1 Korintiërs 5
Skandlike sûnde en de ferantwurdlikheid fan ’e gemeente
1Yn elk gefal, men heart, dat der ûnder jimme ûnseedlikens is, en wol soksoarte, as der sels ûnder de heidenen net foarkomt: dat ien libbet mei syn heite frou. 2En dan binne jimme ek noch grutsk? Wêrom rouje jimme net leaver, dat sadwaande ien, dy’t soks útheefd hat, út jimme fermidden ferballe wurde mei? 3Want al bin ik sels net yn jimme fermidden, nei de geast bin ik dochs by jimme. Dêrom haw ik, as wie ik by jimme, him dy’t soks útheefd hat, al feroardiele. 4Yn ’e namme fan ús Heare Jezus, wylst jimme en myn geast byinoar binne mei de krêft fan Jezus ús Hear – 5hawwe wy besletten om sa’n ien oan de satan oer te jaan ta ferdjer fan syn ierdsk bestean, dat syn geast behâlden wurde mei de deis fan de Hear.
6Jimme grutskens jout gjin pas. Witte jimme net, dat in bytsje soerdaai it hiele daai soer makket? 7Suverje it âlde soerdaai út, dat jimme farsk daai wêze meie, mei’t jimme net-suorre koeken binne. Want ek ús peaskelaam is slachte: Kristus. 8Lit ús dêrom feestfiere, net mei âld soerdaai, noch mei soerdaai fan ferkeardens en ferdoarnens, mar mei net-suorre koeken fan suverens en wierheid. 9Ik haw jimme yn myn eardere brief al skreaun, dat jimme net omgean moatte mei ûnseedlike minsken. 10Ik hie dêrby net de ûnseedlike minsken fan dizze wrâld yn it algemien op it each, of de ynklauwers en rovers of ôfgoadetsjinners. Dan soenen jimme ommers ta de wrâld útrinne moatte. 11Mar no skriuw ik jimme, dat jimme net omgean moatte mei in saneamde broer, dy’t in ûnseedlik minske is, in ynklauwer, in ôfgodstsjinner of in lasterder, in sûplap of in rover, ja, mei sa’n ien net iens ite. 12Want hokfoar rjocht haw ik om de bûtensteanders te oardieljen? Jimme oardielje dochs ek allinne har dy’t ta de gemeente hearre. 13De bûtensteanders sil God wol oardielje. Ferbalje wa’t ferkeard is út jimme fermidden.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap