1 Samuël 24
David sparret Saul
1Doe triek David dêrwei en hy bleau yn ’e berchhoalen fan Engêdy. 2Sadree’t Saul weromkommen wie fan it ferjeien fan ’e Filistinen, fertelden se him: David is yn ’e woestyn fan Engêdy. 3Doe naam Saul trije tûzen man mei, útsocht út hiele Israel, en hy gong op ’en paad om David en syn mannen te sykjen op ’e Stienbokrotsen. 4Hy kaam by de skieppehokken en dêr wie in grot. Saul gong deryn om syn behoefte te dwaan, mar David en syn mannen sieten achter yn ’e grot. 5Doe seinen Davids mannen tsjin him: Dit is fêst de dei, dat de Heare tsjin jo seit: Sjoch, Ik leverje dyn fijân oan dy út. Doch mar mei him sa’t it dy goed tinkt. Dêrop gong David oerein en snie stikem in slippe fan Saul syn mantel ôf. 6Mar dêrnei, doe’t David it hert bûnze, omdat er in slippe fan Saul syn mantel ôfsnien hie, 7sei er tsjin syn mannen: Dêr mei de Heare my foar bewarje, dat ik myn hear, de salvling fan de Heare, soks oandwaan soe, en slach de hannen oan him. Hy is ommers de salvling fan de Heare. 8Mei dy wurden hâlde David syn mannen tsjin. Hy liet har net ta tsjin Saul op te stean.
Doe kaam Saul oerein; hy sette de grot út en gong syn wegen. 9Dêrnei riisde David ek oerein en ferliet de grot. Hy rôp Saul achternei: Myn hear, de kening! Saul seach achterom en David bûgde him mei it gesicht nei de grûn en die him hulde. 10Doe sei David tsjin Saul: Wêrom harkje jo nei de minsken dy’t sizze: Tink derom, David is derop út om jo kwea te dwaan? 11Sjoch, op dit stuit kinne jo mei eigen eagen sjen, dat de Heare jo hjoed yn ’e grot yn myn macht jûn hie. Hy joech my de gelegenheid om jo te deadzjen. Ik haw jo lykwols sparre, want ik sei: Ik sil gjin hân útstekke tsjin myn hear. Hy is ommers de salvling fan de Heare. 12Sjoch, heit, ja sjoch mar ris nei de slippe fan jo mantel yn myn hân. Want doe’t ik de slippe fan jo mantel ôfsnie, haw ik jo net deade. Jo kinne dus dúdlik sjen, dat ik gjin kwea of opstân tsjin jo yn it sin ha. Ik haw neat tsjin jo misdien, mar jo binne derop út om my it libben te benimmen. 13Lit de Heare rjochter wêze tusken jo en my. Lit de Heare myn wraak mar oan jo folbringe, ik lykwols sil jo net oanreitsje. 14It is sa’t in âlde spreuk seit: Fan ’e ferkearden kin men ferkeardens ferwachtsje. Dêrom sil ik gjin finger nei jo útstekke. 15Achter wa is de kening fan Israel oangien? Achter wa jeie jo oan? Achter in deade hûn! Achter ien inkelde flie! 16Lit de Heare skiedsrjochter wêze en rjochtsprekke tusken jo en my. Lit Him mar tasjen en myn pleitsaak fiere. Lit Him my mar oan myn rjocht helpe tsjin jo.
17Doe’t David oan ’e ein kommen wie fan dy taspraak tsjin Saul, sei Saul: Is dat dyn stim, myn soan David? En Saul begûn lûdop te gûlen. 18Hy sei tsjin David: Do bist heite better as ik, want do hast my goed behannele, wylst ik dij ferkeard behannele haw. 19Hjoed hast my toand, datst goed oan my dien hast, want do hast my net iens deade, doe’t de Heare my oan dy oerlevere hie. 20As ien syn fijân fûn hat, dan lit er him dochs net frij rinne? Mei de Heare dy beleanje foar watst hjoed oan my dien hast. 21En no, sjoch, ik wit datst foarfêst kening wurde silst en datst de keninklike macht fêst yn hannen krije silst. 22Swar my no by de Heare, datst myn neigeslacht net útroegje silst en myn namme net útdylgje út myn famylje. 23Dêr die David Saul in eed op. Doe gong Saul wer nei hûs, mar David en syn mannen gongen omheech nei de berchhoale.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap