Tobit syn gebed
1Ik waard der slim fertrietlik ûnder en suchte en skriemde. Ik bidde: 2Rjochtfeardich binne Jo, Hear, en alles wat Jo wolle of dogge, is genede en trou. Jo oardielje altiten nei rjocht en wierheid. 3Tink om my en sjoch genedich op my del. Straf my net foar de sûnden en foar de ûnwittendheid fan mysels en fan myn foarâlden, foar alle ferkeards dat se tsjin Jo dien hawwe. 4Ja, se binne tsjin jo geboaden yngien. Jo hawwe ús oerlevere oan plondering, ballingskip, dea en oan ’e spot fan alle folken dêr’t wy ûnder fersille rekke binne. 5Wat Jo no mei my dogge, is goed, want ik haw sûndige lykas myn foarâlden, wy hawwe ús net oan jo geboaden holden en binne wegen gien, dy’t Jo net nei ’t sin wienen. 6Doch no mar mei my, wat Jo wolle. Meitsje mar, dat it libben my benommen wurdt, dat ik fergean en wer ierde wurd. Ja, it is foar my better dea te wêzen as te libjen, no’t ik sokke falske beskuldigings oanhearre moat en myn fertriet sa grut is. Lit my út dizze ellinde weihelle en nei it ivige grêf brocht wurde. Kear Jo net fan my ôf.
Sara yn Ekbátana
7It wie dyselde deis dat te Ekbátana yn Medië, Sara, de dochter fan Raguël, misledige waard troch har heit syn tsjinstfammen. 8Al sân kear hie in man har ta frou krige, mar de lilke duvel Asmodéus hie dy manlju allegearre deade, ear’t se mienskip mei har hân hienen. No seinen dy fammen tsjin har: Wolle jo net ynsjen, dat jo dy mannen sels fermoarde hawwe? No hawwe jo al sân kear ien krige en oan gjinien hawwe jo wat hân. 9Wêrom litte jo it ús belije? No’t se dea binne, moatte jo ek mar meitsje, dat jo fuortkomme. In soan of dochter fan jo hoopje wy yn der ivichheid net te sjen.
10Doe’t se dat te hearren krige, wie se tige fertrietlik en woe se harsels ophingje. Se betocht har lykwols en sei by harsels: Ik bin heit syn iennichste; as ik it doch, draacht hy de skande en jei ik de âldman jammerlik de dea yn.
11By ’t finster bidde se: Heech te priizjen binne Jo, Hear myn God, en te priizjen is jo hillige en hearlike namme oant yn ivichheid. Meie al jo wurken Jo foar altiten priizje. 12En no, Hear, hâld ik myn eagen en myn gesicht nei Jo takeard. 13Sis dat ik fan ’e ierde weihelle wurde moat, dat ik sokke beskuldigings net mear hoech te hearren. 14Jo witte Hear, dat ik my frij holden haw fan alle sûndich ferkear mei manlju. 15Ik haw myn namme en ús heite namme net besmoarge yn it lân fan myn ballingskip. Ik bin heit syn iennichste, hy hat gjin jonge dy’t er syn erfgenamt meitsje kin, gjin broer tichteby mei in soan foar wa’t ik my as frou beskikber hâlde moat. Sân kear haw ik al de man ferlern. Wat foar doel hat myn libben noch? Mar as Jo my net stjerre litte wolle, sjoch dan genedich op my del en soargje der yn jo goedens foar, dat ik noait wer misledigings hoech te hearren.
It gebed fan Tobit en Sara wurdt ferheard
16It gebed fan allebeide waard ferheard troch Gods majesteit. 17De grutte Rafael waard stjoerd om harren allebeide wer better te meitsjen: Tobit troch him de wite plakken fan ’e eagen te heljen en Sara, de dochter fan Raguël, troch har as frou te jaan oan Tobías, de soan fan Tobit en troch Asmodéus, dy gemiene duvel, fêst te setten; want it wie beskikt, dat Tobías har ta frou krije soe. Op itselde stuit, dat Tobit wer yn ’e hûs gong, kaam Sara, de dochter fan Raguël, fan it platte dak ôf nei ûnderen.