1Doe waard de kening tige oerstjoer en hy gong nei de opkeamer fan ’e poarte. Hy gûlde en ûnder it rinnen sei er: Myn soan Absalom, myn soan, myn soan Absalom, och wie ik mar foar dy yn it plak stoarn! Absalom, myn soan, myn soan!
Joäb hellet David der wer by
2Hja fertelden Joäb: De kening skriemt, want hy rouwet oer Absalom. 3Dat it hiele folk belibbe dy deis de oerwinning as rou, want der wie fuort al gewach fan kommen, dat de kening fol fertriet wie oer syn soan. 4En al it folk glûpte dy deis temûk de stêd yn, krekt sa as lju temûk deryn glûpe dy’t beskamme binne om’t se yn ’e striid útnaaid binne.
5De kening hie syn gesicht omwuolle en raasde it út: Myn soan Absalom, Absalom myn soan, myn soan! 6Mar Joäb kaam by de kening yn ’e hûs en sei: Jo meitsje no al jo tsjinstfeinten beskamme, dy’t hjoed sawol jo eigen libben as it libben fan jo soannen en dochters en fan jo froulju en byfroulju rêden hawwe, 7troch leaf te hawwen dy’t jo haatsje en te haatsjen dy’t jo leafhawwe. Want it docht hjoed wol bliken dat jo offisieren en soldaten by jo net yn tel binne. Ja, ik haw no wol foar it ferstân: as Absalom mar yn libben bleaun wie, dan hie it jo neat skele kinnen, as wy hjoed allegearre dea west hienen. 8Mar kom no oerein, gean nei bûten en sprek fan hert ta hert mei jo mannen. Want ik doar der in eed op te dwaan by de Heare, dat as jo net nei bûten komme, dat der dan fannacht net ien by jo bliuwt en dy ramp soe grutter wêze as alle oare rampen dy’t sûnt jo feintejierren oant no ta oer jo kommen binne. 9Doe kaam de kening oerein en gong yn ’e poarte sitten. En se fertelden oan elkenien: Sjoch, de kening sit yn ’e poarte. Doe ferskynde it hiele folk foar de kening.
Mar Israel wie útnaaid, in elk nei syn tinte.
Davids weromkommen taret
10Doe begûn it hiele folk, yn alle stammen fan Israel te tsieren. Hja seinen: De kening hat ús út ’e macht fan ús fijannen ferlost; hy hat ús frij makke fan ’e macht fan ’e Filistinen en no is er om Absalom it lân útflechte. 11Mar no is Absalom, dy’t wy oer ús salve hienen, yn ’e striid sneuvele. No dan, wêrom driigje jimme der tsjin oan om de kening werom te heljen? 12En kening David stjoerde berjocht nei de prysters Sadok en Abjatar en sei: Praat ris mei de âldsten fan Juda en sis: Wêrom soenen jimme de lêsten wêze om de kening nei syn hûs werom te heljen? – Dat hiele Israel der sa oer prate, wie de kening en syn hûs bekend wurden –. 13Myn bruorren binne jimme. Jim binne myn fleis en bloed, dat wêrom soenen jimme de lêsten wêze om de kening werom te heljen? 14En sis tsjin Amasa: Jo binne ommers myn fleis en bloed. Sa mei God my dwaan en noch helte slimmer, mar jo sille foar altyd legerkommandant yn myn tsjinst wêze yn Joäb syn plak. 15Sa helle er alleman fan Juda sûnder útsûndering oer en dy stjoerden it boadskip nei de kening: Kom werom, jo en al jo tsjinstfeinten.
David giet werom. Sjimy
16Doe gong de kening werom en hy kaam by de Jordaan. Juda wie al te Gilgal oankommen om de kening yn ’e mjitte te gean en him oer de Jordaan te heljen. 17Sjimy, de soan fan Geara, de Benjaminyt fan Bachûrim, wie der gau by; hy wie delkommen tagelyk mei de mannen fan Juda, kening David yn ’e mjitte. 18Hy hie tûzen man út Benjamin by him, ûnder wa ek Siba, de feint fan Sauls hûs, dy’t fyftjin soannen en tweintich slaven by him hie. Hja gongen lyk foar de kening oer de Jordaan yn 19en stieken op it oerstekplak oer om de kening en syn húsgesin oer te heljen en him fan tsjinst te wêzen. Sjimy, de soan fan Geara, foel foar de kening del, krekt doe’t er de Jordaan oerstekke soe. 20Hy sei tsjin ’e kening: Lit mynhear de kening my dochs gjin skuld oanrekkenje en tink net mear oan wat jo tsjinstfeint ferkeard dien hat, de deis dat mynhear de kening út Jeruzalem gong. Lit mynhear de kening dat no net mear achtslaan. 21Jo tsjinstfeint wit wier wol, dat er mis west hat. Mar sjoch, ik bin hjoed as earste fan de hiele stam fan Joazef delkommen, mynhear de kening yn ’e mjitte. 22Abisjai, de soan fan Serûja naam doe it wurd en sei: Sjimy moat dêr dochs fêst foar stjerre? Hy hat ommers de salvling fan ’e Heare ferflokt? 23Mar David sei: Wat haw ik mei jimme te meitsjen, soannen fan Serûja, dat jimme hjoed myn tsjinstanners wêze soenen? Soe der sa’n dei ien yn Israel deade wurde? Ik belibje it ommers hjoed, dat ik wer kening oer Israel bin. 24En de kening sei tsjin Sjimy: Jo sille net stjerre. De kening sei it him mei in eed ta.
