De keninginne fan Skeba komt
1Doe’t de keninginne fan Skeba de rop oer Salomo hearde yn ferbân mei de namme fan de Heare, kaam se om him mei riedsels te hifkjen. 2Hja kaam te Jeruzalem mei tige grutte staasje en mei kamielen, dy’t krûderijen, gâns goud en edelstiennen droegen. En doe’t se by Salomo kaam, spriek se mei him oer alles wat se op it hert hie. 3Salomo wist antwurd op al har fragen: neat wie de kening te tsjuster, dêr’t er har gjin antwurd op jaan koe. 4Doe’t de keninginne fan Skeba seach hoe wiis Salomo wie, en hoe’n hûs as er boud hie, 5wat iten by him op ’e tafel kaam, it sitten fan syn amtners en it stean fan syn betsjinners en har staasjeklean en de dranken en dan de offers dy’t er yn it hûs fan de Heare plichte te bringen, wie se der finaal ôf. 6Hja sei tsjin ’e kening: It is dus wol wier, wat ik yn myn eigen lân oer jo wurden en wysheid heard hie, 7mar ik haw it net leauwe wollen oant ik sels kommen bin en it mei eigen eagen sjoen haw. En wier, de helte wie my net trochdien. Jo geane yn wysheid en wolstân de rom dêr’t ik fan heard hie, fier te boppe. 8Wat in gelok foar jo mannen en foar dizze tsjinners fan jo, dat se aloan by jo yn tsjinst steane en jo wysheid oanhearre meie. 9Heech te priizjen is de Heare, jo God, dy’t sa wiis mei jo wie, dat Er jo op ’e troan fan Israel set hat, om’t de Heare Israel foar altyd leaf hat. Hy hat jo kening makke om rjocht en gerjochtichheid te dwaan. 10Doe joech se de kening hûndertentweintich talinten goud en in hiele heap krûderijen en edelstiennen. Noait is der wer sa’n heap krûderijen binnenkommen as de keninginne fan Skeba oan Salomo jûn hat.
11De skippen fan Chiram, dy’t goud foeren út Ofir, namen ek noch in hiele fracht sandelhout en edelstiennen út Ofir mei. 12Fan dat sandelhout makke de kening meubels foar it hûs fan de Heare en it hûs fan ’e kening en lieren en harpen foar de sjongers. Safolle sandelhout is der noait wer binnenkommen en hat der noait wer te sjen west oan hjoed-de-dei ta.
13Kening Salomo fan syn kant, rynsk dat er wie, joech de keninginne fan Skeba alles wêr’t se sin oan hie en wat se mar frege, bûten wat er har al jûn hie. Dêrnei gong se wer mei har gefolch nei har lân.
De rykdom fan Salomo
14It gewicht oan goud, dat yn ien jier by Salomo ynkaam, wie seishûndertseisensechstich goudtalinten, 15bûten wat der ynkaam fan ’e keaplju en de ynfier fan ’e kreamers en fan alle keningen yn Arabië en fan ’e steedhâlders yn it eigen lân.
16Kening Salomo makke ek twahûndert grutte skylden fan plette goud; foar elk skyld brûkte er seishûndert sikkel goud. 17En ek noch trijehûndert lytse skylden fan plette goud; foar elk skyld brûkte er trijehûndert sikkel goud. Dy skylden sette de kening yn it Libanon-wâldhûs.
18Fierders makke de kening in grutte ivoaren troan, besloech dy mei kleare goud. 19Seis treppen hie de troan en it boppeste fan ’e troan wie fan achteren rûn. De troansit hie oan wjerskanten leunings mei twa steande liuwefigueren dernjonken, 20en tolve steande liuwen dus oan wjerskanten op ’e seis treppen. Sokssawat is foar gjin inkeld keninkryk oait makke. 21Alle drinkensreau fan kening Salomo wie fan goud. Ek alle reau yn it Libanon-wâldhûs wie fan kleare goud. Sulver wie gjin tel yn ’e tiid fan Salomo. 22De kening hie ommers skippen op see, dy’t mei de skippen fan Chiram nei Tarsjisj foeren. Ien kear yn ’e trije jier kamen dy skippen fan Tarsjisj werom mei in fracht goud en sulver, ivoar, apen en pauwen. 23Kening Salomo stiek yn rykdom en wysheid boppe alle keningen fan ’e ierde út. 24Elkenien woe graach syn opwachting hy Salomo meitsje om te hearren, hoe’n grutte wysheid God him ynjûn hie. 25Allegearre namen se in jefte foar him mei: sulverguod en goudguod, klean, wapens, krûderijen, hynders en mûldieren; en dat gong sa mar, alle jierren weroan.
26Fierder brocht Salomo weinen en ruters byinoar, oant er 1400 weinen en 12.000 ruters hie. Hy legere dy yn weinstêden en by him yn Jeruzalem.
27De kening makke, dat sulver yn Jeruzalem like gewoan wie as stien en sederhout as de wylde figebeammen yn it Leechlân. 28Hynders krige kening Salomo út Misraïm en Kewé. Syn keaplju hellen se út Kewé foar de jildende priis. 29In wein út Misraïm kaam op 600 sikkel sulver en in hynder op 150. De levering oan de keningen fan ’e Hetiten en dy fan Aram rûn ek oer harren.