De Heare ferskynt nochris oan Salomo
1Doe’t Salomo klear wie mei it bouwen fan it hûs fan de Heare, it hûs fan ’e kening en mei alles, dat er meitsje woe, 2ferskynde de Heare foar de twadde kear oan Salomo, lykas Er him ferskynd wie te Gibeön. 3De Heare sei tsjin him: Ik haw dyn bidden en smeken heard, datsto foar My dien hast. Ik haw it hûs datsto boud hast, hillige troch dêr foar altyd myn namme oan te ferbinen, dat myn eagen en myn hert sille dêr alle dagen wêze. 4Wat dijsels oanbelanget: asto foar myn antlit libbest sa’t jimme heit David dien hat, mei in folslein en oprjocht hert, en alles dochst, wat Ik dy hjitten haw en myn foarskriften en rjochtsregels yn acht nimst, 5dan sil Ik dyn keningstroan oer Israel foar altyd fêstichheid jaan, sa’t Ik jimme heit David tasein haw: Altyd troch sil ien fan dines op ’e troan fan Israel sitte. 6Mochten jimme of jimme bern jim lykwols oait fan My ôfkeare, myn geboaden en foarskriften, dy’t Ik jim foarhâlden haw, net yn acht nimme, mar oare goaden tsjinje en oanbidde, 7dan sil Ik Israel útroegje fan ’e grûn dy’t Ik har jûn haw en dit hûs, dat Ik foar myn namme hillige haw, sil Ik foar myn eagen weidwaan. Alle folken sille dan skoof en skande fan Israel sprekke 8en dit hûs sil in púnfal wurde. Elk, dy’t foarby komt, sil him deroer besauwe en ferachtlik begjinne te fluitsjen. 9Se sille sizze; Wêrom hat de Heare dit lân en dit hûs soks oandien? Dan sil it antwurd wêze: Om’t se de Heare, har God, dy’t har foarfaars út Egypte helle hie, ferlitten hawwe om har mei oare goaden ôf te jaan en dy te oanbidden en te tsjinjen; dêrom hat de Heare al dit ûnheil oer har brocht.
Oare maatregels fan Salomo
10Nei ferrin fan ’e tweintich jier dat Salomo boud hie oan ’e beide huzen, it hûs fan de Heare en it hûs fan ’e kening, 11joech kening Salomo oan Chiram tweintich stêden yn it lân Galiléa, omdat Chiram, de kening fan Tyrus, Salomo holpen hie mei sederhout en sypressehout en mei goud, safolle as er hawwe woe. 12Doe’t Chiram út Tyrus kaam om de stêden, dy’t Salomo him jûn hie, te besjen, stienen se him mar min oan. 13Hy sei: Wat binne my dat foar stêden dysto my jûn hast, myn broer? Dêrom neame se dy oan hjoed-de-dei ta it lân Kabûl. 14Chiram hat der de kening hûndertentweintich talinten goud foar stjoerd.
15Sa siet it mei de lichting, dy’t kening Salomo opkomme litten hat foar de hearetsjinst om it hûs fan de Heare, syn eigen hûs, de Millo, de muorre om Jeruzalem, Hazor, Megiddo en Gêzer te bouwen. 16Farao, de kening fan Egypte, wie destiids derop los gien, hie de stêd Gêzer ynnommen en platbaarnd; de Kanaäniten yn ’e stêd hie er deade en doe hie er syn dochter, de frou fan Salomo, dat plak as breidskat meijûn. 17Salomo boude dat Gêzer wer op, ek Leech-Bet-Choaron 18en Baälat, Tamar-yn-de-Wyldernis, yn it lân ... 19Fierders alle stêden mei de foarrieden, dy’t Salomo hie, de stêden foar de weinen, de stêden foar it hynstefolk en alles wat Salomo begeard hie te bouwen yn Jeruzalem, yn ’e Libanon en yn syn hiele rjochtsgebiet. 20Alle folk dat oerbleaun wie fan ’e Amoriten, Hetiten, Perizziten, Heviten en Jebûsiten, dy’t net by de Israeliten hearden, 21dy har bern, dy’t letter oerbleaun wienen yn it lân en dy’t de Israeliten destiids net banne koenen, rôp Salomo op om as slaaf hearetsjinsten te dwaan, en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta. 22Mar fan ’e Israeliten makke Salomo net ien slaaf, mar dat wienen syn soldaten, hovelingen, foarsten, haden en offisieren by de weinen en it hynstefolk.
23En mei de haadopsichters oer Salomo syn wurk siet it sa: Der wienen in fiifhûndert en fyftich, dy’t it te sizzen hienen oer it folk dat it wurk dwaan moast.
24Noch mar krekt wie de dochter fan Farao ferfearn út ’e Davidsstêd nei it eigen hûs dat er har boud hie, of hy begûn mei de bou fan de Millo.
25En trije kear yn it jier plichte Salomo brânoffers en frede-offers te bringen op it alter dat er foar de Heare boud hie en fjoeroffers foar de Heare oan te stekken, dat hy liet it hûs wol goed ta syn rjocht komme.
26Skippen hat Salomo ek bouwe litten te Esjon-Geber by Elat oan ’e igge fan ’e Reidsee by it lân Edom. 27En Chiram stjoerde syn feinten op ’e skippen, farrensfolk, tige betûft op see, om njonken de feinten fan Salomo tsjinst te dwaan. 28Hja kamen te Ofir om der goud wei te heljen, wol fjouwerhûndertentweintich talinten en hja brochten it oan kening Salomo.