom en alleman fan Israel: De ried van Chûsai, de Arkyt is better as dy fan Achitofel. Want de Heare hie it sa beskikt, dat de ferstannige ried fan Achitofel yn ’e wyn slein waard, omdat de Heare fan doel wie ûnheil oer Absalom te bringen.
It berjocht wurdt David brocht
15Doe sei Chûsai tsjin ’e prysters Sadok en Abjatar: Sa en sa hat Achitofel Absalom en de âldsten fan Israel oanret, mar sa en sa haw ik him ret. 16Dat stjoer no gau berjocht nei David en sis: Bliuw de nacht net oer by de oergongen nei de woestyn, mar stek yn alle gefallen de Jordaan oer. Oars soe de kening en alle folk by him ferneatige wurde kinne. 17Jonatan en Achimaäs hâlden har op by de welle Rogel en in slavin brocht berjochten nei har ta. Hja koenen dy wer trochjaan oan kening David. Want se koenen net yn ’e stêd komme, omdat se dan sjoen wurde soenen. 18Dochs seach in jongfeint har en dy fertelde it oan Absalom. Mar dy beide makken gau dat se fuort kamen. Hja kamen by it hûs fan in man yn Bachûrim. Dy hie in put op syn hiem en dêr lieten se har yn sakje. 19De frou naam in kleed en tearde dat iepen oer de put, en struide dêr nôtkerrels oer. Dat der wie neat mear fan te sjen. 20Doe’t de feinten fan Absalom by de frou oan hûs kamen, fregen se: Wêr binne Achimaäs en Jonatan? De frou sei tsjin har: Se binne oer de beek gien. Dat hja sochten, mar fûnen neat en gongen werom nei Jeruzalem.
David oer de Jordaan
21Neidat de feinten fuort wienen, kamen se út ’e put en brochten it boadskip by kening David. Hja seinen tsjin David: Meitsje jo klear en sjoch dat jo oer it wetter komme, want sa en sa hat Achitofel oanret om tsjin jim te dwaan.
22Dat David en al it folk by him makken har klear en stieken de Jordaan oer. Doe’t de dage oan ’e loft wie, miste der net ien. Hja wienen allegearre de Jordaan oerstutsen.
Achitofel docht himsels tekoart
23Doe’t Achitofel seach dat syn ried net op folge waard, seale er syn ezel en reizge nei syn hûs yn syn wenplak. Hy regele syn saken en doe hong er him op, sa stoar er en hy waard begroeven ynsyn heite grêf.
David te Machanaïm
24Doe’t David te Machanaïm oankaam, stiek Absalom mei alle man fan Israel by him de Jordaan oer. 25Absalom hie Amasa oer it leger steld yn Joäbs plak. No wie Amasa de soan fan in man by namme Jitra, in Ismaelyt, dy’t omslein hie mei Abigal, dochter fan Nachasj, suster fan Serûja, de mem fan Joäb. 26Israel en Absalom sloegen har kamp op yn it lân Gileäd.
27Doe’t David te Machanaïm oankommen wie, kamen Soby, de soan fan Nachasj út Rabba fan ’e Ammoniten, Makir, de soan fan Ammiël út Lodebar en Barzillai, de Gileädyt út Rogelim, 28mei bêdeguod, skûtels, diggelguod en mei weet, koarn, moal, roastere nôt, beane, reade earte, 29hunich, bûter, skiep en mestkeallen, om te iten, want se seinen: It folk sil wol honger ha en wurch en toarstich wêze yn ’e woestyn.