It helpen fan ’e neiste
1Dy’t barmhertich is, lient oan syn neiste,
dy’t sa’n ien fierder helpt, hâldt him oan ’e geboaden.
2Lien oan dyn neiste op it stuit dat er der krap by sit
en jou dyn neiste op ’e tiid werom.
3Stean by dyn wurd en soargje dat de lju op dy oan kinne,
dan silsto altyd fine wêrst ferlet fan hast.
4Mannichien beskôget liend jild as in ferfaltsje
en besoarget de minsken dy’t him holpen hawwe, lêst.
5Salang’t er it noch net krige hat, krûpt er dy op ’e lije side oan,
dan praat er o sa dimmen oer dy syn jild,
mar is it tiid om it werom te jaan, dan skoot er it op ’e lange baan,
hy jout ûnferskillige wurden werom
en hy smyt it op ’e minne tiid.
6As er betelje kin, krijt de skuldeasker mar amper de helte werom,
en dan mei er noch bliid ta wêze;
is er dat net, dan hat er him syn jild ôfstellen
en hy hat him sûnder reden ta fijân krige.
Hy betellet him mei rachen en skellen,
hy hunet him ynpleats dat er him yn eare hâldt.
7Omdat der misbrûk fan makke wurdt, wegert mannichien te lienen,
se binne der bang foar, dat in oar samar mei har jild útnaait.
8Likegoed, haw begrutsjen mei him dy’t krap sit,
lit him net op dyn jefte hoege te wachtsjen.
9Wol men it gebod neikomme, dan moat men de earme byspringe,
stjoer him yn syn ellinde net mei lege hannen fuort.
10Reitsje dyn jild leaver kwyt oan in broer en in freon
as datst it weiruostkje litst ûnder in stien.
11Brûk dyn skatten sa’t de Allerheechste it foarskriuwt,
dat sil dy mear fertuten dwaan as goud.
12Bergje se yn dyn brânkast op om oan ’e earmen te jaan,
dat sil dy út alle need rêde.
13Better as in stevich skyld en as in swiere spear
sil dat foar dy tsjin ’e fijân stride.
14In rjochtskepen man wurdt boarch foar syn neiste,
mar dy’t alle skamte ferlern hat, lit him sitte.
15Ferjit de goedgeunstigens fan dyn boarch net,
want hy hat syn libben foar dy yn ’e kiif set.
16In sûnder fergriemt it besit fan syn boarch,
in ûntankbere lit him sitte, dy’t him holpen hat.
17Troch boargjen binne gâns lju dy’t har goed rêde koenen, yn ’e grûn boarre,
se waarden op en del slingere as de weagen fan ’e see;
18machtige mannen binne dêrtroch yn ballingskip rekke,
yn frjemde lannen moasten se omswalkje.
19In sûnder stekt him yn ’e skuld,
hy is op foardiel út, mar hy komt foar de rjochter telâne.
20Spring dyn neiste by safier ast kinst,
mar tink der om datst sels net yn ’t ûnleech rekkest.
21It earste foar libbensûnderhâld is: wetter, brea en klean
en in hûs dêrst dyn eigen libben yn libje kinst.
22Better in sober libben ûnder in houten ôfdak
as in deftich miel yn oarmans hûs.
23Oftst folle hast of in bytsje, wês der tefreden mei
en do silst noait it ferwyt hearre datst mar in frjemd bist.
24Fan hûs ta hûs swalkje te moatten is in ellindich libben,
en dêrst as frjemd yn ’e hûs bist, meist de mûle net iependwaan.
25Do meist de gasten ûntfange en drinken jaan, mei ûntank as lean,
ja dêr oerhinne moatst noch hurde wurden hearre:
26Kom dan, frjemdling, meitsje de tafel klear,
en jou my te iten watst yn ’e hân hast.
27Gean mar, frjemdling, meitsje plak foar in foarnamerenien:
myn broer is útfanhûskommen, ik moat it hûs brûke.
28Soks is swier te ferarbeidzjen foar in man dy’t goed by syn ferstân is:
dy ferwiten fanwegen it hûs en dy oanmerkingen fan jins woldwaner.