David yn Adûllam
1David gong dêrwei en ûntkaam nei de grot fan Adûllam. Doe’t syn bruorren en syn hiele famylje dat hearden, kamen hja dêr nei him del. 2Ek allegear manlju dy’t yn ’e knipe sieten, skulden hienen, of ferbittere wienen, sleaten har by him oan, en hy waard har oanfierder. Sa wienen der sa’n fjouwerhûndert man by him.
3Dêrwei gong David nei Mispé yn Moäb en hy frege de kening fan Moäb: Lit ús heit en mem dochs by jo komme, oant ik wit wat God mei my fan doel is. 4Sa stelde er har ûnder ’e hoede fan ’e kening fan Moäb. Hja bleauwen dêr by him de hiele tiid dat David yn ’e berchhoale wie.
5Mar de profeet Gad sei tsjin David: Bliuw net yn ’e berchhoale. Gean fuort, nei it gebiet fan Juda ta. Dat sadwaande gong David fuort en kaam yn ’e bosk fan Chêret.
Moard op ’e prysters fan Nob
6Saul hearde dat David en de mannen dy’t er by him hie, sjoen wienen. No siet Saul te Gibeä ûnder de tamarisk op ’e hichte. Syn spear hied er yn ’e hân en syn feinten stienen allegearre by him. 7Saul sei tsjin ’e feinten dy’t by him stienen: Harkje noris, Benjaminiten! Soe de soan fan Isai jim allegearre ek ikkers jaan en druvetunen? Soe er jimme ek oanstelle as oanfierders fan tûzen of fan hûndert? 8En dochs spanne jimme allegearre tsjin my gear. Gjinien hat my meidield, dat myn soan it mei de soan fan Isai hâldt. Gjinien fan jimme begruttet it om my. Gjinien hat my meidield, dat myn soan myn tsjinstfeint tsjin my opstokelet om in falstrik foar my te wurden. Sa giet dat tsjintwurdich.
9Doe antwurde Doëg, de Edomyt, dy’t by Sauls feinten stie: Ik haw sjoen, dat de soan fan Isai te Nob oankaam by Achimêlek, de soan fan Achitûb. 10Dy hat de Heare foar him om in útspraak frege. Hy hat him iten meijûn en it swurd fan Goliat de Filistyn hat er him ek jûn. 11Doe stjoerde de kening boadskip om pryster Achimêlek, de soan fan Achitûb, te ûntbieden mei al syn famyljeleden, dy’t prysters te Nob wienen. En hja kamen allegearre by de kening.
12Saul sei: Harkje goed, soan fan Achitûb! Hy sei: Ik harkje, hear! 13Saul sei: Wêrom hawwe jo en de soan fan Isai tsjin my gearspand, dat jo him brea en in swurd jûn hawwe en God foar him om in útspraak frege hawwe? No hat er it tsjin my yn ’e kant set om in falstrik foar my te wurden. Sa giet dat tsjintwurdich! 14Mar Achimêlek antwurde de kening: Mar wa is der ûnder alle tsjinstfeinten fan ’e kening sa trou as David? De kening syn skoansoan noch wol! Hy is kommandant fan jo liifwacht en stiet oan jo hof yn oansjen. 15Ik haw no dochs net foar de earste kear foar him oan God om in útspraak frege? Gjin sprake fan! De kening moat syn tsjinstfeint neat op ’e lea skowe en likemin syn heite hûs. Jo tsjinstfeint wist ommers fan al dy dingen neat, mar dan ek neat ôf. 16Mar de kening sei: Jo ûntrinne de dea net, Achimêlek. Jo net en jo heite hiele famylje likemin. 17Doe sei de kening tsjin ’e soldaten dy’t by him stienen: Kom op, deadzje de prysters fan de Heare, want se hâlde it ek mei David. Hoewol’t se wisten dat er op ’e flecht wie, ha se it my net oanbrocht. Mar de feinten fan ’e kening woenen gjin hân útstekke om de prysters fan de Heare del te slaan. 18Doe sei de kening tsjin Doëg: Kom op, do, en slach de prysters del. Doe kaam Doëg de Edomyt nei foaren en hy sloech de prysters del. Hy deade dy deis fiifentachtich man dy’t de linnen liifrok droegen. 19Ek sloech er Nob, de prysterstêd, mei it bleate swurd, sawol manlju as froulju, bern as lytse poppen, sawol kij, ezels as skiep.
20Ien soan fan Achimêlek, de soan fan Achitûb, ûntkaam. Hy hiet Abjatar en flechte achter David oan. 21Doe’t Abjatar David fertelde, dat Saul de prysters fan de Heare fermoarde hie, 22sei David tsjin Abjatar: Ik hie it dy deis wol tocht, doe’t Doëg de Edomyt dêr wie, dat er it Saul grif oanbringe soe. Iksels haw oanlieding jûn ta de dea fan jim heite hiele famylje. 23Bliuw mar by my. Wês net bang, want dy’t it op myn libben fersjoen hat, docht dat ek op jowes. Dat by my binne jo feilich.