Earste diel: De wysheid yn it minskelibben
1Hâld fêst oan ’e gerjochtichheid, regearders fan ’e ierde,
tink oer de Hear op de rjochte wize,
sykje Him mei in ienfâldich hert.
2Hy lit Him fine troch dy’t Him net hifkje,
Hy lit Him sjen oan dy’t Him har fertrouwen net wegerje.
3Brike redenaasjes bringe jin fan God ôf
en de Almachtige slacht se del, de ûnferstannen dy’t Him hifkje wolle.
4Nee, de wysheid wol der by in sûndige geast net yn
en wol net wenje yn in lichem dat ûnderhearrich is oan it kwea.
5De hillige geast dy’t de wei wiist, mijt it bedroch,
giet ûnwize redenaasjes út ’e wei,
en wykt sa gau’t ûngerjochtichheid de kop opstekt.
6Wysheid is in geast fan leafde foar de minsken,
mar hja lit it praat fan ’e godslasterer net gewurde.
Ek syn ferhoalenste gedachten ûntkomme God ommers net,
Hy wit krekt, wat der yn it minskehert omgiet,
en heart alles wat er seit.
7De geast fan ’e Hear is oeral yn ’e wrâld,
Hy hâldt alles byinoar en ken elk lûd.
8Wa’t der goddeleas praat útstjit, fynt gjin ûntwyk,
de straffende gerjochtichheid sil him net foarbygean.
9De plannen fan ’e goddeleaze sille neigien wurde,
de Hear komt syn wurden te hearren,
syn misdieden wurde bestraft.
10Gods neigeand ear heart alles,
ek it binnenmûls gegrommel bliuwt foar Him net ferburgen.
11Dêrom, pas op foar ûnnut geprottel,
hoedzje de tonge foar lekskoaierij.
Ek it temûk sprutsen wurd bliuwt net sûnder gefolgen,
in mûle dy’t liicht, makket de siele dea.
12Sykje de dea net mei dwylpaden op te gean,
helje troch jim dwaan jim eigen ûndergong net yn.
13God hat de dea net makke,
it ferlern gean fan wat libbet, is syn sin net.
14Hy hat alles makke mei ’t doel dat it bliuwe soe;
troch wat der groeit, bliuwt de wrâld yn wêzen,
der sit gjin inkeld deadlik fergif yn,
it deaderyk hat op ierde gjin macht.
15Want wat rjocht is, kin net stjerre.
16Mar de goddeleazen helje mei wurd en died de dea oan,
sjogge dy as har freon en rane fan leafde foar him.
Se slute in ferbûn mei him,
om’t se krekt by him passe.