1 Korintiërs 6
Sykje gjin rjocht by heidenske rjochters
1Weaget ien fan jimme it, as er kwestje hat mei syn neiste, syn rjocht te sykjen by de ûnrjochtfeardigen ynstee fan by de hilligen? 2Of witte jimme net, dat de hilligen de wrâld oardielje sille? En as sels de wrâld troch jimme oardiele wurde sil, binne jimme dan net befoege yn de ûnnoazelste rjochtsaken? 3Witte jimme net, dat wy oer ingels oardielje sille? Soenen wy it dan net oer deistige dingen dwaan! 4As jimme no kwestje hawwe oer deistige saken, litte jim dêr dan de minsken oer gean, dy’t yn ’e gemeente it minst yn tel binne? 5Ik sis dit, dat jimme jim skamje sille. Is der dan ûnder jimme gjin ien sa wiis, dat er oardielje kin tusken de iene broer en de oare? 6Smyt de iene broer it yn ’e pleit tsjin ’e oare en dat noch wol by lju dy’t net leauwe? 7Jimme hawwe it yn elk gefal al yn it foar ferlern, om’t jimme rjochtsaken mei elkoar hawwe. Wêrom lije jimme net leaver ûnrjocht? Wêrom litte jimme jim net leaver bestelle? 8Mar nee, jimme dogge sels ûnrjocht en bestelle inoar en dat noch wol jimme eigen bruorren. 9Witte jimme net, dat wa’t ûnrjocht dogge, net yn it keninkryk fan God komme sille? Meitsje jimsels neat wiis! Huorkers, ôfgoadetsjinners, troubrekkers, skandejonges, jongesskeiners, 10dieven, ynklauwers, sûplappen, lasterders of rovers, sokken sil God syn ryk net jaan. 11Guon fan jimme hawwe dat al west, mar no hawwe jimme jim waskje litten, jimme binne hillige, jimme binne rjochtfeardige yn ’e namme fan de Hear Jezus Kristus en troch de Geast fan ús God.
Warskôging tsjin ûnseedlikens
12Alles stiet my frij, mar net alles is goed foar my. Alles stiet my frij, mar ik sil my myn frijheid troch neat ûntnaderje litte. 13It iten is foar de mage en de mage foar it iten, mar God sil oan it iene likegoed as oan it oare in ein meitsje. It lichem lykwols is net foar de huorkerij, mar foar de Hear en de Hear foar it lichem. 14God hat net allinne de Hear út ’e deaden opwekke, mar Hy sil ek ús opwekje troch syn krêft. 15Witte jimme net, dat jimme lichems in diel fan it lichem fan Kristus binne? Mei ik dan fan in lichemsdiel fan Kristus in lichemsdiel fan in hoer meitsje? Ut-noch-yn net! 16Witte jimme net, dat wa’t omgong mei in hoer hat, ien lichem mei har is? Want dy twa – seit Er – sille folslein ien wêze. 17Mar wa’t omgong mei de Hear hat is ien geast (mei Him). 18Mij de oerhoer. Elke oare sûnde, dy’t de minske mar docht, rekket it eigen lichem net! Mar wa’t oerhoer docht, sûndiget tsjin it eigen lichem. 19Of witte jimme net, dat jimme lichem in timpel is fan de hillige Geast dy’t yn jim wennet, dy’t jimme fan God krige hawwe, en dat jimme net fan jimsels binne? 20Jimme binne kocht en de priis is betelle. Ferhearlikje God dan mei jimme lichem.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap