1sjoch, doe kaam der in godsman út Juda yn opdracht fan de Heare te Bet-El, wylst Jerobeäm op it alter stie om it offer oan te stekken. 2Yn opdracht fan de Heare rôp er it út tsjin it alter: Alter, alter, dit hat de Heare te sizzen: Der sil yn Davids hûs in soan berne wurde mei de namme Josjía en dy sil op dij offerje de prysters fan ’e offerhichten, dy’t no op dij it offer oanstekke en der sille minskebonken op dij ferbaarnd wurde. 3Dy deis hat er ek in wûnderteken dien en sein: Dit is it wûnderteken dat de Heare foarsein hat. Dat alter dêr sil spjalte, dat it fet dat derop is, derôf rint.
4Doe’t de kening it wurd fan ’e godsman, dat er tsjin it alter te Bet-El roppen hie, hearde, stiek Jerobeäm boppe fan it alter ôf de hân út en sei: Pak him op! Mar de hân, dy’t er nei him útstutsen hie, ferstive, dat hy koe him net werom lûke. 5It alter spjalte ek, dat it fet rûn derôf; sa barde it wûnder dat de godsman yn opdracht fan de Heare dien hie. 6De kening spriek nochris tsjin ’e godsman en sei: Taast dochs de Heare dyn God yn it moed en bid foar my, dat myn hân weromlutsen wurde mei. De godsman taaste de Heare yn it moed en de hân koe weromlutsen wurde en waard krektlyk as tefoaren.
7Dêrop sei de kening tsjin ’e godsman: Kom mei yn ’e hûs en nim in flaubyt. Ik wol jo graach wat jaan. 8Mar de godsman sei tsjin ’e kening: Al soenen jo my de helte fan jo hûs jaan, dan soe ik dochs net meigean, en gjin brea ite en gjin wetter drinke yn dizze oarde. 9Want dit is my troch de Heare seis oplein: Yt gjin brea, drink gjin wetter en kom net deselde wei lâns, dysto hinne gien bist.
10Doe gong er fuort, in oare wei lâns en hy naam net deselde wei werom, dêr’t er op ’e hinnereis nei Bet-El lâns kommen wie.
De godsman dy’t sels net om sizzen jout
11No wenne der yn Bet-El ek in profeet, in man op jierren. Dy syn soannen kamen thús en fertelden him al wat de godsman dy deis te Bet-El dien hie en de wurden, dy’t er tsjin ’e kening sein hie. Doe’t se har heit dat fertelden 12sei er tsjin har: Hokker kant is er út gien? Hja betsjutten him, hokker kant de godsman út Juda opgien wie. 13Doe sei er tsjin syn soannen: Sealje my de ezel. En hja sealen him de ezel. Hy gong derop sitten 14en gong de godsman achternei, dy’t er fûn ûnder in terebint. Hy sei tsjin him: Binne jo faaks de godsman, dy’t út Juda kommen is? Hy sei fan ja. 15Doe sei er: Kom mei yn ’e hûs om wat te iten. 16Mar hy sei: Ik kin net mei werom en net mei jo yn ’e hûs om yn dizze oarde brea te iten en wetter te drinken. 17Want sa is my troch de Heare oplein: Yt gjin brea en drink gjin wetter en kom net deselde wei werom dysto hinne gien bist. 18Doe sei er tsjin him: Mar ik bin likegoed in profeet as jo en in ingel hat yn opdracht fan de Heare tsjin my sein: Lit him mei dy nei hûs werom gean om wat te iten en te drinken. Hy liigde him lykwols te foaren. 19Doe is er mei him weromgien om wat te iten en te drinken.
20Mar doe’t se by de tafel sieten, krige de profeet dy’t him meinommen hie, in wurd fan de Heare. 21Hy rôp it út tsjin ’e godsman út Juda: Dit hat de Heare te sizzen: Omdatsto tsjin myn sizzen yngien biste en dy net hâlden hast oan it gebod dat de Heare dyn God dy jûn hat, 22en weromgien bist om yn dizze oarde te iten en te drinken, wylst Ik sein hie: Yt dêr gjin brea en drink dêr gjin wetter – no sil dyn lyk net yn it grêf fan dyn foarfaars komme.
23Nei’t er iten en dronken hie, seale de profeet dy’t him ophelle hie, him de ezel. 24Mar doe’t er fuortgien wie, trof in liuw him ûnderweis en makke him dea. Doe lei dêr dat lyk op ’e wei en de ezel stie dernjonken en ek de liuw stie njonken it lyk. 25Manlju dy’t foarbykamen, seagen it lyk dêr op ’e wei lizzen en de liuw derby stean. Dy gongen de stêd dêr’t de âlde profeet wenne, yn om it te fertellen.
26Doe’t de profeet dy’t him fan ’e wei helle hie, dat hearde, sei er: Dat is dy godsman, dy’t tsjin it sizzen van de Heare yngien is. De Heare hat him oerjûn oan in liuw en dy hat him de nekke brutsen en deamakke, alhiel sa’t de Heare tsjin him sein hie. 27Hy sei tsjin syn soannen: Sealje my de ezel. En hja sealen him de ezel. 28Doe’t er hinnegien wie, fûn er it lyk dêr op ’e wei lizzen en de ezel en de liuw njonken it lyk, sûnder dat de liuw fan it lyk iten of de ezel ferskuord hie. 29De profeet tilde it lyk fan ’e godsman op en lei it op ’e ezel en brocht it werom. Hy kaam de stêd fan ’e âlde profeet yn om te roujen en om him te begraven. 30Hy lei him yn syn eigen grêf en hja rouden oer him mei dizze klacht: Och myn broer!
31Doe’t er him begroeven hie, sei er tsjin syn soannen: By myn dea moatte jim my begrave yn it grêf dêr’t de godsman yn begroeven is; myn lichem moatte jimme njonken sines lizze. 32Want it wurd dat er yn opdracht fan de Heare tsjin it alter te Bet-El útroppen hat en tsjin alle timpels op ’e offerhichten, dy’t yn ’e stêden fan Samaria binne, sil sûnder mis neikomme.
33Nei dit foarfal is Jerobeäm net fan syn ferkearde wei weromkommen. Op ’e nij stelde er allerhanne slach folk oan as prysters foar de offerhichten. Wa’t mar woe, joech er de wijing om pryster fan ’e offerhichten te wurden. 34Dat wie de sûnde fan it hûs fan Jerobeäm; dêrom is it dan ek ferneatige en fan ’e ierdboaiem ferdylge.