Twaspjalt yn it ryk
1Rechabeäm gong nei Sichem, want hiele Israel wie yn Sichem kommen om him as kening út te roppen. 2Doe’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, dat hearde – hy siet yn Egypte, dêr’t er ûntwyk socht hie om’t er bang wie foar kening Salomo – kaam er dêr wer wei. 3Hja lieten him helje en sa kaam Jerobeäm mei hiele Israel by Rechabeäm en se seinen: 4Jimme heit hat ús in swier jok oplein; meitsje jo no dy hurde tsjinst, dat swiere jok dat jimme heit ús oplein hat, lichter, dan sille wy jo tsjinstber wêze. 5Hy sei tsjin har: Kom oaremoarn werom. Dêrmei gong it folk fuort.
6Doe frege Rechabeäm de âldsten, dy’t by syn heit Salomo yn tsjinst west hienen, doe’t dy noch libbe: Wat riede jimme my, wat antwurd moat ik dit folk jaan? 7Se seinen tsjin him: As jo goed foar dit folk wêze wolle, as jo harren te wille binne en skiklik beskied jouwe, dan sille se jo al jo libbensdagen tsjinstber wêze. 8Mar hy sloech de rie dy’t de âldsten him joegen, yn ’e wyn, en frege de jongerein om rie, de mannen dy’t mei him opgroeid wienen en dy’t no yn syn tsjinst stienen. 9Hy sei tsjin har: Wat riede jimme my, wat antwurd moat ik dit folk jaan, dat my frege hat: Meitsje it jok dat jimme heit ús oplein hat, lichter? 10Doe seinen de jongkeardels dy’t mei him opgroeid wienen: Dit moatte jo sizze tsjin it folk dat jo frege hat:
Jimme heit hat ús jok swier makke,
meitsje jo it lichter foar ús!
Ja, dit moatte jo tsjin harren sizze:
Myn pinke is grouwer as ús heite mul.
11No dan, ús heit hat jimme in swier jok oplein –
ik sil dêr noch wat boppe-op dwaan;
ús heit hat jimme mei de swipe kastijd –
ik sil in swipe mei izeren stikels brûke!
12De tredde deis kaam Jerobeäm mei it hiele folk wer by Rechabeäm, sa’t de kening steld hie: Kom oaremoarn wer by my. 13De kening joech harren in batsk antwurd en dêrmei sloech kening Rechabeäm de rie dy’t de âldsten him jûn hienen, yn ’e wyn. 14Hy spriek tsjin har lykas de jongerein him ret hie:
Ik sil jimme jok swier meitsje,
ja, ik sil der noch wat boppe-op dwaan;
ús heit hat jimme mei de swipe kastijd –
ik sil in swipe mei izeren stikels brûke.
15De kening harke dus net nei it folk; dat wie in beskikking fan God om sadwaande it wurd wier te meitsjen, dat de Heare troch Achía, fan Sjilo tsjin Jerobeäm, de soan fan Nebat, sprutsen hie.
16Doe’t hiele Israel seach, dat de kening net nei harren harkje woe, rop it folk him ta:
Wat ha wy langer mei David te meitsjen?
Wy ha neat mear te wachtsjen fan Isai’s soan.
Allegear nei jimme eigen honk, Israel!
Rêd mar mei dyn eigen hûs, David!
Sa gong hiele Israel wer nei syn eigen honk. 17Mar de Israeliten dy’t yn ’e stêden fan Juda wennen, dêr bleau Rechabeäm kening oer. 18Doe stjoerde kening Rechabeäm Hadoaram, dy’t oer de hearetsjinsten gong, derop ôf, mar de Israeliten smieten him mei stiennen, dat er it bestoar. Kening Rechabeäm sels koe mar amper op ’e wein springe om nei Jeruzalem te ûntkommen. 19Sa hat Israel mei it hûs fan David brutsen en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta.