It liet fan ’e leafde
1Al spriek ik mei de tongen fan ingels en minsken –
as ik de leafde net hie,
wie ik in bûnzjend bekken of in galmjende gong.
2Al wie it my jûn om te profetearjen
en koe ik alle geheimen en alle wittenskip
en al hie ik alle leauwe om bergen te fersetten –
as ik de leafde net hie, wie ik neat.
3Al joech ik al myn goed wei foar de earmen,
ja, al joech ik myn eigen lichem om ferbrând te wurden;
as ik de leafde net hie, joech it my allegearre neat.
4De leafde is langmoedich,
freonlik is de leafde,
hja is net oergeunstich.
De leafde pronket net,
hja is net grutsk.
5Hja is net ûnfoech,
hja siket harsels net,
hja is net gau rekke
en bringt it kwea net yn rekken.
6Hja hat gjin nocht oan ûnrjocht,
mar hja is bliid mei de wierheid.
7Alles kin hja ferneare,
alles leaut hja,
alles hopet hja,
alles kin hja drage.
8De leafde giet noait ferlern.
Profetearjen, it hâldt in kear op,
sprekken yn frjemde talen, it ferstommet in kear;
kennisse, it hâldt in kear op.
9Want ûnfolslein is ús kennen
en ûnfolslein is ús profetearjen.
10As no it folsleine komt,
is it dien mei it ûnfolsleine.
11Doe’t ik in lyts bern wie,
prate ik as in bern,
tocht ik as in bern,
redenearre ik as in bern.
No’t ik in man wurden bin,
haw ik it bernlike oan ’e kant dien.
12No sjogge wy noch ûndúdlik yn in spegel,
mar dan each-yn-each.
No ken ik ûnfolslein,
mar dan sil ik folslein kenne,
lykas God my ken.
13Yn ien wurd, trije dingen bliuwe foar altiten:
leauwe, hope en leafde;
mar de grutste dêrfan is de leafde.