2 Kroniken 5
1Sa kamen alle wurkstikken dy’t Salomo foar it hûs fan de Heare meitsje litten hie, klear. Doe brocht Salomo de wijjeften fan syn heit David deryn; en it sulver, it goud en alle guod brocht er yn ’e skatkeamers fan it hûs fan de Heare.
De bûnsarke wurdt yn ’e timpel brocht
2Dêrnei rôp Salomo de âldsten fan Israel en alle stamhaden, de foarsten fan ’e Israelityske stamhuzen te Jeruzalem byinoar om de ferbûnsarke fan de Heare út ’e Davidsstêd – dat is Sion – op te heljen. 3Sa kamen de mannen fan Israel allegearre by de kening op it feest dat yn ’e sânde moanne hâlden waard. 4Doe’t alle âldsten fan Israel der wienen, tilden de leviten de arke op 5en brochten dy oer mei de tinte fan ’e moeting en al it hillige reau dat yn ’e tinte hearde; dat dienen de Levityske prysters. 6Kening Salomo en de hiele gemeente fan Israel, dy’t by him gearkommen wie, stienen foar de arke en se offeren skiep en kij, safolle dat der gjin tellen of besiferjen oan wie.
7Doe brochten de prysters de ferbûnsarke fan de Heare te plak yn it binnenste hillichdom fan ’e timpel, it Allerhillichste, ûnder de wjukken fan ’e kearûb-ingels. 8Want dy ingels hienen de beide wjukken útspraat oer it plak fan ’e arke en bedieken sadwaande de arke mei de draachstokken. 9De draachstokken wienen sa lang, dat de einen wienen út it Hillige wei te sjen foar it binnenste hillichdom, mar fierder nei bûten ta wienen se net te sjen; dat is sa bleaun oant hjoed-de-dei. 10Yn ’e arke wie oars net as de beide stiennen platen dy’t Mozes der by de Hoareb ynlein hie, doe’t de Heare it ferbûn mei de Israeliten sletten hie nei har úttocht út Egypte. 11No hienen alle prysters dy’t dêr wienen – gjin inkelde ôfdieling útsûndere – har tarist foar dizze hillige plechtichheid. Mar doe’t de prysters út it hillichdom kamen, 12stienen de Levityske sjongers allegearre mei-inoar: Asaf, Heman en Jedûtûn, har soannen en har sibben, yn linnense klean oan ’e eastkant fan it alter, mei bekkens, harpen en lieren, en by harren sa’n 120 prysters, dy’t op ’e trompetten blaasden. 13Doe’t de trompetters en de sjongers allegearre mei inoar ienstimmich har lûd hearre lieten om de Heare te loovjen en te priizjen, doe’t se de stim útsetten by trompetten, bekkens en oare ynstruminten mei it:
‘Loovje de Heare, want Hy is goed,
syn goedens is de ein fan wei’,
doe op dat eigenste momint kaam der in wolk en it hûs fan de Heare waard der hielendal fol fan; 14dat de prysters koenen fanwegen dy wolk net iens op har post bliuwe, want de hearlikheid fan de Heare naam it godshûs hielendal yn beslach.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap