Paulus en de sabeare-apostels
1Ik woe wol, dat jimme in bytsje ûnferstân fan my ferneare koenen. Mar dat dogge jimme ek wol. 2Dat ik sa myn bêst foar jimme doch, komt fan God. Ik haw jimme oan ien man fersein om jimme as in reine breid ta Kristus te bringen. 3Mar ik haw noed, dat jimme sinnen faaks ôfbrocht wurde fan ’e ienfâldige trou oan Kristus, lykas de slange mei syn glûpskens Eva ferlaat hat. 4As de earste de bêste in oare Kristus ferkundiget as dy’t wy ferkundige hawwe, of jimme in oare geast ûntfange as dy’t jimme ûntfongen hawwe, of in oar bliid boadskip as dat jimme oannommen hawwe, dan litte jimme dat samar gewurde. 5Dochs mien ik, dat ik dy baas-apostels skoan belykje kin. 6Al bin ik in ûnbeleard sprekker, yn kennisse stean ik myn man. Dat hawwe wy jimme oer alle boegen, yn allerhanne kwestjes ek wol dúdlik makke.
7Ik haw mysels fernedere om jimme te ferheegjen; ik haw jim it bliid boadskip fan God foar neat ferkundige. Haw ik dêr ferkeard oan dien? 8Oare gemeenten haw ik útrûpele en fan har fergoeding oannommen om jimme te helpen. 9En doe’t ik by jimme wie en ferlet fan jild krige, haw ik nimmen ta lêst west. Want wat ik te min hie, hawwe de bruorren dy’t út Masedoanië kamen, oanfolle. En ik haw my der yn alles foar te wacht nommen om jimme ta lêst te wêzen, en sa sil ik tenei ek dwaan. 10Sa wier as de wierheid fan Kristus yn my is, hjir gean ik grut op en ik sil my yn ’e kontreien fan Achaje dat net ûntnaderje litte. 11Wêrom net? Om’t ik jimme net leaf haw? God wit dat wol better. 12Dat doch ik al. En ik sil der mei trochgean, om har dy’t wat tsjin my sykje gjin kâns te jaan om it tsjin ús hâlde te kinnen yn it stik dêr’t se fan opsprekke. 13Sabeare-apostels binne sokken, ûnearlike arbeiders, dy’t har foardogge as apostels fan Kristus. 14En gjin niget: de satan sels docht him foar as in ingel fan it ljocht. 15Dan is it neat net frjemd, as ek syn tsjinners har foardogge as tsjinners fan ’e gerjochtichheid. Mar har ein sil wêze neffens har dieden.
Paulus syn lijen as apostel
16Ik sis nochris: Lit gjinien my hâlde foar in ûnferstân; of oars, nim my mar oan as in dwaas. Lit my dan ek mar ris in bytsje grut dwaan. 17Wat ik sis, sis ik net yn opdracht fan de Hear, mar as yn ûnferstân, no’t ik der wis fan bin, dat ik grutdwaan mei. 18Om’t safolle minsken grut geane op uterlike dingen, sil ik ek mar ris grut dwaan. 19De ûnferstannigen ferdrage jimme mei alle wille. Jimme binne sels ommers sa ferstannich! 20Want jimme ferdrage it, dat immen jimme jim frijheid ûntnadert, op jimme bûse tart, jim goed nimt, jimme út ’e hichte behannelt en jimme foar de holle slacht. 21Ta myn skande moat ik tajaan: Dêr wienen wy te swak ta. En dochs: as immen wat oandoar – ik sprek yn ûnferstân – dan doar ik it ek. 22Hebreeërs binne se? Ik ek! Israeliten binne se? Ik ek! Neiteam fan Abraham binne se? Ik ek! 23Tsjinners fan Kristus binne se? – myn praat is healwiis – Ik noch méár. Ik haw hurder skrept, faker fêst sitten, ik bin helte mear slein, ik wie wit-hoe-faak yn libbensgefaar. 24Fan ’e Joaden haw ik fiif kear de op-ien-nei-fjirtich slaggen krige. 25Trije kear bin ik mei roeden slein, ien kear bin ik stiennige. Trije kear is myn skip brekslein, in etmel haw ik yn folle see tahâlden. 26Altiten op reis, yn gefaar fan rivieren, yn gefaar fan rovers, yn gefaar fan myn eigen folk en fan heidens, yn gefaar yn ’e stêd en yn ’e woestyn, yn gefaar op see, yn gefaar tusken sabeare-bruorren. 27Mei wrotten en wramen wit-hoe-faak, yn nachten sûnder sliep, yn honger en toarst, wit-hoe-faak sûnder iten, yn kjeld en neakenens. 28En dan noch – om it oare mar net te neamen – myn soarch alle dagen weroan en myn noed foar alle gemeenten. 29Is der wol oait ien swak, dat ik it net mei him bin? Is der wol oait ien dy’t ta sûnde ferfalt, dat it my net ynbrânt?
30As der dan wat is, dêr’t ik fan opsprekke kin, dan is it fan myn swakkens. 31De God en Heit fan de Heare Jezus – dy’t foar ivich heech te priizjen is – wit, dat ik net stean te ligen. 32Yn Damaskus liet de steedhâlder fan kening Aretas de stêd ôfsette, om my te fangen; 33doe ha se my yn in koer troch in finster yn ’e muorre sakje litten en sa bin ik oan syn hannen ûntkommen.