1Se fersinne har, mar se sizze by harsels:
tryst en koart is ús libben;
As de ein komt, kin neat de minske helpe;
in ferlosser út it deaderyk hat nimmen fan heard.
2Wy binne der samar kommen
en strak is ’t, as hienen wy der noait west.
De azem yn ús noas is mar in damp,
ús tinken in fûnk, dy’t opspringt troch it slaan fan ’t hert.
3As it dien is mei dy fûnk, ferfalt it lichem ta jiske
en de geast ferfljocht as idele lucht.
4Us namme wurdt mei gauwens fergetten
en ús dieden wit gjin mins mear fan.
It libben giet foarby as ’t spoar fan in wolk,
it wurdt wei as in dize dy’t ferdreaun wurdt troch de strielen fan ’e sinne,
ferslein troch syn waarmte.
5De dagen fan ús libben geane foarby as in skaad
en oan ’e ein is der gjin werom;
it segel sit derop, gjinien kin tebek.
6Dêrom lit ús wille hawwe fan it goede dat der is,
lit ús genot hawwe fan de skepping as fan ús jeugd,
7lit ús ús bedrinke oan kostbre wyn en ús yn ’t rûkersguod sette,
lit de maitydsbloei ús net ûntkomme.
8Lit ús pronkje mei krânsen fan roazen ear’t dy ferwylje;
9Gjin fjild dêr’t ús wille net oer brûst;
lit ús oeral de tekens fan ús fleur achterlitte,
dat komt ús ta, dêrfoar binne wy der.
10Lit ús de baas spylje oer de deugdsume earme,
lit ús de widdo net sparje
en de âldman net ûntsjen om syn griis hier.
11Lit ús sterkens it rjocht útmeitsje,
wat swak is, is ûnnut; dat docht wol bliken.
12Lit ús de deugdsume te pakken nimme, hy rint ús yn ’t paad,
hy ferset him tsjin ús dwaan mei’t er ús ferwyt, dat wy de wet net yn acht nimme
en ús neijout, dat wy oars dogge as ús leard is.
13Hy lit him derop foarstean, dat hy God ken,
hy neamt himsels in bern fan de Hear.
14Dêr stiet er, in libben ferwyt fan wat ús besielet,
him te sjen is al in lêst foar ús.
15Syn trant fan libjen is oars as dy fan oaren,
syn wegen rinne derút.
16Yn syn eagen binne wy fan ’t ferkearde soarte,
hy mijt ús, as wienen wy rudich.
Hy ferklearret, dat de deugdsume in gelokkige ein hellet,
hy giet der grut op, dat God syn heit is.
17Lit ús ris sjen, oft syn praatsjes útkomme;
lit ús ris neigean, hoe’t er der oan ’e ein foarstiet.
18As de deugdsume in bern fan God is, sil Dy it foar him opnimme
en him út ’e hannen fan syn fijannen hâlde.
19Lit ús it ris probearje mei skellen en slaan,
dan komme wy te witten, hoe’t it stiet mei syn guodlikens,
dan kinne wy ris sjen, wat syn berêsting wurdich is.
20Lit ús him feroardielje ta in skandlike dea;
ommers, syn sizzen is, dat er dan holpen wurde sil.
21Sa lizze se it oer, mar se binne mis,
har ferdoarnens makket harren blyn.
22Gods mystearjes witte se net fan
en lean foar deugdsumens hawwe se gjin hoop op;
se leauwe net, dat suverens fan siel beleanne wurdt.
23God hat de minske lykwols ûnfergonklik makke,
as in byld fan syn eigen ivich wêzen.
24Troch de oergeunst fan ’e duvel kaam de dea yn ’e wrâld;
25dy’t by him passe, sille dat gewaar wurde.