It regear fan Abía
1Yn it achttjinde jier fan Jerobeäm syn regear waard Abía kening oer Juda. 2Trije jier hat er yn Jeruzalem regearre; syn mem hiet Mikaja, de dochter fan Oeriël út Gibeä. Der kaam oarloch tusken Abía en Jerobeäm. 3Abía gong de striid oan mei in leger fan moedige striders fan 400.000 man oan kartroepen; en Jerobeäm mei 800.000 man oan kartroepen, moedige helden.
4Doe gong Abía stean op ’e berch Semaraïm, dy’t yn it berchlân fan Efraïm leit, en hy sei: Harkje nei my, Jerobeäm en hiele Israel! 5Witte jimme dan noch net, dat de Heare, de God fan Israel, it keningskip oer Israel foar altyd oan David jûn hat, oan him en syn soannen en dat it in ferbûn is, dat noait fergiet. 6Mar Jerobeäm, de soan fan Nebat, de tsjinstman fan Salomo, de soan fan David, is tsjin syn hear yn opstân kommen, 7en wiffe lju, folk-fan-neat, hawwe har by him oansletten en hawwe opsprutsen tsjin Rechabeäm, de soan fan Salomo; Rechabeäm wie jong en skruten en koe har lang net oan. 8En no miene jimme, dat jim it wol hâlde kinne tsjin it keninkryk fan de Heare, dat yn hannen fan David syn soannen is, omdat jimme manmachtich binne en de gouden keallen by jim hawwe, dy’t Jerobeäm jim as goaden jûn hat. 9Jimme hawwe ommers de prysters fan de Heare, de soannen fan Aäron en de leviten ferdreaun en jim hawwe op eigen manneboet prysters oansteld lykas de folken fan oare lannen; elkenien dy’t mar oansetten komt mei in interbolle en sân rammen om him wije te litten, dy wurdt pryster foar wat net God is. 10Wy lykwols – ús God is de Heare en wy hawwe ús net fan Him ôfkeard; Aäron syn soannen tsjinje de Heare as prysters en de leviten dogge har wurk 11en stekke alle moarnen en jûnen brânoffers en wijreek fan swietrokige krûden foar de Heare oan; se soargje foar de toanbreaën op de reine tafel, foar de goudene stander mei de lampen, dat dy alle jûnen brâne. Ja wy, wy hâlde ús oan ’e foarskriften fan de Heare, ús God; mar jimme, jim hawwe jim fan Him ôfkeard. 12Sjoch, by ús giet God foarop en syn prysters mei de alarmtrompetten om tsjin jimme alarm te blazen. Mannen fan Israel, striid net tsjin de Heare, de God fan ús foarfaars, want it sil ferkeard foar jim útpakke.
De slach
13Underwilens hie Jerobeäm in patroelje om de Judeeërs hinne swaaie litten, dat se achter harren kamen; sadwaande hienen dy it leger foar har en de patroelje yn ’e rêch. 14Doe’t de Judeeërs omseagen, fernamen se, dat se fan foaren en fan achteren oanfallen waarden. Mei in skreau rôpen se de Heare oan, de prysters blaasden op ’e trompetten 15en de mannen fan Juda setten de kriichsrop yn; en wylst dy har rop hearre lieten, liet God Jerobeäm en hiele Israel troch Abía en Juda ferslaan. 16De Israeliten sloegen foar Juda op ’e flecht en God joech har yn hannen fan ’e Judeeërs. 17Abía en syn folk brochten har sa’n swiere slach ta, dat der foelen fan Israel 500.000 man oan kartroepen. 18Sa waarden de Israeliten doe lytsman makke en de Judeeërs krigen de macht, om’t se steund hienen op de Heare, de God fan har foarfaars. 19Abía sette Jerobeäm achternei en naam him de stêden Bet-El, Jesjana en Efraïn ôf mei alles wat ûnder dy stêden foel. 20Salang’t Abía libbe, koe Jerobeäm der net wer boppe-op komme. De Heare sloech him, dat er stoar.
21Mar Abía waard hieltyd machtiger. Hy naam fjirtjin froulju en krige twaëntweintich soannen en sechstjin dochters. 22De skiednis fan Abía, syn dwaan en litten en syn útspraken, stiet fierder beskreaun yn ’e útlis fan profeet Iddo. 23Abía is rêst mei syn foarfaars. Se begroeven him yn ’e Davidsstêd. Syn soan Asa folge him op. Yn dy syn dagen krige it lân tsien jier lang rêst.