Hanna’s lofliet
1Doe spriek Hanna dit gebed út:
Ik jubelje om de Heare, mei myn hiele hert.
Myn oansjen is troch de Heare ferhege.
Myn mûle sprekt op tsjin myn fijannen,
want ik bin bliid om jo útrêding.
2Nee wier, gjinien is sa hillich as de Heare;
bûten Jo is der gjinien
en gjinien is in rots as ús God.
3Wês net altyd sa oeribele grutsk yn jim praten,
lit jim gjin oerdwealske taal út ’e mûle komme.
De Heare is ommers in God dy’t alles wit.
Hy hifket wat jim dogge.
4De bôge fan ’e sterke mannen is stikkenbrutsen,
mar dy’t stroffelen, hawwe wer krêft opdien.
5Dy’t sêd wienen, hawwe har besteld foar brea,
mar dy’t honger hienen, dy kinne stil libje.
Dy’t ûnfruchtber wie, kriget sân bern,
mar dy’t gâns bern hie, dy is útlibbe.
6De Heare deadet en bringt ta libben,
Hy lit yn it deaderyk farre en hellet dêr út.
7De Heare makket earm en Hy makket ryk,
Hy fernederet, mar ferheget ek.
8De mindere man set Er út it stof wei oerein,
út it jiskegat wei tilt Er de earme omheech
om him sitte te litten by de eallju,
ja, in eareplak takomme te litten.
Fan de Heare binne ommers de pylders fan it ierdryk;
dêr hat Er de wrâld op fêstset.
9Hy hoedet de gongen fan dy’t Him trou binne,
mar de goddeleazen komme yn ’e tsjusternis om.
Want net troch eigen krêft rjochtet de minske wat út.
10Dy’t tsjin de Heare stride, sille teplettere wurde;
yn ’e himel tongeret Er tsjin har.
De Heare sprekt rjocht oant de úteinen fan ’e ierde.
Hy jout krêft oan syn kening
en makket de macht fan syn salvling grut.
11Doe gong Elkana nei syn hûs yn Rama, mar de jonge bleau yn tsjinst fan de Heare, wylst pryster Ely it each oer him hâlde.
Ely syn soannen
12De soannen fan Ely lykwols doogden net; hja joegen neat om de Heare 13en ek net om de rjochtsregels tusken pryster en folk. As ien in fleisoffer brocht, dan kaam, as it fleis sea, in feint fan ’e pryster mei in trijetine yn ’e hân. 14Hy stiek dy dan yn ’e panne, yn ’e pôt, yn ’e tsjettel of yn ’e hantsjettel. Alles wat de trijetine ophelle, naam de pryster foar himsels. Sa dienen se mei alle Israeliten dy’t dêr yn Sjilo kamen. 15Ja, al foardat hja it smoar oanstutsen hienen, kaam de feint fan ’e pryster en sei tsjin ’e man dy’t offere: Jou de pryster fleis om te brieden. Hy wol gjin sean fleis fan jo oannimme, mar oars net as rau. 16As dan dy man tsjin him sei: It smoar moat no yn elk gefal earst oanstutsen wurde en dan kinne jo nimme wêr’t jo sin oan hawwe, dan sei dy feint: Nee, jo moatte it op slach jaan! En sa net, dan nim ik it mei geweld. 17Sa wie de sûnde fan dy jonge mannen yn ’e eagen fan de Heare tige grut. It offer foar de Heare wie by dy mannen ommers net yn tel.
18Undertusken die Samuël tsjinst by de Heare; in jongfeintsje mei in linnen skelk om ’e mul. 19Syn mem makke alle jierren in jaske foar him en naam him dat mei as se mei har man kaam om it jierliks offer te bringen. 20Dan segene Ely Elkana en syn frou en sei: Mei de Heare jo in neiteam jaan út dizze frou foar him yn it plak, dy’t se ôfbidden hat en oan de Heare ôfstien. En dan gongen se wer nei har wenplak. 21Doe tocht de Heare oan Hanna, dat se waard swier en krige noch trije soannen en twa dochters, mar it jongfeintsje Samuël waard grut by de Heare.
22Doe’t Ely tige âld wurden wie en alles hearde wat syn soannen mei de Israeliten dienen, en dat se sliepten by de froulju dy’t wurken by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting, 23sei er tsjin har: Wêrom helje jimme sokke dingen út? Elkenien hat it tsjin my oer jimme ûndogensk dwaan. 24Sa net, myn soannen: it is wier net folle goeds dat ik hear; jimme meitsje, dat it mei it folk fan de Heare de ferkearde kant útgiet. 25As de iene minske ferkeard docht tsjin ’e oare, dan berjochtet God him; mar as in minske ferkeard docht tsjin de Heare, wa sil dan foar him yn ’e pleit gean? Hja harken lykwols net nei har heit; dat kaam om’t de Heare fan doel wie har te deadzjen. 26Mar de jongfeint Samuël waard aloan grutter, en oannimliker, sawol by de Heare as by de minsken.
Ely wurdt it oardiel oansein
27Doe kaam der in Godsman by Ely en dy sei tsjin him: Dit hat de Heare te sizzen: Ik haw my dochs dúdlik oan dyn heite hûs bekend makke, doe’t dat yn Egypte yn ’e macht fan Farao’s hûs wie. 28Him haw Ik út alle stammen fan Israel útkeazen as myn pryster, om by myn alter op te gean, it reekwurk oan te stekken en de efod foar My te dragen. Oan dyn heite hûs haw Ik alle fjoeroffers fan ’e Israeliten jûn. 29Wêrom skoppe jim dan sa tsjin myn fleisoffers en moaloffers oan, dy’t Ik yn myn hillichdom foarskreaun haw? Wêrom hasto dyn soannen heger as My, meidat jimme jim fetmeste mei it bêste fan alle moaloffers fan myn folk Israel?
30Dêrom sprekt de Heare, de God fan Israel: Wis, Ik haw wol tsjin dyn hûs en dyn heite hûs sein, dat se foar altyd yn myn tsjinst stean soenen, mar no seit de Heare: Gjin sprake fan! Want dy’t My earje, sil Ik earje, mar dy’t My ferachtsje, sille ferachtlik wêze. 31Wier, de dagen komme, dat Ik dyn krêft en de krêft fan dyn heite hûs brek, dat der gjin âld man mear yn dyn hûs wêze sil. 32Do silst de need fan it Godshûs sjen, by al it goede dat Ik oan Israel dwaan sil. Yn dyn hûs lykwols sil der noait gjin âld man mear wêze. 33Wol sil Ik ris in inkelden-ien net by myn alter weikeare, mar dan om dyn eagen fersmachtsje en dysels úttarre te litten. De grutte mannichte fan dyn hûs lykwols sil yn ’e krêft fan it libben stjerre.
34En wat dyn beide soannen Chofny en Pinechas oerkomt, dat sil dy in teken wêze: op ien-en-deselde dei sille se beide stjerre. 35Ik sil My dan in betrouber pryster oanstelle, dy’t yn myn geast en nei myn sin hannelje sil. Ik sil him in duorsum hûs bouwe en hy sil foar altyd tsjinst dwaan by myn salvling. 36Dan komt it sa, dat elk dy’t oerbleaun is fan dyn famylje, komme sil en bûch him foar dy pryster del om in stikje jild of in stik brea, en dan sil er sizze: Nim my dochs op yn ien fan ’e prystertsjinsten, dan haw ik teminsten wat te iten.