Mefibosjet
25Mefibosjet, Sauls soan, kaam ek del, de kening yn ’e mjitte. Hy hie de fuotten net dien, it burd net fersoarge en de klean net wosken sûnt de deis dat de kening fuortgien wie oant de dei dat er sûn en goed weromkaam. 26Doe’t er út Jeruzalem wei de kening yn ’e mjitte kaam, sei de kening tsjin him: Wêrom wienen jo net mei my gien, Mefibosjet? 27Hy sei: Mynhear de kening, myn feint hat my bedragen. Want jo tsjinstfeint wie fan doel de ezel te sealjen en sa mei te riden. Dan wie ik mei de kening gien. Jo tsjinstfeint is ommers ferlamme. 28Mar hy hat jo tsjinstfeint swart makke by mynhear de kening. Mynhear de kening lykwols is as de ingel fan God. Doch mar sa’t it jo goedtinkt. 29Us heite hiele hûs wie ommers foar mynhear de kening oars net as manlju dy’t foar de dea opskreaun wienen, en dochs hawwe jo jo tsjinstfeint in plak jûn ûnder harren dy’t by jo oan tafel ite. Dat watfoar rjocht soe ik jilde litte kinne en berop my op ’e nij op ’e kening?
30– De kening sei tsjin him: Wêrta noch mear wurden? Ik haw al in beslút nommen. Jo en Siba diele it lân. 31Mefibosjet sei tsjin ’e kening: Hy mei alles ek wol nimme, no’t mynhear de kening behâlden thúskommen is.
Barzillai
32Ek Barzillai, de Gileädyt kaam del út Rogelim en stiek mei de kening de Jordaan oer om dêr by de Jordaan dan ôfskied fan him te nimmen. 33Barzillai wie tige âld: al tachtich jier. Hy hie foar de kening soarge doe’t dy yn Machanaïm tahâlde, want it wie in tige begoedige man. 34De kening sei tsjin Barzillai: Jo moasten mei my oerstekke, dan sil ik by my te Jeruzalem foar jo soargje. 35Mar Barzillai sei tsjin ’e kening: Hoefolle tiid fan libjen soe ik noch ha, dat ik mei de kening nei Jeruzalem gean soe? 36Ik bin no al tachtich jier. Soe ik noch wenne kinne oan foarmen en manieren? Soe jo tsjinstfeint noch om lekker iten of drinken jaan? Of soe ik noch nei it lûd fan sjongers en sjongsters harkje? Wêrom soe jo tsjinstfeint mynhear de kening noch ta lêst wêze? 37Jo tsjinstfeint bringt de kening allinne mar oer de Jordaan. Wêrom soe de kening my dêrfoar sa oermjitte beleanje? 38Lit jo tsjinstfeint dochs weromgean, dat ik stjerre kin yn myn eigen stêd, by it grêf fan ús heit en mem. Mar hjir is jo tsjinstfeint Kimham, dy sil mei mynhear de kening fierder gean. Doch mei him sa’t it jo goedtinkt. 39Doe sei de kening: Kimham sil fierder mei my gean en ik sil oan him dwaan wat jo goedtinkt. Alles wat jo fan my winskje, sil ik foar jo dwaan.
40Sa stiek alle folk de Jordaan oer en de kening ek. De kening tute Barzillai en segene him. Dêrop gong dy nei syn wenplak werom.
Rûzje tusken Juda en Israel
41De kening gong fierder nei Gilgal en Kimham gong mei him. No hie it hiele folk fan Juda en ek de helte fan it folk fan Israel de kening oerhelle. 42Mar doe kamen alle manlju fan Israel by de kening en seinen tsjin him: Wêrom hawwe ús bruorren, de soannen fan Juda, jo stellen en wêrom hawwe se de kening en syn húsgesin en alle mannen fan David mei him, oer de Jordaan helle? 43De mannen fan Juda antwurden de mannen fan Israel: Omdat de kening nei oan ús besibbe is. Wêrom binne jimme dêr lilk om? Hawwe wy soms fan ’e kening iten? Of hawwe wy der faaks sels foardiel fan hân? 44De mannen fan Israel lykwols antwurden de mannen fan Juda: Wy hawwe tsien parten oan ’e kening. En wy betsjutte ek mear foar David as jimme. Wêrom ha jim ús dan net foar fol oansjoen? Hawwe wy it der net earst oer hân om ús kening werom te heljen? Mar de mannen fan Juda koenen de mannen fan Israel mei de mûle wol oer.