De bou fan it paleis foar Salomo
1Oer syn eigen hûs hat Salomo trettjin jier boud; doe hie er it alhiel klear. 2Hy boude earst it saneamde Libanon-wâldhûs. 100 jellen lang, 50 jellen breed en 30 jellen heech. Hy boude it op fjouwer rigen sederen stilen, mei sederen balken op ’e stilen. 3Der wie in dakbedekking fan sederhout op ’e fiifenfjirtich boppekeamers, dy’t yn rigen fan fyftjin steunden op ’e stilen. 4Ek wiene der trije rigen finsters, iepening foar iepening oer, trijerisom. 5Alle tagongen en iepeningen sieten fjouwerkantich yn in houten ramt, iepening foar iepening oer, trijerisom.
6Hy makke fierders in pylderhûs fan 50 jellen lang en 30 jellen breed mei in foarhûs der foar en in ôfdak op ’e pylders. 7Dan in troanseal, dêr’t er rjochtspriek, it rjochthûs, fan ’e flier oant de souder mei sederhout beklaaid. 8Fierders in wenhûs foar himsels yn it oare foarhôf achter de rjochtseal, yn deselde styl. Ek makke Salomo foar de dochter fan Farao, dêr’t er mei troud wie, in hûs alhiel yn ’e styl fan dizze seal.
9Al dy gebouwen wienen fan ’e bêste stien, yn it model seage oan ’e binnen- en bûtenkant, fan ’e fûneminten ôf oan ’e kroanlist ta. 10Fan bûten ôf oan ’e grutte foarhôf ta wie in grûnlaach fan ’e bêste stien dellein, grutte stiennen fan tsien en acht jellen 11en dêr wer boppe op waard dan boud mei de bêste stien en sederhout op mjitte. 12De grutte ringmuorre om ’e foarhôf wie fan trije lagen houde stien en ien laach sederen balke, krektlyk as by de binnenste foarhôf fan it hûs fan de Heare en it foarhûs fan it paleis.
It reau foar de earetsjinst
13Kening Salomo liet in man út Tyrus komme, dy’t ek Chiram hiet. 14Dat wie de soan fan in widdo út ’e stam Naftaly en syn heit wie in man út Tyrus, in koperslagger. Hy wie in fakman en tige bekwaam; hy hie ferstân fan allerhanne brûnswurk. Hy kaam by kening Salomo en fierde elke opdracht út, dy’t dy him joech.
15Hy foarme twa pylders fan brûns. Achttjin jellen heech wie de iene pylder en in tried fan tolve jellen koe der krekt omhinne en sa wie it krektlyk by de oare pylder. 16Ek makke er twa kapitelen, dy’t er boppe op ’e pylders sette woe, yn brûns getten. Fiif jellen wie de hichte fan it iene kapiteel en fiif jellen de hichte fan it oare. 17Krânsen makke er – krânsen fan slingers foar de kapitelen, boppe op ’e pylders, sân foar it iene en sân foar it oare. 18Doe makke er twa rigen granaatappels om de iene krânse hinne, dy’t de kapitelen op ’e pylders bedekke moasten; en sa die er ek by it oare kapiteel. 19En de kapitelen by it foarhûs boppe op dy pylders wienen leeljefoarmich en fjouwer jellen heech, 20te witten: de kapitelen op beide pylders, boppe oan de bol, dêr’t de krânsen om hinne rûnen. Twahûndert granaatappels sieten yn rigen rûnom op ’e kapitelen, it iene krektlyk as it oare. 21Dêrnei sette er de pylders oerein foar it foarhûs fan ’e timpel. Doe’t er de rjochterpylder oereinset hie, neamde er dy Jakin en doe’t er de linkerpylder oereinset hie, neamde er dy Boäz. 22En doe’t it leeljemodel oanbrocht wie boppe op ’e pylders, wie it wurk oan ’e pylders klear.
23Fierder makke er de see, getten wurk, tsien jellen fan râne oant râne, hielendal rûn en fiif jellen heech, wylst in mjitsnoer fan tritich jellen der krekt omhinne koe. 24Under de râne lâns sieten kwintappels, sân op ’e jellen, de hiele rûnte om ’e see hinne; twa rigen kwintappels, fuort yn ’e foarm getten. 25Dy see stie op tolve kij; trije stienen mei de kop nei it noarden, trije nei it westen, trije nei it suden en trije nei it easten. De see rêste op dy kij en dy stienen mei it achterein nei binnen ta. 26De see wie in hânbree tsjûk en de râne hie de foarm fan in beker, krekt in leelje. Dêr koe 2000 bat yn.
27Ek makke er tsien brûnzen weinstellen. Fjouwer jellen wie de langte fan elk weinstel, fjouwer jellen de breedte en trije de hichte. 28Sa wie de foarm fan elk weinstel: der wienen platen op, platen op ramten. 29Op ’e platen op ’e ramten stienen liuwen, kij en kearûb-ingels ôfbylde. Op ’e ramten krektsa. Boppe en ûnder de liuwen en de kij wienen ôfhingjende krânsen. 30Elk weinstel hie fjouwer brûnzen tsjillen en assen, en ek fjouwer fuotstikken mei hânsels der oan. De hânsels wienen ûnder oan ’e tsjettel getten, mei krânsen der foaroer. 31De iepening fan ’e tsjettel stike in jellen boppe de hânsels út. De foarm fan de iepening wie rûn en oardel jellen djip en ek op de iepening siet byldwurk, mar sa, dat de beplating fjouwerkant en net rûn wie. 32De fjouwer tsjillen sieten achter de beplating op steunders oan it weinstel fêst en de hichte fan elk tsjil wie oardel jellen. 33De foarm fan ’e tsjillen wie krekt as dy fan in striidwein. De assen, de tuollen, de fellingen en speaken wienen allegearre getten. 34De fjouwer hânsels oan ’e hoeken fan it weinstel sieten dus oan it weinstel fêst. 35Oan ’e boppekant fan it weinstel wie in hielendal rûne opsteande râne, in jellen heech, mar oan de boppekant fan it weinstel sieten ek de hânsels en de beplating fêst. 36Op ’e flakke kanten fan ’e hânsels en op ’e beplating snie Chiram ingels, liuwen en palmen út, safolle romte as der mar foar wie, en dêr wer krânsen omhinne. 37Sa hat er tsien weinstellen makke; allegearre itselde getten wurk, deselde mjitte en deselde foarm.
38Tsien brûnzen tsjettels makke er. Yn elke tsjettel koe fjirtich bat, elke tsjettel wie fjouwer jellen wiid en elke tsjettel stie op ien fan ’e tsien weinstellen. 39Hy joech de weinstellen plak: fiif oan ’e rjochterkant fan it hûs en fiif oan ’e linkerkant fan it hûs. De see joech er in plak oan ’e rjochterkant fan it hûs, mear nei it súdeasten. 40Chiram makke ek de potten en skeppen en sprinkelskalen.
Sa is Chiram alhiel klear kommen mei it wurk dat er foar kening Salomo dwaan moast yn it hûs fan de Heare; 41de twa pylders, bolfoarmige kapitelen op ’e beide pylders, de twa krânsen, om de beide bolfoarmige kapitelen, boppe op ’e pylders te bedekken, 42de fjouwerhûndert granaatappels foar de beide krânsen, twa rigen granaatappels foar elke krânse, om de beide bolfoarmige kapitelen op ’e pylders te bedekken, 43de tsien weinstellen, de tsien tsjettels op ’e weinstellen, 44de iene see mei de tolve kij ûnder de see, 45de potten, de skeppen en de sprinkelskalen. Al dat reau, dat Chiram foar Salomo yn it hûs fan de Heare makke hat, wie fan glêdskjirre brûns. 46Yn ’e Jordaanstreek liet er se jitte yn ’e liemjitterij tusken Sûkkot en Saratan. 47Salomo liet it gewicht fan al dat reau foar wat it wie, om’t it sa’n ûnwittend grutte heap wie. It gewicht fan it brûns waard net iens fêststeld.
48Salomo makke ek noch al dat oare reau yn it hûs fan de Heare: it gouden alter, de gouden tafel dêr’t it toanbrea op lizze moast 49en rjochts en links foar it achterhûs de fiif standers fan kleare goud, it blomwurk, de lampen en de snuters fan goud, 50de skalen, messen, sprinkelskalen, bekkens en pannen fan kleare goud, de hingen fan ’e doarren nei it binnenste fertrek – it allerhillichste –, en fan ’e doarren nei de grutte seal fan ’e timpel, alles fan goud. 51Doe’t alle wurk ree wie, dat kening Salomo oan it hûs fan de Heare dien hie, brocht Salomo de wijjeften fan syn heit David deryn. It sulver, it goud en de wijjeften lei er yn ’e skatkeamers fan it hûs fan de Heare.