1Doe’t Rechabeäm te Jeruzalem kommen wie, brocht er de stammen Juda en Benjamin byinoar, 180.000 striidbere jongkeardels, om tsjin Israel te fjochtsjen en sa himsels it hiele keninkryk werom te winnen. 2Mar de Heare liet Sjemaja, de godsman, dit wurd takomme: 3Sis dit tsjin Rechabeäm, de soan fan Salomo, de kening fan Juda en tsjin hiele Israel, foarsafier’t dat by Juda en Benjamin heart: 4Dit hat de Heare te sizzen: Gean der net op los en fjochtsje net tsjin jimme bruorren. Gean werom, elk nei syn eigen hûs, want dizze saak is fan My útgien. Doe dienen se wat de Heare sein hie: hja kearden har om en gongen net op Jerobeäm ôf.
De earste jierren fan Rechabeäm syn regear
5Sa wenne Rechabeäm te Jeruzalem en hy boude guon stêden yn Juda om ta festingen.
6Sa boude hy ta festingstêden om: Betlehem, Etam, Tekoä, 7Bet-Sûr, Soko, Adûllam, 8Gat, Maresja, Sif, 9Adoraïm, Lakisj, Azeka, 10Soara, Ajjalon en Hebron, allegear stêden yn Juda en Benjamin. 11Hy makke dy festings sterk, stjoerde der oanfierders hinne en foarrieden fan iten, oalje en wyn; 12en yn elk fan dy stêden brocht er grutte skylden en spearen. Hy makke se ûnbidige sterk. Sa bleauwen Juda en Benjamin sines.
13De prysters en leviten út hiele Israel ferlieten har eigen kontreien en joegen har by him. 14Ja, de leviten ferlieten har mienskarren en har eigendommen en gongen nei Juda en Jeruzalem, want Jerobeäm en syn soannen hienen har út it prysteramt foar de Heare stjitten, 15en hy hie eigen prysters oansteld foar de offerhichten, foar de fjildgeasten en foar de keallebollen dy’t er makke hie. 16Mei de leviten kamen út alle stammen fan Israel de lju dy’t har der mei ynmoed op útleinen om de Heare, de God fan Israel, te tsjinjen en de Heare, de God fan har âffaars offers te bringen. 17Hja fersterken it keninkryk Juda en stipen sadwaande Rechabeäm, de soan fan Salomo, trije jier lang; dy trije jier hâlden se har oan de wei fan David en Salomo.
18Rechabeäm naam as frou Machalat, de dochter fan Jerimot, de soan fan David en Abihaïl, de dochter fan Eliab, de soan fan Isai. 19By har krige hy de soannen Jeûsj, Sjemarja en Saham. 20Nei har naam er Maäka, de dochter fan Absalom. By har krige er Abía, Attai, Siza en Sjelomit.
21Rechabeäm hâlde mear fan Maäka, de dochter fan Absalom, as fan al syn oare froulju en byfroulju. Hy hie achttjin froulju en sechstich byfroulju nommen en krige achtentweintich soannen en sechstich dochters. 22Rechabeäm wiisde Abía, de soan fan Maäka, as kroanprins oan, want hy wie fan doel him kening te meitsjen. 23Hy wie wol sa wiis en ferspried syn oare soannen oer alle kontreien fan Juda en Benjamin en oer alle festingstêden; hy soarge derfoar, dat se it goed fan iten en drinken hienen, en socht gâns froulju foar harren.