1Dy’t wraak nimt, sil wraak fan ’e Hear ûnderfine,
dy sil him syn sûnden wis oanrekkenje.
2Ferjou dyn neiste syn misslach,
dan sille op dyn gebed ek dyn sûnden ferjûn wurde.
3As in minske lilk bliuwt op syn neiste,
kin er dan de Hear om betterskip freegje?
4As men gjin begrutsjen hat mei jins gelikens,
hoe kin men dan foar jins eigen sûnden bidde?
5As men – sels ek mar in minske – wrokkerich bliuwt,
wa sil dan jins sûnden fersoenje?
6Tink oan dyn útein en hâld op mei haatsjen,
tink oan dea en ferdjer, en hâld dy oan ’e geboaden.
7Betink de geboaden en wrokje net tsjin de neiste,
betink it ferbûn fan ’e Allerheechste en sljochtsje de neiste syn flaters oer.
8Bliuw bûten kreauwerijen, dan hast minder kâns om te sûndigjen,
want in grimmitich minske stokelt op ta striid.
9In ûndogensk man bringt ûnrêst ûnder syn freonen
en tusken freedsume minsken bringt er fijânskip.
10Wat mear hout yn it fjoer, wat fûlder it oplôget.
Wat grimmitiger de striid fuortset wurdt, wat fûlder dy oplôget.
Wat sterker in minske is, wat lilker er wurdt.
Wat riker er is, wat fûlder er wurdt.
11In hastige rûzje set it fjoer oan,
in hastige deilisskip rint út op bloedferjitten.
12Ast op in fonkje blaast, begjint it te brânen,
ast derop spuist, giet it út;
en beide komme dy út deselde mûle.
It kwea dat de tonge docht
13Ferwinskje de rabber, en him dy’t út twa mûlen sprekt,
want sokken ha gâns freedsume minsken de ûndergong dien.
14It praat fan tredden hat gâns minsken yn it ûnleech brocht,
en útinoar dreaun nei alle lannen;
it hat sterke stêden fernield
en de huzen fan ’e grutte lju ferrinnewearre.
15Om it praat fan tredden binne flinke froulju ferstjitten
en is har alles ôfnommen wat se beskrept hienen.
16Dy’t him dêr oan steurt, sil noait gjin rêst fine,
hy kin him net mear fredich deljaan.
17In klap mei de swipe jout strimen,
in klap mei de tonge brekt jin de lea.
18Der binne frij wat minsken fallen troch it swurd,
mar safolle net as troch de tonge.
19Wat in gelok, as men bewarre bliuwt foar har oanslaggen,
as men net bleatstiet oan har grime,
as men har jok net hoecht te tôgjen
en net yn har boeiens fêstklonken sit.
20Want har jok is in izeren jok
en har boeiens binne koperen boeiens;
21de dea dy’t se jin oandocht is in ferskriklike dea,
dêrneffens hat it grêf gâns foar.
22Se sille de frommen net te neikomme,
dy sille yn har flamme net brâne.
23Dy’t de Hear ferlitte, dy sille dêr yn falle,
it sil har ferbrâne en net wer útgean.
It is op har ôfstjoerd as in liuw op syn proai,
as in panter tramtearret it har.
24Freedzje dyn hiem goed ôf mei stikels,
bergje dyn sulver en goud goed op;
25brûk foar dyn wurden skealjes en gewicht,
meitsje doar en skoattel foar dyn mûle.
26Pas op dat dy gjin ferkeard wurd ûntkomt,
want dan soest falle foar it each fan him dy’t dêrop loert.