Taspraak fan Salomo
1Doe sei Salomo: Heare, Jo woenen yn in tsjustere wolk wenje; 2en no haw ik Jo in hûs boud om yn te wenjen, in fêst stee, dêr’t Jo ivich tahâlde.
3Doe kearde kening Salomo him om en segene de hiele gemeente fan Israel. Dy stie derby oerein. 4Kening Salomo sei: Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel, want mei de died hat Hy folbrocht, wat Er ús heit David mei eigen mûle tasein hat: 5Sûnt de dei, dat Ik myn folk út Egypte weihelle haw, hat der ûnder alle stammen fan Israel noch gjin inkelde stêd west dy’t Ik útkeazen haw om in hûs te bouwen as plak foar myn namme. En der hat ek net ien manspersoan west dy’t Ik útkeazen haw om foarst oer myn folk Israel te wêzen. 6Mar Jeruzalem haw ik útkeazen as plak foar myn namme en David haw ik útkeazen om oer myn folk Israel te regearjen. 7Doe’t ús heit David dan fan doel wie om foar de namme fan de Heare, de God fan Israel, in hûs te bouwen, 8sei de Heare tsjin him: Do wiest fan doel om in hûs foar myn namme te bouwen en dat wie goed fan dy. 9Lykwols, do bist de man net dy’t dat hûs sette sil, mar dyn soan, dyn bloedeigen soan, dy sil foar myn namme dat hûs sette. 10No is de Heare it wurd dat Er sprutsen hie, neikommen, want ik bin oan ’e macht kommen foar ús heit David yn ’t plak, en sit op ’e troan fan Israel, lykas de Heare sein hie, en ik haw foar de namme fan de Heare, de God fan Israel, dit hûs boud 11en hjir de arke te plak brocht, dêr’t it ferbûn yn leit, dat de Heare mei de Israeliten sletten hat.
Salomo syn persoanlik gebed
12Doe gong Salomo foar it alter fan de Heare stean dêr’t de hiele gemeente fan Israel by wie, en hy sprate de hannen út. 13Salomo hie ommers in brûnzen ferheging meitsje litten en dy midden yn it foarhôf set, fan fiif jellen lang, fiif jellen breed en trije jellen heech; dêr gong er by op en foel op ’e knibbels del foar de eagen fan Israels hiele gemeente. Hy sprate de hannen út nei de himel 14en sei: Heare, God fan Israel, noch yn ’e himel noch op ’e ierde is der in God lykas Jo: Jo hâlde Jo oan it ferbûn en bliuwe goedgeunstich foar jo tsjinners dy’t yn al har dwaan en litten mei ynmoed Jo foar eagen hâlde. 15Jo binne it, dy’t Jo hâlden hawwe oan wat Jo jo tsjinner, ús heit David, tasein hawwe; en wat Jo mei eigen mûle tasein hawwe, dat binne Jo mei de died neikommen, lykas hjoed bliken docht. 16Heare, God fan Israel, kom dan ek nei, wat Jo jo tsjinner, ús heit David, ûnthjitten hawwe, doe’t Jo seinen: Ik sil soargje, dat der altydtroch ien fan dines is, dy’t foar myn eagen op ’e troan fan Israel sit, as dyn soannen har yn har dwaan en litten mar hâlde oan myn wet lykasto it foar myn eagen dien hast. 17Heare, God fan Israel, lit dan jo tasizzing dy’t Jo jo tsjinner David dien hawwe, wierheid wurde.
18Mar soe God wíér by minsken op ierde wenje? Sjoch, de himel, ja sels de allerheechste himel is te lyts foar Jo, hoefolleste mear dan dit hûs dat ik boud haw. 19Kear Jo nei it gebed fan jo tsjinner en syn smeekjen, God, myn Heare, en harkje nei it roppen en it bidden dat jo tsjinner foar jo antlit docht. 20Lit jo eagen nacht en dei iepen wêze om oer dit hûs te gean, oer it stee dêr’t Jo fan sein hawwe, dat Jo jo namme dêr plak jaan soenen; dat Jo harkje meie nei it gebed dat jo tsjinner fan dit stee opgean lit. 21Harkje dan nei de smeekbeaën fan jo tsjinner en fan jo folk Israel, dy’t hja opgean litte fan dit plak. Ja, Jo harkje fan it plak út dêr’t Jo wenje, de himel; Jo harkje en ferjouwe!
Salomo syn gebed foar de gemeente
22Bywannear’t immen mis west hat foar syn meiminske oer en dy ferget him op in eed dy’t syn ferflokking ynhâldt, en as hy dan mei dy eed yn dit hûs foar jo alter komt, 23harkje Jo dan yn ’e himel en kom fanwegen: doch jo tsjinners rjocht, lit de skuldige syn trekken thús krije en jou de rjochtfeardige syn rjocht.
