De stam Benjamin
1Benjamin wie de heit fan Bêla, syn earstlingssoan, Asjbel syn twadde, Achrach, syn tredde 2Nocha, syn fjirde, en Rafa, syn fyfte. 3Bêla hie as soannen Addar, Geara en Abihûd, de heit fan Ehûd. 4Abisjûa, Naäman, Achoach, 5Geara, Sjefûfan en Chûram; 6dat wienen de soannen fan Ehûd. Dat wienen de haden fan ’e stamhuzen fan ynwenners fan Gêba dy’t se as ballingen nei Manachat weifierd hawwe. 7Mar Naäman, Achía en Geara, dy fierden se net yn ballingskip. Geara wie de heit fan Oezza en Achichûd.
8Sjacharaïm krige bern yn ’e fjilden fan Moäb. Nei’t er syn froulju Chûsjim en Baära fuortstjoerd hie, 9krige er by syn frou Chodesj: Jobab, Sibja, Mesja, Malkam, 10Jeûs, Sakeja en Mirma; dat wienen syn soannen, haden fan stamhuzen. 11By Chûsjim hied er Abitûb en Elpaäl krige. 12De soannen fan Elpaäl wienen: Eber, Misjam en Sjêmed. Dat wie de man dy’t Ono boud hat en Lod mei wat derûnder foel.
13Beria en Sjêma. Dat wienen de haden fan ’e stamhuzen dy’t yn Ajjalon wennen. Hja hawwe de ynwenners fan Gat ferdreaun. 14Achjo, Sjasjak, Jeremot, 15Sebadja, Arad, Ader, 16Mikael, Jisjpa en Jocha, bruorren fan Beria. 17Sebadja, Mesjûllam, Chisky, Chêber, 18Jisjmerai, Jizlia en Jobab wienen soannen fan Elpaäl. 19Jakim, Sikry, Sabdy, 20Eliënai, Silletai, Eliël, 21Adaja, Beraja en Sjimrat wienen soannen fan Sjimy, 22Jisjpan, Eber, Eliël, 23Abdon, Sikry, Chanan, 24Chanaja, Elam, Antotía, 25Jifdeja en Penûel wienen soannen fan Sjasjak. 26Sjamsjerai, Sjecharja, Atalja, 27Jaäresja, Elía en Sikry wienen soannen fan Jerocham. 28Dat wienen de haden fan ’e stamhuzen, neffens har komôf neamd; dy wennen te Jeruzalem.
Saul syn komôf
29Te Gibeön wenne de heit fan Gibeön, Jeïel, syn frou hiet Maäka. 30Syn earstlingssoan wie Abdon; fierders hied er Sûr, Kisj, Baäl, Nadab, 31Gedor, Achjo, Sêker, Miklot. 32Miklot wie de heit fan Sjima. Krekt as har famylje setten se har yn Jeruzalem nei wenjen, tichteby harren. 33Ner wie de heit fan Kisj, Kisj fan Saul, Saul fan Jonatan, Malkisjûa, Abinadab en Esj-Baäl. 34De soan fan Jonatan wie Merib-Baäl. Merib-Baäl wie de heit fan Mika. 35De soannen fan Mika wienen Piton, Mêlek, Taréa en Achas. 36Achas wie de heit fan Joädda, Joädda fan Alêmet, Asmawet en Simry; en Simry fan Mosa. 37Mosa wie de heit fan Bina; dy syn soan wie Rafa, syn soan Elasa, syn soan Asel. 38Asel hie seis soannen; dy hieten Asrikam, Bokerû, Jisjmaël, Sjeärja, Obadja en Chanan; dat wienen allegearre soannen fan Asel. 39De soannen fan syn broer Esjek wienen Oelam, syn earstlingssoan; Jeûsj, syn twadde, en Elifêlet, syn tredde. 40Oelam syn soannen wienen dappere helden, tûke bôgesjitters. Se hienen gâns bern en bernsbern, hûndertfyftich. Dy hearre allegearre ta de Benjaminiten.