Tobit 2
Tobit wurdt blyn
1Doe’t ik werom wie yn myn eigen hûs en ik myn frou Anna en myn soan Tobías wer by my hie, waard der foar my op Pinkster, it sânwikefeest, in feestmiel oanrjochte. Ik skikte oan tafel 2en seach al dat skoandere iten stean. Doe sei ik tsjin myn soan: Helje in earme stambroer op, wa’st mar fine kinst, ien dy’t de Hear yndachtich is. Ik wachtsje wol op dy. 3Hy gong derop út, mar kaam al gau werom en sei: Heit, se hawwe ien fan ús folk smoard; hy leit op it plein. 4Ik hie noch gjin hap preaun, mar ik fleach oerein en soarge, dat it lyk oan sinneûndergong ta ûnderdak lei. 5Doe gong ik wer nei hûs, wosk my en iet mei fertriet. 6Ik tocht oan ’e profesije fan Amos, hoe’t dy sein hie:
Jim feesten sille feroarje yn rouwe,
al jim blydskip yn triennen.
En ik skriemde.
7Doe’t de sinne ûndergien wie, gong ik nei it lyk, groef in grêf en lei it dêryn. 8De buorlju laken derom en seinen: Dat er dêr syn libben mei ferspylje kin, dêr jout er neat mear om sa’t liket. Hy hat alris earder meitsje moatten, dat er fuortkaam en no begraaft er wer deaden.
9Doe’t ik de nachts nei dy begraffenis wer thús wie, gong ik, omdat ik ûnrein wie, bûten by de hôfmuorre lizzen om te sliepen. Ik hie neat oer ’e holle. 10Ik wist net, dat der mosken op ’e muorre sieten en hie de eagen iepen. Dêr krige ik waarme moskedrek yn en dat joech wite plakken yn myn eagen. Ik nei de dokters, mar baat fûn ik dêr net. Achikar hat my oan ’e kost holpen, oant er ferfearn is nei Elymaïs. 11Myn frou Anna socht doe wurk yn ’e frouljushuzen dêr’t se wolweve.
12As se har wurk ynlevere, betellen de hearen har it lean út en op in kear krige se der in bokje op ta. 13Doe’t se dêrmei by my kaam, begûn it bokje te mekkerjen. Ik sei tsjin har: Wêr komt dat bokje wei? As ’t mar net stellen is. Jou it de hearen werom, stellen spul meie wy net ite. 14Se antwurde: ‘It is my as presintsje oer myn lean hinne jûn.’ Ik woe har lykwols net leauwe en sei, dat se it de hearen werombringe moast. Ik skamme my oer har, mar sy joech my te hâlden: Wat hasto no hân oan dyn weijaan en goeddwaan? Elkenien kin sjen, hoest deroan ta bist.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap