De stam Issaskar
1De soannen fan Issaskar wienen Tola, Pûa, Jasjûb en Sjimron, fjouwer mei-inoar. 2De soannen fan Tola wienen Oezzy, Refaja, Jeriël, Jachmai, Jibsam en Sjemûel, haden oer stamhuzen fan Tola; dy telden yn ’e tiid fan David 22.600 warbere mannen. 3De soan fan Oezzy wie Jisrachja; de soannen fan Jisrachja wienen: Milkaël, Obadja, Joël en Jissjia; fiif haden mei-inoar. 4By harren hearden 36.000 man oan troepen, want se hienen gâns froulju en bern. De mannen wienen yndield neffens har komôf en stamhuzen. 5Har meistriders út alle geslachten fan Issaskar, warbere mannen, 87.000 man sterk, wienen allegearre yn it stamregister ynskreaun.
De stam Benjamin
6De soannen fan Benjamin wienen Bêla, Beker en Jediaël; dy trije. 7De soannen fan Bêla wienen: Esbon, Oezzy, Oezziël, Jerimot en Iry, fiif haden fan stamhuzen, warbere mannen; yn har stamregisters stienen ynskreaun 22.430 man. 8De soannen fan Beker wienen: Semira, Joäsj, Eliêzer, Eljoënai, Omry, Jerimot, Abía, Anatot en Alêmet; dat wienen allegearre soannen fan Beker. 9Yn har stamregister stienen 20.200 man ynskreaun neffens har komôf en as haden fan stamhuzen: warbere mannen. 10De soan fan Jediaël wie Bilhan, en de soannen fan Bilhan wienen: Jeûsj, Benjamin, Ehûd, Kenaäna, Setan, Tarsjisj en Achisjachar. 11Dat wienen allegearre soannen fan Jediaël, haden fan stamhuzen, warbere mannen, 17.200 man, ree foar de striid. 12Dan hie ien soan, Chûsjim.
De stam Naftaly
13De soannen fan Naftaly wienen: Jachasiël, Gûny, Jeser, Sjallûm, bernsbern fan Bilha.
14De soannen fan Manasse wienen Asriël, dy’t er by syn frou krigen hie; mar by syn arameeske byfrou hie er Makir, de heit fan Gileäd. 15En Makir naam in frou fan de Sjûppiten en Chûppiten, dy’t Maäka hiet. Syn earste soan hiet Chefer, de twadde soan Selofchad, mar dy krige allinne dochters. 16Maäka, de frou fan Makir, krige in soan dy’t se de namme Pêresj joech; syn broer hiet Sjêres en syn soannen Oelam en Rêkem. 17De soan fan Oelam wie Bedan. Dat wienen de soannen fan Gileäd, de soan fan Makir, de soan fan Manasse. 18Syn suster Hammolêket krige Isjhod, Abiêzer en Machla. 19De soannen fan Sjemida wienen Achjan, Sjêkem, Likchy en Aniam
De stam Efraïm
20De soan fan Efraïm wie Sjûtêlach; syn soan Bêred, dy syn soan Tachat, dy syn soan Elada en dy syn soan Tachat. 21Dy syn soan wie Sabad, dy syn soan Sjûtêlach; fierders Ezer en Elad. Mar de mannen fan Gat, dy’t dêr thús hearden, sloegen har dea, om’t se delkommen wienen om har fee te stellen. 22Har heit Efraïm rouwe gâns in tiid om harren. Doe kamen syn bruorren om him bliken fan meilibjen te jaan.
23Dêrnei hie er mienskip mei syn frou. Dy waard swier en krige in soan dy’t er Beria neamde, want it wie ien-en-al lijen mei syn hûs. 24Syn dochter wie Sjêëara; dy boude Leech en Heech Bet-Choaron en Oezen-Sjêëara. 25Rêfach wie syn soan en Rêsjef; en dy syn soan Têlach; dy syn soan Tachan, 26dy syn soan wie Ladan, dy syn soan Ammihûd, en dy syn soan Elisjama, 27dy syn soan wie Non, en dy syn soan Jozua.
28Har wenplakken, dêr’t se har eigendommen hienen, wienen: Bet-El mei wat derûnder foel; nei it easten út Naäran, nei it westen út Gêzer mei wat derûnder foel en Sichem mei wat derûnder foel oant Ajja mei wat derûnder foel. 29Fierders de kant fan ’e Manassiten oer: Bet-Sjan, Taänak, Megiddo, en Doar mei al wat derûnder foel. Op dy plakken wennen de soannen fan Joazef, de soan fan Israel.
De stam Azer
30De soannen fan Azer wienen Jimna, Jisjwa, Jisjwy en Beria. Sêrach wie har suster. 31De soannen fan Beria wienen Chêber en Malkiël, dy’t de heit fan Birzawit wie. 32Chêber wie de heit fan Jaflet, Sjomer, Chotam en har suster Sjûa. 33De soannen fan Jaflet wienen Pasak, Bimhal en Aswat; dat wienen de soannen fan Jaflet. 34De soannen fan Sjêmer, syn broer, wienen Roga, Jechûbba en Aram. 35De soannen fan Helem, syn broer, wienen Sofach, Jimna, Sjelesj en Amal. 36De soannen fan Sofach wienen Sûach, Charnêfer, Sjûal, Beary en Jimra, 37Bêser, Hod, Sjamma, Sjilsja, Jitran en Beëara. 38De soannen fan Jêter wienen Jefûnne, Pispa en Ara. 39De soannen fan Oella wienen Arach, Channiël en Risja. 40Dat wienen allegearre soannen fan Azer, haden fan stamhuzen, in útsochte ploech fan warbere mannen, foarsten by útstek; har tal, dat yn ’e famyljeregisters foar de kriichstsjinst opskreaun stie, wie 26.000 man.