2 Kroniken 12
Ynfal fan Sjisjak; dea fan Rechabeäm
1Doe’t Rechabeäm it keningskip fêst yn hannen hie en sterk wurden wie, kearde er him fan de Heare syn wet ôf en hiele Israel mei him. 2Yn it fyfte jier fan Rechabeäm syn regear teach kening Sjisjak fan Egypte tsjin Jeruzalem op. Dat kaam fan har ûntrou oan de Heare. 3Sjisjak hie 1200 striidweinen en 60.000 ruters by him, en it folk dat mei him út Egypte kaam, Lybiërs, Sûkkiten en Etiopiërs wie net te tellen. 4Hy naam de festingstêden fan Juda yn en wist oan Jeruzalem ta te kommen.
5Doe kaam profeet Sjemaja by Rechabeäm en de foarsten fan Juda, dy’t fanwegen de oanfal fan Sjisjak te Jeruzalem byinoar wienen, en hy sei tsjin harren: Dit hat de Heare te sizzen: Jimme hawwe jim fan My ôfkeard, dêrom haw Ik My fan jim ôfkeard en jou jim oer yn ’e macht fan Sjisjak. 6Doe woenen de kening en de foarsten fan Israel wol de lytsten wêze en se seinen: De Heare is rjochtfeardich. 7Doe’t de Heare seach dat se har lytsens wêze woenen, liet Er Sjemaja dit wurd takomme: Hja wolle de lytsten wêze. Ik sil har net de ûndergong oandwaan, mar mei koarten útkomst foar har bringe en myn grime sil him net troch de hân fan Sjisjak op Jeruzalem delstoarte. 8Likegoed sille se him tsjinstber wurde, dat se it ferskil gewaar wurde meie tusken de tsjinstberens oan My en de tsjinstberens oan ’e ierdske keninkryken.
9Kening Sjisjak fan Egypte, gong dus op Jeruzalem ôf en naam de skatten mei út timpel en paleis, yn ien wurd alles. Hy naam ek de gouden skylden mei, dy’t Salomo makke hie. 10Doe makke Rechabeäm derfoar yn it plak brûnzen skylden, dy’t er tabetroude oan ’e kommandanten fan ’e liifwacht dy’t de wacht hie oer de yngong fan it keninklik paleis. 11Iderkear as de kening de timpel yngong, kaam de liifwacht mei de skylden oansetten en neitiid brocht dy se wer yn ’t wachtlokaal. 12Mar om’t er syn lytsens wêze wollen hie, kearde de Heare syn grime fan him ôf en woe him net hielendal de ûndergong oandwaan; it wie noch net allegear like min yn Juda.
Ein fan it regear fan Rechabeäm
13Kening Rechabeäm regearre te Jeruzalem mei fêste hân. Ienenfjirtich jier wie Rechabeäm, doe’t er kening waard en santjin jier hat er yn Jeruzalem regearre, de stêd dy’t de Heare út alle stammen fan Israel útkeazen hie, om dêr syn namme te setten. Syn mem hiet Naäma, it wie in Ammonityske. 14Hy die ferkeard, mei’t er him der net mei ynmoed op útlei om de Heare te tsjinjen. 15De skiednis fan Rechabeäm út earder en letter tiid stiet wol beskreaun yn ’e kroniken fan profeet Sjemaja en sjenner Iddo. It hat allegeduerigen oarloch west tusken Rechabeäm en Jerobeäm. 16Rechabeäm is rêst mei syn foarfaars en waard begroeven yn ’e Davidsstêd; syn soan Abía folge him op.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap