David yn Keïla
1Hja fertelden David: No falle de Filistinen Keïla oan en se plonderje de terskflierren. 2Doe frege David de Heare: Sil ik der hinnegean en dy Filistinen ferslaan? En de Heare sei tsjin David: Gean dêr hinne, ferslach de Filistinen en meitsje Keïla frij. 3Mar Davids mannen seinen tsjin him: No sit it sa: hjir yn Juda fiele wy ús al net feilich, dat hoefolleste minder as wy nei Keïla geane, op ’e slachoarders fan ’e Filistinen ta! 4Dêrop frege David de Heare nochris. De Heare antwurde him: Set ôf, gean del nei Keïla, want Ik jou de Filistinen oan dy oer. 5Doe gong David mei syn mannen nei Keïla. Hja fochten tsjin ’e Filistinen, dreauwen har fee fuort en hâlden in grutte slachting ûnder har. Sa makke David de ynwenners fan Keïla frij.
6No hie Abjatar, de soan fan Achimêlek, op syn flecht nei David te Keïla, de efod meinommen.
7Doe’t Saul ferteld waard, dat David yn Keïla oankommen wie, sei Saul: God hat him oan my oerlevere. Want troch yn in stêd mei doarren en skoattels te gean, hat er himsels opsletten. 8Dat Saul rôp it hiele folk op foar de striid om nei Keïla te gean en David en syn mannen te belegerjen.
9Doe’t David fernaam dat Saul kwea tsjin him yn it sin hie, sei er tsjin Abjatar, de pryster: Bring de efod hjir. 10David sei: Heare, God fan Israel, jo tsjinstfeint hat foar wier heard dat Saul fan doel is nei Keïla te kommen en dat er om my de stêd ferwoeste wol. 11Sille de boargers fan Keïla my oan him oerleverje? Sil Saul delkomme, lykas jo tsjinstfeint heard hat? Heare, God fan Israel, fertel it jo tsjinstfeint dochs! En de Heare sei: Ja, hy sil delkomme. 12David frege: Sille de boargers fan Keïla my en myn mannen oan Saul oerleverje? En de Heare sei: Ja, se sille jimme oerleverje! 13Doe makken David en syn mannen, sa’n seishûndert man, har klear. Hja trieken út Keïla wei en doarmen om fan plak nei plak. Doe’t Saul ferteld waard, dat David út Keïla ûntkommen wie, seach er fan ’e tocht ôf.
David yn ’e woestyn fan Sif
14Mar David bleau yn ’e woestyn, yn ’e berchhoalen en hy hâlde ta yn it berchlân yn ’e woestyn fan Sif. Wol socht Saul altyd troch om him, mar God joech him net yn syn hannen oer. 15David fernaam dat Saul op mars gien wie om him op it libben te gean. David wie doe yn ’e woestyn fan Sif, yn Choaresja. 16Jonatan, Sauls soan, gong op wei nei David yn Choaresja en hy fersterke David yn syn Godsbetrouwen. 17Hy sei tsjin him: Wês mar net bang. Do silst ús heit Saul net yn hannen falle, mar do silst kening oer Israel wurde en ik sil de twadde by dy wurde. Us heit Saul wit dat ek skoan. 18Doe sleaten se tegearre ûnder eagen fan de Heare in ferbûn. David bleau doe yn Choaresja, mar Jonatan gong wer nei hûs.
19Doe reizgen Sifiten nei Saul ta yn Gibeä en seinen: Witte jo, dat David him by ús beskûl hâldt yn ’e berchhoalen by Choaresja op ’e heuvel Chakila, dy’t súd fan ’e wyldernis leit? 20Welno, o kening, kom mar gau del. Dat wolle jo ommers sa graach. It is dan oan ús om him de kening yn hannen te spyljen. 21Saul sei: Segene meie jimme wêze troch de Heare, dat it jim om my begrutte hat. 22Gean no hinne en meitsje de saak noch fierder klear. Sjoch út te finen en fernim nei it plak, dêr’t er tahâldt en wa’t him dêr sjoen hat. Want der is tsjin my sein, dat er tige liep te wurk giet. 23Stel jim tige goed op ’e hichte fan alle skûlplakken, dêr’t er him ferskûle hâldt. Kom dan by my werom mei krekte ynljochtings. Dan gean ik mei jim en, mocht er dan yn it lân wêze, dan sil ik him opsykje ûnder alle famyljes fan Juda. 24Doe brieken se op en gongen foar Saul út nei Sif. Underwilens wie David mei syn mannen yn ’e woestyn Maon, yn ’e flakte súd fan ’e wyldernis.
25Saul en syn mannen wienen oan it sykjen. Doe’t se it David fertelden, gong er del nei de rots dy’t yn ’e woestyn Maon leit. Mar doe’t Saul dat hearde jage er David achternei yn ’e woestyn Maon. 26Dat Saul rûn oan ’e iene kant fan ’e berch en David en syn mannen oan ’e oare kant. Mar David naaide hurd út foar Saul. Saul en syn mannen lykwols omsingelen David en syn mannen en hja wienen op it punt har te pakken te krijen. 27Mar der kaam in boade by Saul mei it boadskip: Kom gau, want de Filistinen hawwe in ynfal yn it lân dien. 28Doe hâlde Saul der mei op David achternei te jeien en hy gong de Filistinen yn ’e mjitte. Dêrom wurdt dat plak Skiedingsrots neamd.