24Bywannear’t jo folk Israel troch de fijân ferslein wurdt, om’t hja mis west hawwe foar Jo oer, en se komme mei bidden en smeken wer foar jo antlit om yn dit hûs jo namme te beliden, 25harkje Jo dan yn ’e himel en ferjou jo folk Israel de sûnde en bring har wer yn it lân dat Jo har en har foarfaars jûn hawwe.
26Bywannear’t de himel ticht sit en it mar net reine wol, om’t hja mis west hawwe foar Jo oer, en har gebed giet op nei dit plak en se belide jo namme en bekeare har fan har sûnden, om’t Jo harren lytsman makke hawwe, 27harkje Jo dan yn ’e himel en ferjou de sûnde fan jo tsjinners, jo folk Israel. – Jo leare har ommers de goede wei dy’t se gean moatte – en lit it dan wer reine op jo lân, dat Jo harren yn erfbesit jûn hawwe. 28Bywannear’t der honger yn it lân is of as de pest giet, bywannear’t der brân yn it nôt sit of hunichdau, bywannear’t der sprinkhoannen of oare kealfretters binne, bywannear’t de fijân it folk ynsletten hat yn ’e stêden, ja, hokker pleach of sykte der ek gean mei, 29en wat gebed of hokker smeekbea ien of oar persoan of it hiele folk Israel dan ek docht – elk ken ommers syn eigen pleach en fertriet – en hy spriedt derby de hannen út nei dit hûs, 30harkje Jo dan yn ’e himel, jo eigen wenplak, en ferjou; meitsje it mei in elkenien sa’t syn dwaan it freget, Jo, dy’t syn hert kenne: want Jo allinne kenne it hert fan alle minskebern. 31Lit har huverje fan ûntsach foar Jo en meitsje dat se jo wegen geane, alle dagen dat se libje op ’e grûn dy’t Jo ús foarfaars jûn hawwe.
32Ja, ek de frjemdling dy’t net iens ta jo folk Israel heart, mar dy’t út in fier lân komt om jo grutte namme, jo sterke hân en jo útstutsen earm – as sa’n ien komt en him biddend nei dit hûs takeart, 33harkje Jo dan yn ’e himel, jo eigen wenplak, en jou dy frjemdling alles dêr’t er Jo om oanropt; dat alle folken fan ’e ierde jo namme kenne meie. Dan sille se ûntsach foar Jo krije lykas jo folk Israel en witte dat jo namme ferbûn is oan dit hûs, dat ik boud haw.
34Bywannear’t jo folk derop út giet om tsjin syn fijannen te striden de wei lâns dy’t Jo har opstjoere, en se bidde ta Jo mei it gesicht nei dizze stêd dy’t Jo útkeazen hawwe, en nei it hûs dat ik foar jo namme boud haw, 35harkje Jo dan yn ’e himel nei har bidden en smeken en help har oan har rjocht.
36Bywannear’t se tsjin Jo sûndigje – der is ommers gjin minske dy’t net sûndiget – en Jo binne op har fergrime en leverje har oan ’e fijân oer, en dy fijannen fiere har as gefangenen fuort nei har lân, fierôf of tichteby, 37en as se dan ta ynkear komme yn it lân dêr’t se hinne brocht binne en har bekeare en Jo yn it lân dêr’t se fêsthâlden wurde, smeke: Wy hawwe sûndige en skuld op ús laden, ja mis west! 38en as se har dan mei hert en siel wer nei Jo takeare, dêr yn it lân dêr’t har fijannen har as gefangenen hinnebrocht hawwe, en se bidde mei it gesicht nei it lân dat Jo har foarfaars jûn hawwe, en nei de stêd dy’t Jo útkeazen hawwe en nei it hûs dat ik foar jo namme boud haw, 39harkje Jo dan yn ’e himel, jo eigen wenplak, nei har bidden en smeken; help harren oan har rjocht en ferjou jo folk de sûnde dy’t se tsjin Jo begien hawwe.
40Dêrom myn God, lit jo eagen iepen en jo earen opmerksum wêze by alle gebed dat op dit stee dien wurdt.
41Kom dan oerein, God myn Heare,
nim jo fêst plak yn,
Josels en de arke, teken fan jo sterkte.
Lit jo prysters, God myn Heare,
har klaaie mei jo heil.
Lit jo geunstelingen bliid wêze om jo goedens.
42God myn Heare, wiis jo salvling net ôf,
mar tink oan jo goedgeunstigens foar jo tsjinner David.