De arke nei de timpel brocht
1Doe rôp kening Salomo alle âldsten fan Israel, alle stamhaden en famyljefoarsten fan ’e Israeliten byinoar te Jeruzalem om de ferbûnsarke fan de Heare op te heljen út ’e Davidsstêd, dat is Sion. 2Sa kamen dan alle mannen fan Israel mei kening Salomo gear op it feest, yn ’e moanne Etannim, dat is de sânde moanne. 3Doe’t alle âldsten fan Israel kommen wienen, tilden de prysters de arke op 4en brochten dy oer, mei de tinte fan ’e moeting en al it hillige reau dat yn ’e tinte hearde: dat dienen de prysters en leviten. 5Kening Salomo en de hiele gemeente fan Israel, dy’t by him gearkommen wie, stienen foar de arke; en se offeren skiep en kij, safolle, dat der gjin tellen of siferjen oan wie.
6De prysters brochten de ferbûnsarke fan de Heare te plak yn it binnenste hillichdom fan ’e timpel, it allerhillichste, ûnder de wjukken fan ’e kearûb-ingels. 7Want dy ingels hienen de beide wjukken útspraat oer it plak fan ’e arke en bedieken sadwaande de arke en de draachstokken. 8De draachstokken wienen sa lang, dat de einen wienen út it hillige wei te sjen foar it binnenste hillichdom, mar fierder nei bûten ta wienen se net te sjen. Dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta.
9Yn ’e arke wie oars net as de beide stiennen platen, dy’t Mozes der by de Hoareb yn lein hie, dêr’t de Heare it ferbûn mei de Israeliten sletten hie nei har úttocht út Egypte.
10Doe’t no de prysters út it hillichdom kamen, waard it hûs fan de Heare fol fan in wolk. 11Om dy wolk koenen de prysters net op har post bliuwe om tsjinst te dwaan, want de hearlikheid fan de Heare naam syn timpel hielendal yn beslach. 12Doe sei Salomo: Heare, Jo woenen yn ’e tsjustere wolk wenje, 13en no haw ik Jo in hûs boud om yn te wenjen, in fêst stee, dêr’t Jo foar ivich tahâlde.
14Doe kearde de kening him om en segene de hiele gemeente fan Israel, dy’t dêrby oerein stie. Hy sei: 15Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel, want mei de died hat Hy folbrocht, wat Er ús heit David mei eigen mûle tasein hat: 16Sûnt de dei dat Ik myn folk Israel út Egypte weihelle haw, hat der ûnder alle stammen fan Israel noch gjin inkelde stêd west dy’t Ik útkeazen haw om in hûs te setten as plak foar myn namme, mar David haw Ik wol útkard om oer myn folk Israel te stean. 17Us heit David wie fan doel om foar de namme fan de Heare, de God fan Israel, in hûs te bouwen. 18De Heare hat lykwols tsjin ús heit David sein: Do wiest fan doel om foar Myn namme in hûs te bouwen, en dat wie goed fan dij. 19Lykwols do bist de man net dy’t dat hûs bouwe sil, mar dyn soan, dyn bloedeigen soan, dy sil foar myn namme dat hûs bouwe. 20No is de Heare it wurd dat Er sprutsen hie, neikommen. Want ik sit op ’e troan fan Israel, yn it plak fan ús heit David, sa’t de Heare sein hat; en ik haw in hûs boud foar de namme fan de Heare, de God fan Israel. 21Dêr haw ik de arke in plak beskikt, de arke, dêr’t it ferbûn yn leit, dat Er mei ús foarfaars sletten hat, doe’t Er har út Egypte weihelle.
It gebed fan Salomo foar it alter
22Doe gong Salomo foar it alter fan de Heare stean, dêr’t de hiele gemeente fan Israel by wie, sprate de hannen út nei de himel 23en sei: Heare, God fan Israel, noch yn ’e himel noch op ’e ierde is der in God lykas Jo; Jo hâlde Jo oan it ferbûn en bliuwe goedgeunstich foar jo tsjinners, dy’t yn al har dwaan en litten mei ynmoed Jo foar eagen hâlde. 24Jo binne it, dy’t Jo hâlden hawwe oan wat Jo jo tsjinner, ús heit David, tasein hawwe. Jo binne mei de died neikommen, wat Jo mei de mûle tasein hawwe, lykas hjoed bliken docht. 25Heare, God fan Israel, kom dan no ek nei, wat Jo jo tsjinner, ús heit David, ûnthjitten hawwe, doe’t Jo seinen: Ik sil soargje, dat der altyd troch ien fan dines is, dy’t foar myn eagen op ’e troan fan Israel sit, as dyn soannen har wegen mar geane foar myn eagen lyk asto it dien hast. 26God fan Israel, lit dan jo tasizzing, dy’t Jo jo tsjinner, ús heit David, dien hawwe, wierheid wurde.
27Mar soe God wier op ierde wenje? Sjoch, de himel, ja sels de allerheechste himel is te lyts foar Jo; hoefolleste mear dan dit hûs dat ik boud haw. 28Kear Jo dan nei it gebed fan jo tsjinner en nei syn smeekjen. Harkje nei it roppen en bidden, o Heare myn God, dat jo tsjinner hjoed foar jo antlit docht. 29Lit jo eagen nacht en dei iepen wêze om oer dit hûs te gean, oer it stee dêr’t Jo fan sein hawwe: Dêr sil myn namme wêze. 30Harkje nei it gebed dat jo tsjinner foar dit plak docht, dat Jo hearre sille nei it smeekjen fan jo tsjinner en fan jo folk Israel op dit plak. Harkje dan yn ’e himel, jo eigen wenplak; ja, harkje en ferjou!
31Bywannear’t immen mis west hat foar syn meiminske oer en dy ferget him op in eed dy’t syn ferflokking ynhâldt – as hy dan mei dy eed yn dit hûs foar jo alter komt, 32harkje Jo dan yn ’e himel en kom fanwegen: doch jo tsjinners rjocht; lit de skuldige syn trekken thús krije en jou de rjochtfeardige syn rjocht.
33Bywannear’t jo folk Israel troch de fijân ferslein wurdt, om’t se mis west hawwe foar Jo oer, en as se har dan ta Jo bekeare, Jo namme belide en yn dit hûs ta Jo bidde en smeke, 34harkje Jo dan yn ’e himel, ferjou jo folk Israel de sûnde en bring har wer yn it lân dat Jo har foarfaars jûn hawwe.
35Bywannear’t de himel ticht sit en it mar net reine wol, om’t se mis west hawwe foar Jo oer, en as se op dit plak bidde, jo namme belide en har bekeare fan har sûnde, nei’t Jo har lytsman makke hawwe, 36harkje Jo dan út ’e himel, ferjou de sûnde fan jo tsjinners, jo folk Israel – Jo leare har ommers de goede wei dy’t se gean moatte – lit it dan wer reine op it lân dat Jo jo folk as erfbesit jûn hawwe.
37Bywannear’t der honger yn it lân is of as de pest giet, bywannear’t der brân yn it nôt sit of huningdauwe, bywannear’t der sprinkhoannen of oare kealfretters binne, bywannear’t de fijân it folk ynsletten hat yn ’e stêden, ja, hokfoar pleach of sykte der ek gean mei, 38en wat gebed of hokker smeekbea ien of oar persoan of it hiele folk Israel dan ek docht – elk ken ommers syn eigen pleach en fertriet – en hy spriedt dêrby de hannen út nei dit hûs, 39harkje Jo dan yn ’e himel, jo eigen wenplak, kom fanwegen en meitsje it mei elkenien sa’t syn dwaan it freget, Jo dy’t syn hert kenne, want Jo allinne kenne it hert fan alle minskebern. 40Lit har huverje fan ûntsach foar Jo alle dagen dy’t se libje op ’e grûn dy’t Jo ús foarfaars jûn hawwe.
41Harkje ek nei de frjemdling dy’t net ta jo folk Israel heart, mar dy’t omwille fan jo namme út in fier lân kommen is. 42Want se sille hearre fan jo grutte namme, jo sterke hân en jo útstutsen earm. As sa’n ien komt en him biddend nei dit hûs ta keart, 43harkje dan yn ’e himel, jo eigen wenplak en jou dy frjemdling alles dêr’t er Jo om oanropt, dat alle folken fan ’e ierde jo namme kennen leare en ûntsach foar Jo krije lykas jo folk Israel, en witte dat jo namme ferbûn is oan dit hûs dat ik boud haw.
44Bywannear’t jo folk derop útgiet om mei syn fijân te striden, de wei lâns dy’t Jo har opstjoere, en se bidde ta de Heare mei it gesicht nei de stêd dy’t Jo útkeazen hawwe en nei it hûs dat ik foar jo namme boud haw, 45harkje dan yn ’e himel nei har bidden en smeken en help har oan har rjocht.
46Bywannear’t se tsjin Jo sûndigje – der is ommers gjin minske dy’t net sûndiget – en Jo binne fergrime op har en Jo leverje har oer oan ’e fijân, en dy fijannen fiere har as gefangenen fuort nei har lân fierôf of tichteby, 47en as se dan ta ynkear komme yn it lân dêr’t se hinnebrocht binne, en har bekeare en Jo yn it lân dêr’t se fêsthâlden wurde, smeke: Wy hawwe sûndige en skuld op ús laden, ja hielendal mis west, 48– as se har dan mei hert en siel wer nei Jo takeare, dêr yn it lân fan ’e fijannen dy’t har dêr as gefangenen hinne brocht hawwe, en as se ta Jo bidde mei it gesicht nei it lân dat Jo har foarfaars jûn hawwe, en nei de stêd dy’t Jo útkeazen hawwe, en nei it hûs dat ik foar jo namme boud haw – 49harkje dan yn ’e himel, jo eigen wenplak, nei har bidden en smeken en help har oan har rjocht. 50Ferjou jo folk de sûnde, dy’t se tsjin Jo begien hawwe en de opstannichheid dêr’t se mei rebellearre hawwe tsjin Jo. Jou har meilijen by de minsken dy’t har as gefangenen fuortfierd hawwe, dat dy harren barmhertichheid bewize meie. 51Want hja binne jo folk en erfbesit. Jo hawwe har út Egypte weihelle, midden út dy smeltoven wei.
52Lit dochs jo eagen iepen wêze foar it smeken fan jo tsjinner en fan jo folk Israel. Harkje nei har, sa faak as se oan Jo roppe. 53Jo hawwe har ommers yn ’e rige fan ’e folken op ’e ierde as jo erfbesit apart set, lykas Jo troch jo tsjinner Mozes sein hawwe, doe’t Jo ús foarfaars út Egypte fierd hawwe, o God, myn Heare.
De segen, it offer en it feest
54Doe’t Salomo klear wie mei al dit bidden en smeken ta de Heare, kaam er oerein foar it alter fan de Heare, dêr’t er foar knibbele hie, mei de hannen útspraat nei de himel. 55Steandewei segene er de hiele gemeente fan Israel mei in machtich lûd: Heech te priizjen is de Heare, 56dy’t syn folk Israel rêst jûn hat, krekt sa’t Er sein hat. Net ien wurd is ferfallen fan alle goede wurden dy’t Er troch syn tsjinner Mozes sein hat. 57Mei Er ús net ferlitte, of ferstjitte, noch ôffalle, 58mar ús hert nei Him tabringe dat wy op al syn wegen geane en al syn geboaden, foarskriften en rjochtsregels yn acht nimme, dy’t Er ús foarfaars oplein hat. 59En dizze wurden fan my, dy’t ik foar it antlit fan de Heare smeke haw, lit se deun by de Heare ús God wêze, by nacht en by dei, dat Er it rjocht beskikke mei foar syn tsjinner en foar syn folk Israel, dei op dei. 60Sa meie dan alle folken op ’e ierde witte, dat de Heare God is en oars gjinien. 61En mei jimme hert folslein mei de Heare ús God wêze, om neffens syn foarskriften te libjen en syn geboaden yn acht te nimmen, krekt as hjoed-de-dei.
62Doe hat Salomo en hiele Israel mei him oanienwei offere foar it antlit fan de Heare. 63Salomo brocht de Heare as frede-offer 22.000 kij en 120.000 skiep. Sa hawwe de kening en alle Israeliten it hûs fan de Heare ynwijd. 64Dy deis hat de kening it foarhôf hillige yn ’e midden foar it hûs fan de Heare, om’t er dêr it brânoffer, it moaloffer en de fette stikken fan it frede-offer tameitsje moast. Want it brûnzen alter foar it antlit fan de Heare wie te lyts om it brânoffer, it moaloffer en de fette stikken fan it frede-offer te hâlden.
65Salomo fierde it feest doe en hiele Israel mei him. Der wienen in hiele heap minsken kommen, fan ’e yngong nei Hamat ôf oan ’e beek fan Egypte ta, foar it antlit fan de Heare, ús God, sân dagen en nochris sân dagen, fjirtjin dagen lang. 66De achtste deis liet er it folk gean. Hja groeten de kening en teagen nei har honk, bliid en woltemoed fanwegen al it goede, dat de Heare syn tsjinner David en syn folk Israel dien hie.