2 Kroniken 4
De útrissing fan ’e timpel
1Fierders makke Salomo in brûnzen alter, tweintich jellen lang, tweintich jellen breed en tsien jellen heech. 2Ek makke er de see fan getten metaal; dy wie tsien jellen fan râne ta râne, hielendal rûn, fiif jellen heech; in mjitline fan tritich jellen koe syn omgong bespanne. 3Under de râne lâns sieten der sokssawat as kwintappels op, tsien op in jellen, en dat om ’e hiele see hinne; it wienen twa rigels, dy’t der al by it jitten mei yngetten wienen. 4De see stie op tolve kij, trije mei de kop nei it noarden, trije nei it westen, trije nei it suden en trije nei it easten; dêr wie de see boppe-op set. Dy kij stienen allegearre mei it achterein nei binnen ta. 5De see wie in hânbree dik. De râne hie de foarm fan in beker, in bloeiende leelje. Der koe 3000 bat yn. 6Hy makke tsien waskfetten; fiif sette er rjochts en fiif links. Dêr moast it ark dat foar it brânoffer brûkt wie, yn ôfspield wurde. Mar de see sels wie foar de prysters om har deryn te waskjen. 7Dan makke er ek noch tsien gouden ljochtstanders neffens foarskrift; fiif sette er rjochts en fiif links. 8Fierders makke er tsien tafels, dy’t er yn ’e timpel plak joech: fiif rjochts en fiif links. Hy makke hûndert gouden offerskalen. 9Hy makke it prysterhôf en it grutte foarhôf mei de doarren derfoar, dy’t er mei brûns belei. 10De see sette er oan ’e rjochter sydkant op it súdeasten. 11Chûram makke ek de potten, de skeppen en de offerskalen.
Sa krige Chûram de wurkstikken klear, dy’t er foar kening Salomo yn it hûs fan God meitsje moast: 12de beide pylders mei har bolfoarmige kapitelen en de beide krânsen dy’t oer de bolfoarmige kapitelen hinne kamen; 13en de 400 granaatappels oan ’e beide krânsen, twa rigels granaatappels oan elke krâns, en dy kamen oer de bolfoarmige kapitelen fan ’e pylders hinne. 14Ek makke er de ûnderstellen en de waskfetten op ’e ûnderstellen, 15de iene see mei de tolve kij derûnder; 16en de potten, de skeppen en de foarken en alles dat der by hearde makke Chûram-Aby fan glêd brûns foar kening Salomo foar it hûs fan de Heare. 17Yn ’e kontrei fan ’e Jordaan, tusken Sûkkot en Seredata, liet de kening se yn ierden foarmen jitte.
18Al dat guod makke Salomo sa’n grutte partij fan, dat it gewicht fan it brûns wie gjin berekkenjen oan. 19Salomo makke alle guod dat yn it hûs fan God hearde: it gouden alter en de tafels dêr’t it toanbrea op stean moast, 20de standers mei har lampen, dy’t neffens foarskrift foar it binnenste hillichdom brâne moasten, fan fyn goud; 21de blommen, de lampen en de kearsen fan goud, it wie klearebare goud; 22de messen, de offerskalen, de fjoerpannen en de komfoaren fan fyn goud; de yngong fan it hûs, de binnendoarren nei it Allerhillichste en de doarren fan it haadgebou sels ek fan goud.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap