Antwurd op fragen oer it houlik
1No sille wy it hawwe oer wat jimme skreaun hawwe. It is it bêste, dat in man net oan in frou komt. 2Ja, mar fanwegen de huorkerijen moat elke man syn eigen frou hawwe en elke frou har eigen man. 3Man en frou moatte elkoar dat jaan, dêr’t se rjocht op hawwe. 4De frou is gjin baas oer har eigen lichem, mar har man; allyksa is de man ek gjin baas oer syn eigen lichem, mar syn frou. 5Untkear elkoar dat net, behalven dan faaks, as jimme it deroer iens binne, foar in tiid, om jimme ta te lizzen op it gebed; en dan moatte jimme wer byinoar komme, dat de duvel jimme net fersiket, om’t jimme jimsels net mear yn ’e macht hawwe. 6Dat sis ik om jimme yn ’e mjitte te kommen, net as befel. 7Mar ik soe graach wolle, dat alle minsken wienen lykas iksels. Elk hat lykwols syn eigen jefte fan God, de iene dizze, de oare dy. 8Harren dy’t net troud binne en de widdowen sis ik dit: it is it bêste foar har, as hja bliuwe lykas ik ek bin. 9Mar as se harsels net yn ’e macht hawwe, lit se dan mar trouwe, want it is better te trouwen as fan langstme te brânen.
10Har dy’t troud binne hjit ik, – of leaver net ik, mar de Hear –: de frou moat net by de man weigean: 11– hat se dat dochs dien, dan moat se sûnder man bliuwe of har mei har man fermoedsoenje – en allyksa: in man mei syn frou net ferstjitte. 12Tsjin de oaren sis iksels, net de Hear: as in kristen in frou hat, dy’t net leaut, en it is har bêst om mei him te wenjen, dan moat er har net ferstjitte. 13En in frou, dy’t in man hat, dy’t net leaut, en it is him bêst om mei har te wenjen, moat har man net ferstjitte. 14Want de man, dy’t net leaut, is hillige troch de ban mei de frou en de frou, dy’t net leaut, is hillige troch de bân mei de kristen. Want oars soenen jimme bern ûnrein wêze, mar no binne se hillich. 15Mar as de partij, dy’t net leaut, skiede wol, lit him skiede. De kristen of kristin is yn sokke gefallen net bûn: Ta frede hat God ús roppen. 16Want wat witte jo der fan, frou, oft jo jo man ta behâld wêze sille? Of wat witte jo der fan, man, oft jo jo frou ta behâld wêze sille?
17En fierder moat elk sa libje, as de Hear it him taparte hat en sa’t God him roppen hat. En sa be-oarderje ik it yn alle gemeenten. 18Wie ien besnien, doe’t er roppen waard? Hy moat it net ferhelpe litte. Wie ien ûnbesnien? Hy moat him net besnije litte. 19De besnijenis betsjut neat en it net-besnien wêzen betsjut neat, mar wol it hâlden fan Gods geboaden. 20Lit elk bliuwe sa’t er wie, doe’t er roppen waard. 21Bisto as slaaf roppen? Sit dêr mar net oer yn. Mar asto ek frij wurde kinst, gryp dy kâns dan leaver. 22Want de slaaf, dy’t roppen is om by de Hear te hearren, is in frijlittene fan ’e Hear. Allyksa is hy, dy’t as frije roppen is, in slaaf fan Kristus. 23Jimme binne kocht en de priis is betelle. Wurd gjin slaven fan minsken. 24Lit elk, bruorren, foar God bliuwe sa’t er wie, doe’t er roppen waard.
Oer har dy’t net troud binne
25Wat de fammen oangiet haw ik gjin gebod fan de Hear, mar ik jou myn miening as ien, dy’t troch de Hear yn syn barmhertigens as betrouwensman oansteld is. 26My tinkt dus, dat dit it bêste is fanwegen de need, dy’t der op’t heden is, te witten dat it foar in minske it bêste is om sa te wêzen. 27Bisto oan in frou bûn? Sykje gjin skieding. Bisto sûnder frou? Sykje gjin frou. 28Mar asto al troust, do sûndigest net. En as in faam trout, hja docht gjin sûnde. Mar sokken sille swierrichheden yn dit ierdske libben hawwe, dy’t ik jimme wol besparje woe. 29Dit bedoel ik, bruorren: it is koart dei. Lit dêrom sels har, dy’t in frou hawwe, wêze as hienen se gjin; 30dy’t skrieme, as skriemden se net; dy’t bliid binne, as wienen se net bliid; dy’t keapje, as soenen se it net hâlde; 31dy’t dizze wrâld brûke, as soenen se dy net te’n ein brûke. Want it uterlik bestek fan dizze wrâld is oan it foarbygean.
32Ik woe wol, dat jimme sûnder soargen wienen. Wa’t net troud is, hat syn soargen mei de dingen fan de Hear, hoe’t er it de Hear nei ’t sin dwaan sil. 33Dy’t troud is hat syn soargen mei de dingen fan ’e wrâld, hoe’t er it syn frou nei ’t sin dwaan sil 34en hy moat om twa dingen tagelyk tinke. En de frou, dy’t gjin man mear hat en de faam hawwe har soargen mei de dingen fan de Hear, om hillich te wêzen, sawol nei it lichem as nei de geast. Mar de troude frou hat har soargen mei de dingen fan ’e wrâld, hoe’t se it har man nei ’t sin dwaan sil. 35Dat sis ik foar jimme bêst, net om jimme oan bannen te lizzen; it is my allinne te rêden om wat foech jout en om in ûnbehindere tawijing oan de Hear.
36As ien mient, dat er ûnfoech mei syn fammensdochter docht, as se al wat âlder wurdt en der wat dien wurde moat, lit him dwaan wat er wol: lit harren trouwe, it is gjin sûnde. 37Mar dy’t wis fan himsels is en net twongen wurdt, mar dwaan kin wat er sels wol, en yn syn hert besletten hat om syn fammensdochter net trouwe te litten, dy sil der goed oan dwaan. 38Sa docht wa’t syn fammensdochter trouwe lit, der goed oan: wa’t har net trouwe lit, docht better. 39In frou is bûn sa lang’t har man libbet, mar as har man rêst is, is se frij om te trouwen mei wa’t se wol, as it mar mei in kristen is. 40Mar nei myn betinken is se lokkiger as se net wer trout. En my tinkt, dat ik ek de Geast fan God haw.