1 Kroniken 10
Hoe’t Saul oan syn ein kaam
1De Filistinen wienen mei Israel yn oarloch. Doe gongen Israels mannen foar de Filistinen op ’e flecht en der foelen deaden op it berchlân Gilboä. 2De Filistinen hellen Saul en syn soannen yn en sloegen Saul syn soannen, Jonathan, Abinadab en Malkisjûa, dea. 3Doe krige Saul it swier te ferduorjen: de bôgesjitters krigen him yn ’t each, en hy trille fan benaudens foar dy skutters. 4Dat Saul sei tsjin syn wapendrager: Lûk dyn swurd en stek my dêrmei del, dat dy ûnbesnienen net komme en mei my omboartsje. Mar syn wapendrager woe net, want hy doarst it net oan. Doe naam Saul sels it swurd en liet him deryn falle. 5Doe’t de wapendrager seach dat Saul dea wie, liet er him ek yn syn swurd falle en stoar. 6Sa stoaren Saul en syn trije soannen: dêrmei stoar syn hiele hûs. 7Doe’t no alle mannen fan Israel dy’t yn ’e flakte wennen, seagen dat it leger op ’e flecht slein wie en dat Saul en syn soannen dea wienen, ferlieten se har stêden en namen de wyk; doe kamen de Filistinen en setten har dêr del.
8De oare deis kamen de Filistinen om de liken te plonderjen, en se fûnen Saul en syn trije soannen, fallen op it berchlân Gilboä. 9Se plonderen him en namen syn holle en syn wapenrissing mei en lieten dy yn it lân fan ’e Filistinen rûngean om har ôfgoaden en har folk it goede nijs te bringen. 10Dêrnei brochten se syn wapenrissing yn har godshûs en syn holle spikeren se fêst oan ’e Dagontimpel.
11Mar doe’t hiele Jabesj yn Gileäd hearde, wat de Filistinen Saul allegearre oandien hienen, 12kamen alle striidbere mannen yn aksje; se namen it lyk fan Saul en de liken fan syn soannen, brochten dy nei Jabesj, begroeven har omskot dêr ûnder de terebint en fêsten sân dagen.
13Sa stoar Saul om syn ûntrou oan de Heare en om’t er him net hâlden hie oan it wurd fan de Heare, ja sels de geast fan in deade om in godlike útspraak frege hie 14en de Heare net. Dêrom deade Dy him en droech it keningskip oer oan David, de soan fan Isai.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap