2 Korintiërs 13
Lêste warskôgings en groetnissen
1Dit wurdt dan de tredde kears dat ik nei jimme ta gean. Op it wurd fan twa of trije getugen sil elke saak fêst stean. 2Ik haw it yn it foar al sein, doe’t ik foar de twadde kear by jimme wie, en ik sis it no ek yn it foar, wylst ik noch net by jimme bin, tsjin harren dy’t eartiids sûndige hawwe en tsjin alle oaren: As ik kom, sil ik net ien wer sparje. 3Jimme wolle ommers in bewiis hawwe, dat Kristus troch my sprekt? Hy is foar jimme oer net swak, mar sterk ûnder jimme. 4Hy is wol krusige út swakkens, mar Hy libbet no út ’e krêft fan God. Wy binne wol swak mei Him, mar wy sille libje mei Him út ’e krêft fan God en jimme sille dat fernimme. 5Undersykje jimme sels, oft jim wol oan it leauwen fêsthâlde. Hifkje jimme sels. Of binne jimme der net wis fan, dat Jezus Kristus yn jimme is? Sa net, dan binne jimme ûnbrûkber. 6Mar ik hoopje, jimme sille ynsjen, dat wy wol foargoed betroud binne.
7Wy bidde God, dat jimme gjin inkeld kwea dwaan sille, net om blike te litten dat wy betroud binne, mar dat jimme it goede dwaan meie, al soenen wy dan ûnbetroud lykje. 8Wy kinne ommers neat tsjin de wierheid begjinne, mar wol foar de wierheid. 9Want wy binne bliid as wysels swak binne, as jimme dan mar sterk binne. Dêr binne wy freegjende om, dat it mei jimme alhielendal goed komt. 10Dat is de reden, dat ik jimme dit skriuw wylst ik noch net by jimme bin, dat ik, as ik strak al by jimme bin, net mei strangens te wurk hoech te gean neffens de macht dy’t de Hear my jûn hat, de macht, net om ôf te brekken mar om op te bouwen.
11Fierders, bruorren, wês bliid, lit alles wer goed komme mei jimme, lit jim fermoanje, wês ienriedich, hâld frede. Dan sil de God dy’t leafde en frede jout, mei jimme wêze. 12Groetsje inoar mei de fredegroet. Alle mei-kristenen dogge jimme de groetenis.
13De genede fan de Hear Jezus Kristus, de leafde fan God en de mienskip fan ’e hillige Geast wês mei jim allegearre.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap