Fizioenen en iepenbierings
1Ik moat wol opsprekke, net dat it wat jout, dochs sil ik komme op fizioenen en iepenbierings fan de Hear. 2Ik wit fan in kristenminske, fjirtjin jier lyn – oft it yn ’t lichem wie of bûten it lichem, dat wit ik net, God wit it – dat sa’n ien hjir weihelle is oant yn ’e tredde himel. 3En ik wit fan sa’n man – oft it yn ’t lichem wie of bûten it lichem, dat wit ik net, God wit it – 4dat er hjir weihelle wie nei it paradys en dêr dingen heard hat, dy’t har net yn wurden sizze litte en dy’t gjin minske útsprekke mei. 5Op sa’n ien sil ik grutgean, mar net op mysels, of it moast wêze op myn swakheden. 6As ik al opsprekke woe, ik soe gjin ûnferstân wêze, want ik soe de wierheid sizze. Mar ik lit it; ik wol net dat immen my heger hat as wat er fan my sjocht of heart, 7al wienen dy iepenbierings noch sa bûtenwenstich. Dêrom, dat ik my nearne op foarstean litte soe, is my in stikel yn it lichem stutsen, in satansboade, om my mei fûsten te slaan. 8Trije kear haw ik dêr de Hear oer bidden, dat dy satansboade my gewurde litte soe. 9Mar Hy hat my antwurde: Myn genede is alles dêrst ferlet fan hast, want krêft komt earst goed út yn swakkens. It allerleafst sil ik dan ek grut gean op myn swakheden, dat de krêft fan Kristus yn my wenje mei. 10Dêrom draach ik mei alle wille swakheden, misledigingen, need, ferfolging en benearing om Kristus’ wil. Want as ik swak bin, dan krekt bin ik sterk.
Paulus syn plan foar de gemeente fan Korinte
11No bin ik in ûnferstân wurden. Jimme hawwe my dêrta twongen. Want jimme hienen foar my opkomme moatten. Ik haw ommers neat minder west as dy baas-apostels, al bin ik neat. 12De merktekens fan in apostel haw ik sjen litten yn myn wurk ûnder jimme mei alle geduld, mei tekens, wûnders en krêften. 13Want wêr binne jimme yn achterútset by de oare gemeenten, behalven dan dêryn, dat ik sels net op jimme kosten libbe haw? Ferjou my dat ûnrjocht mar.
14Sjoch, dit is de tredde kears dat ik klear stean om nei jimme ta te gean en ik sil wer net op jimme kosten libje. Want it is my net om jimme jild te rêden, mar om jim sels. Bern hoege ommers net foar de heit en mem te garjen, mar âlden foar de bern. 15Wat my oangiet, ik sil mei alle wille offers bringe, ja mysels opofferje foar jimme. As ik al mear fan jimme hâld as fan oaren, hâlde jimme dan minder fan my?
16Lit it sa wêze, ik haw jimme net ta lêst west, mar ik haw jimme mei snoadens fongen, sizze jimme, as in fyn ynlein man. 17Haw ik jimme dan útrûpele troch ien fan harren dy’t ik nei jimme tastjoerd haw? 18Ik haw Titus frege om te gean en dy oare broer meistjoerd. Hat Titus jimme dan faaks útrûpele? Hawwe wy net yn deselde geast hannele? Geane wy net yn deselde fuotstappen?
19Al lang miene jimme, dat wy dwaande binne ússels by jimme skjin te praten. Mar wy sprekke foar it antlit fan God yn mienskip mei Kristus. En dat is allegearre, beminden, om jimme fierder te helpen. 20Want ik haw noed, dat ik jimme, as ik kom, faaks net sa oantreffe sil as ik graach wol, en dat jimme my befine sille sa’t jimme net graach wolle; ik sit deroer yn, dat der rûzje, oergeunst, hjitte hollen, selssucht, laster, rabberij, heechmoed en roerichheden wêze sille. 21Ik haw noed dat myn God my, as ik kom, wer fernederje sil by jimme en dat ik rouje moat oer safolle minsken dy’t eartiids yn ’e sûnde libbe hawwe en noch gjin spyt hawwe oer har ûnreinens, huorkerij en ûnberoaidens.