1Folgje myn foarbyld, lykas ik ek Kristus sines folgje.
Froulju meie net mei de bleate holle profetearje
2Ik priizgje jimme, dat jimme yn alles my yn oantinken hâlde en de oerleveringen hâlde lyk as ik dy oan jimme trochjûn haw. 3Mar ik wol, dat jimme dit goed witte: Kristus is it haad fan elke man, it haad fan ’e frou is de man en it haad fan ’e Kristus is God. 4Elke man, dy’t bidt of profetearret mei wat op ’e holle, makket syn holle te skande. 5En oarsom, elke frou, dy’t bidt of profetearret sûnder wat op ’e holle, makket har holle te skande. It is like slim, as wannear’t har de holle kealskeard wie. 6Want as in frou net wat op ’e holle docht, moat se har hier ek mar ôfknippe litte. As it lykwols in skande foar in frou is om har kealknippe of skeare te litten, dan moat se ek wat op ’e holle dwaan.
7In man hoecht de holle net te bedekken: hy is Gods byld en strielet Syn hearlikheid ôf, mar de frou strielet de hearlikheid fan ’e man ôf. 8Want net de man is nommen út ’e frou, mar de frou út ’e man. 9De man is ommers ek net skepen om ’e frou, mar de frou om ’e man. 10Dêrom moat de frou in teken fan macht op ’e holle hawwe om de ingels. 11En dochs is yn it kristlik bestel noch de frou sûnder man wat, noch de man sûnder frou. 12Want lykas de frou út ’e man makke is, sa komt ek de man troch de frou te wrâld; en alles komt út God. 13Gean mar by jimsels te riede: Jout it foech, dat in frou sûnder wat op ’e holle ta God bidt? 14Leart de natuer sels jimme ek net, dat lang hier in skande is foar de man, 15wylst dat in eare is foar de frou? It hier is har ommers as in wale jûn.
16Mar as immen mient, dat er hjir strideraasje om meitsje moat, ús wenst is soks net, en likemin de gemeenten fan God harres.
It nachtmiel fan de Hear
17No’t ik jimme dizze foarskriften jou, moat ik jimme lekje, dat jimme gearkomme op in wize, dy’t mear kwea docht as goed. 18Want om te begjinnen hear ik, dat wannear’t jimme gearkomme as gemeente, der partijen ûnder jimme binne en foar in part leau ik dat ek wol. 19Want der moatte wol spjaltingen ûnder jimme wêze, dat oan it ljocht komme mei, wa fan jimme betroud binne.
20Sa’t jimme no gearkomme, is dat net it iten fan it nachtmiel fan ’e Hear. 21Want by it miel, yt elk syn eigen iten op sûnder te wachtsjen, dat de iene hat honger en de oare is dronken. 22Hawwe jimme dan gjin huzen om te iten en te drinken? Of ferachtsje jimme de gemeente fan God en wolle jimme har dy’t neat hawwe te skande meitsje? Wat sil ik jimme hjir fan sizze? Kin ik jimme priizgje? Hjiryn wis net.
23Want sels haw ik by oerlevering fan de Hear ûntfongen, wat ik jimme wer trochjûn haw. De Hear Jezus naam yn ’e nacht, dat er oerlevere waard, brea; 24en nei’t Er tanke hie, briek Er it brea en sei: Dit is myn lichem foar jimme. Doch dat ta in oantinken oan My. 25Allyksa naam Er ek de beker, nei it iten en sei: Dizze beker is it nije ferbûn dat fêstleit yn myn bloed. Doch dat, sa faak jimme derút drinke, ta in oantinken oan My.
26Want elke kear, dat jimme fan dit brea ite en út ’e beker drinke, ferkundigje jimme de dea fan de Hear, oant Er komt. 27Dêrom, wa’t op in ûnweardige wize fan it brea yt of út ’e beker drinkt, dy besûndiget him oan it lichem en it bloed fan de Hear. 28In minske moat himsels dus ûndersykje en sa fan it brea ite en út ’e beker drinke. 29Want wa’t yt en drinkt sûnder der mei te rekkenjen, dat it it lichem fan de Hear is, hellet mei sok iten en drinken in oardiel oer himsels. 30Dêrom binne der ûnder jimme safolle swak en siik en binne der gâns ferstoarn. 31Mar as wy rjochtdei hâlden oer ússels, soenen wy net ûnder it oardiel falle. 32No’t wy lykwols troch de Hear oardiele wurde, wurde wy kastijd, dat wy net mei de wrâld feroardiele wurde. 33Dêrom, myn bruorren, as jimme gearkomme om te iten, wachtsje dan op inoar. 34Hat ien honger, dan moat er thús mar ite, dat jimme net ûnder it oardiel falle as jim gearkomme.
It oare sil ik regelje sa gau’t ik kom.