Ferskaat fan jeften, ien Geast
1Fan wat de Geast jout, bruorren, wol ik jimme net ûnkundich litte. 2Doe’t jimme noch heidenen wienen, – dat witte jim skoan – lieten jimme jim blynwei meislepe nei de stomme ôfgoaden. 3Dêrom ferklearje ik jimme no: net ien dy’t sprekt ûnder de ynfloed fan de Geast fan God, seit: ferflokt is Jezus; en net ien kin sizze: Jezus is Hear, behalven troch de hillige Geast.
4Wol is der ferskaat fan jeften, mar it is deselde Geast dy’t se jout. 5Ek is der ferskaat fan tsjinsten, mar it is deselde Hear dy’t jin dêrta oanwiist. 6En der is ferskaat fan wurkingen, mar it is deselde God, dy’t alles yn allegearre wurket. 7Mar oan in elk wurdt jûn, dat de Geast yn him oan it ljocht komt, ta nut fan ’e oaren. 8Oan ’e iene wurdt ommers in wurd fan wysheid jûn troch de Geast, oan in oaren in wurd fan kennisse neffens deselde Geast, 9oan in tredden wurdt leauwe jûn yn deselde Geast, oan wer oaren jeften om siken better te meitsjen troch de iene Geast, 10of om wûnders te dwaan, of om te profetearjen, of om geasten te ûnderskieden, of om yn allerhanne talen te sprekken, of om dy talen út te lizzen. 11Dat allegearre is it wurk fan ien-en-deselde Geast, dy’t oan elk yn ’t besûnder syn jeften tapartet, sa’t Er dat mar wol.
Allegearre lidden fan ien lichem
12It lichem is, mei al syn lidden, ien gehiel; want alle lidden fan it lichem, hoe machtich ek, binne mei-elkoar ien lichem. Sa is it ek mei Kristus. 13Wy allegearre, Joaden en Griken, slaven en frijen, binne ommers sa yn ien Geast doopt, dat wy binne ien lichem. Allegearre hawwe wy fan ien Geast te drinken krige.
14In lichem bestiet no ienris net út ien lid, mar út gâns lidden. 15Stel, de foet sei: ik bin de hân net en dêrom hear ik net by it lichem, heart er der dan net likegoed by? 16En stel, it ear sei: ik bin it each net en dêrom hear ik net by it lichem, heart it der dan net likegoed by? 17As it hiele lichem each wie, wêr soe it gehoar keare? As it hiele lichem gehoar wie, wêr soe de rook keare? 18Mar it stiet der sa foar: God hat de lidden elk foar oar har plak jûn yn it lichem, lyk as Hy it wollen hat. 19As hja allegearre mei-inoar ien lid wienen, wêr soe it lichem keare? 20Yn feite binne der wol gâns lidden, en doch mar ien lichem. 21It each kin net tsjin ’e hân sizze: ik haw gjin ferlet fan dy en likemin de holle tsjin de fuotten: ik haw gjin ferlet fan jimme. 22Krektoarsom: de lidden fan it lichem dy’t it swakst lykje, kinne minst mist wurde. 23En de lidden dy’t by ús it minst yn eare binne, behannelje wy mei grutter eare en ús lidden dy’t net yn oansjen binne, jouwe wy helte mear oansjen, 24wylst ús oare lidden dêr gjin ferlet fan hawwe. Nee, God hat it lichem sa gearstald, dat Er oan it mindere méár eare joech, 25dat der gjin twaspjalt yn it lichem wêze soe, mar dat de lidden allikefolle noed fan elkoar stean soenen. 26As ien lid lijt, lije alle lidden mei, as ien lid eare wurdt, binne allegearre bliid mei.
27Jimme no binne it lichem fan Kristus en elk apart in lid dêrfan. 28En yn ’e gemeente hat God allerhanne minsken oansteld: alderearst apostels, twad profeten, trêd learaars, fierders binne der krêften om wûnders te dwaan, dan jeften om siken better te meitsjen, minsken om te helpen, minsken om lieding te jaan en dy’t allerhanne talen fan ’e Geast sprekke. 29Allegearre binne it dochs gjin apostels? Allegearre binne it dochs gjin profeten? Of learaars? Allegearre kinne dochs gjin wûnders dwaan? 30Of jeften hawwe om siken better te meitsjen? Allegearre sprekke dochs net yn talen? Allegearre lizze dochs net út? 31Jimme moatte nei de heechste jeften stribje. Mar earst wiis ik jimme in wei, dy’t dêr noch boppe út giet.