De befolking fan Jeruzalem
1Sa wie hiele Israel beskreaun. Hja stienen nammers ynskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Israel en Juda, doe’t se fanwegen har ûntrou as ballingen nei Babel brocht waarden. 2De earsten dy’t har wer yn har stêden en op har eigen besit nei wenjen set hawwe, wienen nêst gewoane Israeliten ek prysters, leviten en timpeltsjinners.
3Yn Jeruzalem wennen Judeeërs, Benjaminiten, Efraïmiten en Manassiten. 4Fan ’e Judeeërs wienen it Oetai, de soan fan Amihûd, de soan fan Omry, de soan fan Imry, de soan fan Bany út it laach fan Pêres, de soan fan Juda; 5Fan ’e Sjiloniten Asaja, de earstlingssoan en syn soannen; 6fan ’e soannen fan Sêrach Jeûël en harren sibben: 690 man. 7Fan ’e Benjaminiten wienen it Sallû, de soan fan Mesjûllam, de soan fan Hodawja, de soan fan Hassenûja; 8Jibneja, de soan fan Jerocham; Ela, de soan fan Oezzy, de soan fan Mikry; Mesjûllam, de soan fan Sjefatja, de soan fan Reûël, de soan fan Jibnía. 9Dêrby kamen har sibben yndield neffens har komôf: 956 man; dat wienen allegearre manlju, haden fan har âffaars stamhuzen.
10Fan ’e prysters wienen it Jadaja, Jojarib, Jakin, 11Azarja, de soan fan Chilkía, de soan fan Mesjûllam, de soan fan Sadok, de soan fan Merajot, de soan fan Achitûb, de foarst fan it hûs fan God. 12Fierders Adaja, de soan fan Jerocham, de soan fan Pasjchoer, de soan fan Malika; en Masai, de soan fan Adiël, de soan fan Jachseara, de soan fan Mesjûllam, de soan fan Mesjilémit, de soan fan Immer, 13en har sibben, haden fan stamhuzen, 1760 man, warbere mannen foar it tsjinstwurk yn Gods hûs.
14Fan ’e leviten wie it Sjemaja, de soan fan Chassjûb, de soan fan Azrikam, de soan fan Chasjabja, ien út ’e soannen fan Merary; 15fierder wienen it Babbakar, Chêresj, Galal en Mattanja, de soan fan Mika, de soan fan Sikry, de soan fan Asaf; 16dan Obadja, de soan fan Sjemaja, de soan fan Galal, de soan fan Jedûtûn, en Bêrekja, de soan fan Asa, de soan fan Elkana, dy’t wenne yn ’e doarpen fan ’e Netofatiten; 17en de poartewachters Sjallûm, Akkûb, Talmon, Achiman, mei har sibben. Sjallûm hie de lieding; 18oant hjoed-de-dei hat er syn plak op it easten by de keningspoarte: Hja wienen de poartewachters foar de legerkampen fan ’e Leviten.
19Sjallûm, de soan fan Koaré, de soan fan Ebjasai, de soan fan Koarach, en syn sibben út it stamhûs fan ’e Koarachiten hienen de wachttsjinst by de drompels fan ’e tinte, lykas har foarfaars op wacht stien hienen by de yngong fan it legerkamp fan de Heare. 20Pinechas, de soan fan Eleäzar, hie doe de lieding oer harren. – Mei de Heare mei him wêze! – 21Sekarja, de soan fan Mesjêlemja, hie de wacht oer de tagong fan ’e tinte fan ’e moeting 22Dy útsochte ploech fan drompelwachters wie mei-inoar 212 man sterk. Hja stienen op har doarpen yn har famyljeregisters ynskreaun. David en Samuël, de sjenner, hienen harren op dy fertrouwenspost steld. 23Hja en har bern wienen de wachters dy’t de poarten fan it hûs fan de Heare, de tintwenning, op ’e noed hienen.
24De poartewachters moasten opsteld stean neffens de fjouwer wynstreken: op it easten, op it westen, op it noarden en op it suden. 25Har sibben op har doarpen moasten op fêste tiden sân dagen opkomme, om mei har de tsjinst waar te nimmen, 26mar de fjouwer heechste poartewachters sels hienen altydtroch tsjinst. Dat wienen leviten.
Dan wienen der ek guon dy’t noed stienen foar de skatten en de keamers fan Gods hûs. 27Hja bleauwen nachts om Gods hûs hinne, want harren wie de wacht tabetroud en se moasten alle moarnen iependwaan.
28Oaren fan har gongen oer it guod dat nedich wie foar de tsjinst; se hâlden telling fan wat brocht en fuortbrocht waard. 29Wer oaren wienen besteld mei it ark en al it hillige guod; mei de blom fan moal, de wyn, de oalje, de wijreek en de swietrokige krûden. 30Guon prystersoannen wienen salvemingers. Se makken de salve foar de swietrokige krûden. 31Mattitja, ien fan ’e leviten – hy wie de soan fan ’e Korachyt Sjallûm – hie as syn amtswurk it tafersjoch oer it bakken. 32Guon fan ’e Kehatiten, har sibben, gongen oer de toanbreaën, om dy elke sabbat ree te setten.
33De earder neamde sjongers, haden fan stamhuzen ûnder de Leviten, hienen har tahâld yn ’e timpel en wienen frijsteld fan oare tsjinst; want by nacht en by dei hienen se it bannich mei har eigen wurk.
34De oare haden fan stamhuzen fan ’e Leviten, neffens har komôf neamd, wennen yn Jeruzalem.
Saul syn komôf en neiteam
35Te Gibeön wenne de heit fan Gibeön: Jeïel; syn frou hiet Maäka. 36Syn earstlingssoan wie Abdon, fierders hied er Soer, Kisj, Baäl, Ner, Nadab, 37Gedor, Achjo, Sekarja en Miklot. 38Miklot wie de heit fan Sjimam. Krekt as har famylje setten se har yn Jeruzalem nei wenjen, tichteby harren. 39Ner wie de heit fan Kisj, Kisj fan Saul, Saul fan Jonatan, Malkisjûa, Abinadab en Esjbaäl. 40De soan fan Jonatan wie Merib-Baäl. Merib-Baäl wie de heit fan Mika. 41De soannen fan Mika wienen Piton, Mêlek, Tachréa en Achas. 42Achas wie de heit fan Jara; Jara fan Alêmet, Asmavet en Simry; Simry fan Mosa. 43Mosa wie de heit fan Bina; dy syn soan wie Refaja, dy syn soan Elasa, en dy syn soan Asel. 44Asel hie seis soannen; dy hieten Azrikam, Bokerû, Jisjmaël, Sjeärja, Obadja en Chanan. Dat wienen de soannen fan Asel.