De sike jonge fan Jerobeäm
1Yn dyselde snuorje waard Abía, de soan fan Jerobeäm, siik. 2Jerobeäm sei tsjin syn frou: Meitsje dy klear, ferklaai dy, dat se net sjen kinne datsto de frou fan Jerobeäm biste, en gean nei Sjilo. Dêr wennet ommers de profeet Achía. Hy hat fan my sein, dat ik kening oer dit folk wurde soe. 3Nim tsien bôlen, wat lytse koeken en in krûk hunich mei, en gean nei him ta. Hy sil dy te witten dwaan hoe’t it mei de jonge komt. 4En de frou fan Jerobeäm die dat. Se makke har klear, gong nei Sjilo en kaam by Achía yn ’e hûs. No koe Achía neat sjen, want syn eagen stienen stiif fan âlderdom. 5Mar de Heare hie al tsjin Achía sein: Dêr komt de frou fan Jerobeäm oan om dy te freegjen om in útspraak oer har soan, want dy is siik. Sa en sa moatst tsjin har sizze. As se deryn komt, sil se beare dat se dij frjemd is.
6Doe’t Achía it lûd fan har stappen hearde, mei’t se de doar ynkaam, sei er: Kom deryn, frou fan Jerobeäm. Wêrom beare jo dat jo my frjemd binne? Ik haw net sa’n moai boadskip foar jo. 7Gean nei hûs, sis tsjin Jerobeäm: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ik haw dij midden út dit folk wei omheechbrocht en dij as foarst oer myn folk Israel oansteld. 8It keningskip haw Ik it hûs fan David ôfskuord en dij jûn. Mar do wiest net lykas myn tsjinner David, dy’t myn geboaden yn acht naam en mei syn hiele hert My folge, troch allinne mar te dwaan, sa’t Ik it hawwe woe. 9Do hast mear ferkeard dien as allegearre dy’t foar dy west hawwe. Do bist hinnegien en hast frjemde goaden, ja getten bylden makke, om My te tergjen en My de rêch ta te kearen. 10Dêrom sil Ik no in ramp oer it hûs fan Jerobeäm komme litte. Ik sil fan Jerobeäm útroegje al wat manlik is, de mearderjierrige en de minderjierrige yn Israel. Ik sil de neiteam fan Jerobeäm fuortfeie, sa’t de drek opfage wurdt, oant der neat mear fan oer is. 11Wa’t fan Jerobeäm yn ’e stêd stjert, sille de hûnen ite, en wa’t yn it fjild stjert, sille de fûgels út ’e loft ite; want de Heare hat it sein. 12En gean jo no mar oerein en nei hûs. Sagau’t jo fuotten in stap yn ’e stêd sette, sil de jonge stjerre. 13Hiele Israel sil om him rouje en him begrave, want fan it hûs fan Jerobeäm komt hy allinne yn it grêf, omdat yn him allinne wat goeds fûn wurdt foar de Heare, de God fan Israel. 14En de Heare sil Himsels in kening oproppe oer Israel, dy’t it hûs fan Jerobeäm útroegje sil. Dit is it dan foar hjoed en wat komt der noch mear? 15De Heare sil Israel slaan, dat it ruoiket as reid yn it wetter. Hy sil Israel út ’e goede grûn skuorre, dy’t Er har foarfaars jûn hie. Hy sil se ferstruie oan ’e oare kant de Rivier, omdat se har wijde peallen makke en de Heare dêrmei terge hawwe. 16Hy sil Israel oerjaan om ’e sûnden fan Jerobeäm, dy’t er seis dien hat en dêr’t er Israel ta brocht hat.
17Doe gong de frou fan Jerobeäm oerein en op reis en hja kaam te Tirsa. En mei dat se op ’e drompel fan har hûs stapte, stoar de jonge. 18Hja begroeven him en hiele Israel wie fan him yn ’e rouwe, sa’t de Heare sein hie troch syn tsjinner, profeet Achía.
19It fierdere fan ’e skiednis fan Jerobeäm, hoe’t er oarlochfierd en hoe’t er regearre hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan Israels keningen. 20De tiid dy’t Jerobeäm regearre hat, wie twaëntweintich jier. Hy is rêst mei syn foarfaars en syn soan Nadab folge him op.
Rechabeäm fan Juda
21Rechabeäm, de soan fan Salomo, wie kening fan Juda. Ienenfjirtich jier wie Rechabeäm, doe’t er oan it regear kaam en santjin jier hat er regearre te Jeruzalem, de stêd dy’t de Heare út alle stammen fan Israel foar kar nommen hat om syn namme deroan te ferbinen. De namme fan syn mem wie Naäma, de Ammonityske. 22Juda die net sa’t de Heare it hawwe woe. Se tergen Him mear as har foarfaars oait dien hienen, troch de sûnden dy’t se bedreauwen. 23Sy bouden ek har offerhichten, wijde stiennen en peallen op elke hege heuvel en ûnder elke griene beam. 24Der wienen yn it lân sels wijde ûntuchtigen. Se dienen krekt sa skandlik as de folken, dy’t de Heare foar de eagen fan Israel it lân ôfnommen hie.
25Mar yn it fyfte jier fan kening Rechabeäm syn regear marsjearde Sjisjak, de kening fan Egypte op nei Jeruzalem. 26Hy naam de timpelskatten fan de Heare en de paleisskatten fan ’e kening mei. Hy naam ek de gouden draachskylden, dy’t Salomo makke hie. 27Kening Rechabeäm makke der brûnzen draachskylden foar yn ’t plak. De kommandanten fan ’e garde, dy’t by de yngong fan it paleis op wacht stie, joech hy dêr de beskikking oer. 28Iderkear as de kening nei it hûs fan de Heare gong, droech de garde de skylden en brocht se dêrnei wer nei it wachtlokaal. 29It fierdere fan ’e skiednis fan Rechabeäm, alles wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 30It hat allegeduerigen oarloch west tusken Rechabeäm en Jerobeäm. 31En Rechabeäm is rêst mei syn foarfaars en waard begroeven yn ’e Davidsstêd. Syn mem hiet Naäma en syn soan Abíam folge him op.