Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus – in apostel, net yn opdracht fan minsken en likemin troch tadwaan fan in minske, mar troch Jezus Kristus en troch God de Heit, dy’t Him út ’e dea opwekke hat – 2en fan alle bruorren dy’t by him binne, oan ’e gemeenten fan Galatië.
3Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God de Heit en fan de Hear Jezus Kristus. 4Hy hat Himsels foar de sûnden offere om ús út ’e besteande ferkearde wrâld te ferlossen. Dat wie de wil fan ús God en Heit. 5Him mei de eare wêze yn alle ivichheid! Amen.
Der is gjin oar bliid boadskip
6Ik besau my oer jimme. Amper hat God yn genede jimme roppen, of jimme falle al fan Him ôf nei in oar bliid boadskip. 7Der bestiet lykwols gjin oar bliid boadskip! Allinne binne der guon dy’t besykje jimme yn ûnstjoer te bringen en dy’t derop út binne om it bliid boadskip oer Kristus ûnderstboppe te kearen. 8Mar ek al soenen wysels, of in ingel út ’e himel in bliid boadskip bringe dat oars is as wat wy jimme brocht hawwe: de flok oer him.
9Wy hawwe it al earder sein en ik sis it no nochris: as ien jimme in bliid boadskip bringt dat oars is as wat jimme oannommen hawwe: de flok oer him. 10Sykje ik dan no de geunst fan minsken of dy fan God? Of besykje ik minsken op ’e lije side oan te kommen? As ik dat no noch besocht, soe ik gjin tsjinstfeint fan Kristus wêze.
Hoe’t Paulus apostel wurden is
11Ik doch jimme te witten, bruorren, dat it bliid boadskip dat ik brocht haw, net troch minsken optocht is. 12Want ik haw it sels ek net krige of leard fan in minske, mar Jezus Kristus hat it my iepenbiere.
13Jimme hawwe wol heard fan myn hâlden en dragen doe’t ik my noch hâlde oan ’e Joadske godstsjinst: Op ’en fûlsten haw ik de tsjerke fan God ferfolge en besocht dy út te roegjen. 14Yn it stik fan ’e Joadske godstsjinst wûn ik it fan gâns lânslju fan myn jierren, want ik stried út alle macht foar de oerleverings fan myn foarâlden. 15Mar God hie my al útkeazen ear’t ik op ’e wrâld kommen wie, en my roppen yn syn genede. 16Hy besleat om syn Soan oan my te iepenbierjen. Want ik moast it bliid boadskip oer Him oan ’e heidenen bringe. Doe haw ik fuortynienen gjin minsken fan fleis en bloed rieplachte 17en ik bin net opgien nei Jeruzalem, nei har dy’t al foar my apostels wienen, mar ik bin ôfreizge nei Arabië en dêrnei wer nei Damaskus weromgien.
18Dêrnei, trije jier letter, bin ik opgien nei Jeruzalem om mei Kefas yn ’e kunde te kommen. Fjirtjin dagen bin ik by him bleaun. 19In oaren-ien fan ’e apostels haw ik lykwols net troffen, mar wol Jakobus, de broer fan de Hear. 20Wat ik jimme no skriuw, by God, dat leagenje ik net.
21Dêrnei bin ik nei de kontreien fan Syrië en Cilicië gien. 22De kristengemeenten yn Judéa koenen my net fan oansjen. 23Se hearden allinnich fertellen: De man dy’t ús ienris ferfolge, bringt no it bliid boadskip fan it leauwen, dat er eartiids besocht út te roegjen, 24en se loven God om my.