1Sà moat in minske ús sjen: as helpers fan Kristus, dy’t it behear hawwe oer Gods heimnissen. 2No wurdt fan in behearder easke, dat er trou blykt te wêzen. 3Wat my oanbelanget, it let my neat, oft ik troch jimme oardiele wurd of troch in minsklike rjochtbank. Ik oardielje ek mysels net. 4Want ik wit fan gjin kwea, mar dêrmei gean ik noch net frij-út. De Hear is it ommers, dy’t my oardielet. 5Oardielje dêrom net foar de tiid; earst moat de Hear komme. Hy sil wat yn it tsjuster ferburgen wie oan it ljocht bringe en wat yn ’e herten omgiet, iepenbier meitsje. En dan sil elk de lof fan God krije, dy’t him takomt.
Wat dat foar de lêzers meibringt
6Bruorren, dizze dingen haw ik op Apollos en my tapast as in les foar jimme. Jimme moatte fan ús foarbyld leare om net fierder te gean as wat beskreaun stiet. Dan sil net ien fan jimme grut gean op ’e iene en de oare ferspuie. 7Want wa set dy boppe oaren? En wat hasto, datsto net earst krige hast? Asto it dan krige hast, wat spreksto der dan fan op, as hiest it fan dysels? 8Jimme binne fansels al sêd wurden, jimme binne al ryk wurden, jimme binne al kening wurden sûnder ús! Ja, wienen jimme mar kening wurden, dan mochten wy faaks mei-regearje mei jimme! 9Want my tinkt, God hat ús, apostels, it lêste plak jûn, as minsken, dy’t ta de dea feroardiele binne, want wy binne in skouspul wurden foar de wrâld, likegoed foar ingels as foar minsken. 10Wy binne dwaas om ’e wille fan Kristus, jimme binne ferstannich as kristenen; wy binne swak, jimme sterk; jimme binne yn eare, wy wurde ferspuid. 11Oan dit stuit ta lije wy honger en toarst, rinne wy yn sútrige klean en wurde wy slein, binne wy swalkers 12en mêdzje wy ús ôf troch mei eigen hannen te arbeidzjen. Wurde wy útsegene, wy segenje; wurde wy ferfolge, wy ferdrage it; 13wurde wy húnd, wy jouwe freonlik antwurd. As ûnrant fan ’e wrâld binne wy wurden, as útskot fan ’e maatskippij, oant no ta.
14Ik skriuw sa, net om jimme te beskamjen, mar om jimme as myn leave bern te plak te setten. 15Want al hienen jimme tsientûzen opfieders yn it libben mei Kristus, jimme hawwe net mear as ien heit. Want ik bin yn it libben mei Kristus Jezus, troch it bliid boadskip te bringen, heit fan jimme wurden. 16Dêrom stean ik der by jimme op oan: folgje myn foarbyld.
17Dat is no krekt de reden, dat ik Timóteüs nei jimme ta stjoerd haw. Hy is as kristen myn leave en trouwe soan, en hy sil jimme myn hâlden en dragen as kristen wer yn ’t sin bringe, sa’t ik dat oeral yn elke tsjerke lear. 18Guon fan jimme sprekke op, as soe ik net by jimme komme doare. 19Mar ik sil mei hasten komme, as de Hear it wol; en dan sil ik oan ’e weet komme, wat dy opblaasde lju mânsk binne, net yn wat se sizze, mar yn wat se út ’e wei sette. 20Want it keninkryk fan God is gjin saak fan sizzen, mar fan dwaan. 21Wat wolle jimme? Moat ik mei de stok by jimme komme, of yn leafde en yn in geast fan goedens?