Twaspjalt yn it ryk
1Rechabeäm gong nei Sichem, want hiele Israel wie yn Sichem kommen om him as kening út te roppen. Jerobeäm, de soan fan Nebat hearde derfan. 2Hy siet noch yn Egypte, dêr’t er ûntwyk socht hie foar Salomo. 3Hja lieten him helje. Sa kaam Jerobeäm mei de hiele gemeente fan Israel by Rechabeäm en se seinen: 4Jimme heit hat ús in swier jok oplein; meitsje jo no de hurde tsjinst en dat swiere jok dat jimme heit ús oplein hat, lichter, dan sille wy jo tsjinstber wêze. 5Hy sei tsjin har: Gean earst noch trije dagen fuort en kom dan wer by my. En it folk gong fuort.
6Doe frege kening Rechabeäm de âlderen, dy’t by syn heit yn tsjinst west hienen doe’t dy noch libbe, om rie en sei: Wat riede jimme my, wat antwurd moat ik dit folk jaan? 7Hja seinen tsjin him: As jo jo hjoed ûnder dit folk deljouwe en har tsjinje, har skiklik antwurdzje en tereden steane, dan sille se jo al jo libbensdagen tsjinje. 8Hy sloech lykwols de rie dy’t de âlderen him joegen yn ’e wyn en frege de jongeren, dy’t mei him opgroeid wienen en dy’t no yn syn tsjinst stienen om rie. 9Hy sei tsjin har: Wat riede jim my, wat antwurd sille wy jaan oan dit folk, dat my frege hat: Meitsje it jok dat jim heit ús oplein hat, lichter. 10De jongkeardels dy’t mei him opgroeid wienen, seinen tsjin him: Dit beskied moatte jo it folk jaan dat tsjin jo sein hat: Jimme heit hat ús jok swier makke, meitsje jo it ús no lichter. Jo moatte dit sizze: Myn pinke is grouwer as ús heite mul. 11No dan,
ús heit hat jim in swier jok oplein –
ik sil der noch wat boppe-op dwaan;
ús heit hat jimme mei de swipe kastijd –
ik sil in swipe mei izeren stikels brûke.
12De tredde deis kaam Jerobeäm mei it hiele folk by Rechabeäm, sa’t de kening steld hie: Kom oaremoarn wer by my. 13De kening joech it folk in batsk antwurd. Hy sloech de ried dy’t de âlderen him jûn hienen, yn ’e wyn 14en neffens de ried fan ’e jongeren sei er tsjin har:
Us heit hat jim in swier jok oplein –
ik sil der noch wat boppe-op dwaan;
ús heit hat jimme mei de swipe kastijd –
ik sil in swipe mei izeren stikels brûke.
15Sa harke de kening dus net nei it folk, dat wie in beskikking fan de Heare, dat Hy it wurd wier makke, dat Er troch Achía fan Sjilo tsjin Jerobeäm, de soan fan Nebat, sprutsen hie. 16Doe’t hiele Israel seach dat de kening net nei har harkje woe, rôp it folk him ta:
Wat hawwe wy langer mei David te meitsjen?
Wy ha neat mear te wachtsjen fan Isai’s soan.
Allegear nei jim eigen honk, Israel!
Rêd mar mei dyn eigen hûs, David!
Sa gong Israel nei syn eigen honk. 17Mar de Israeliten dy’t yn ’e stêden fan Juda wennen, dêr bleau Rechabeäm kening oer. 18Doe’t kening Rechabeäm Adoaram stjoerde, de man dy’t oer de hearetsjinsten stie, smieten se dy mei stiennen, dat er it bestoar. It slagge kening Rechabeäm sels mar amperoan om op ’e wein te klimmen en nei Jeruzalem te flechtsjen. 19Sa hat Israel mei it hûs fan David brutsen en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta. 20Doe’t hiele Israel heard hie, dat Jerobeäm weromkommen wie, hienen se him de boade dien en nei de gearkomste roppe litten. Hja hienen him kening makke oer hiele Israel en gjinien folge it hûs fan David, as allinne de stam Juda.
21Doe’t Rechabeäm te Jeruzalem kaam, brocht er it hiele folk fan Juda en de stam Benjamin byinoar, 180.000 striidbere jongkeardels, om tsjin it folk fan Israel te fjochtsjen en sa it hiele keninkryk werom te winnen. 22Mar de godsman Sjemaja krige dit wurd fan God: 23Sis tsjin Rechabeäm, de soan fan Salomo, de kening fan Juda, tsjin it hiele folk fan Juda en Benjamin en tsjin alle oaren: 24Dit hat de Heare te sizzen: Gean der net op los en fjochtsje net tsjin jimme bruorren, de Israeliten. Gean werom, elk nei syn eigen hûs, want dizze saak is fan My útgien. Doe harken se nei it wurd fan de Heare en gongen werom, lykas de Heare sein hie.
In nije earetsjinst yn it noarden
25Jerobeäm hat Sichem útboud yn ’e bergen fan Efraïm en sette him dêr nei wenjen. Dêrwei gong er hinne en boude Penûel út. 26Fierders tocht Jerobeäm by himsels: It keningskip koe wolris by it hûs fan David weromkomme. 27As dit folk iderkear nei it hûs fan de Heare te Jeruzalem giet om offers te bringen, dan koe it hert fan dit folk wolris wer nei har hear, kening Rechabeäm fan Juda, werom lûke. Wa wit, slagge se my dea en keare werom nei Rechabeäm, de kening fan Juda. 28Dat de kening waard te riede en makke twa gouden keallen. Hy sei tsjin it folk: Jimme hawwe fakernôch nei Jeruzalem west. Hjir binne dyn goaden, Israel, dy’t dy út it lân fan Egypte weihelle hawwe. 29Hy sette it iene keal op yn Bet-El en it oare joech er plak yn Dan 30en dat brocht de Israeliten ta sûnde. Want it folk wie sels yn optocht foar it iene byld útrûn nei Dan ta. 31Fierders hat er timpels op ’e offerhichten makke en út allerhanne folk prysters oansteld, dat net ienris Leviten wienen. 32En dan hat Jerobeäm in feest ynfierd foar de achtste moanne, op ’e fyftjinde dei fan dy moanne, krekt sa’n feest as yn Juda, en hy is sels by it alter opgien. Dat hat er ek yn Bet-El dien, om te offerjen oan ’e keallen, dy’t er makke hie. Derby liet er de prysters fan ’e offerhichten, dy’t er oansteld hie, te Bet-El komme.
In godsman komt te Bet-El
33Doe’t Jerobeäm by it alter opgong, dat er te Bet-El makke hie, de fyftjinde deis fan ’e achtste moanne, in moanne dy’t er sels betocht hie om in feest foar Israel yn te fieren – doe’t er dan by it alter opgong om it offer oan te stekken,