1De Hear skoep de minske út ierde
en lit him dêrta weromkomme.
2Hy joech harren dagen dy’t te tellen binne, in stelde tiid,
mar Hy joech harren ek sizzenskip oer de dingen dy’t op ierde binne.
3Hy riste har út mei krêft lykas Himsels,
neffens syn eigen byld hat Er har makke.
4Hy brocht ûntsach foar de minske oer al syn skepsels
en liet him hearskje oer wyld en fûgels.
6Hy joech harren ferstân, in tonge en eagen,
earen en in hert om te tinken.
7Hy joech harren folop ferstannich ynsjoch
en hâlde harren foar, wat goed en kwea is.
8Hy hat harren syn ljocht yn it hert jûn,
om harren de majesteit fan syn skepping sjen te litten,
10en se sille de hillige Namme priizje,
de majesteit fan syn skepping ferhelje.
11Hy hat harren der kennis by jûn,
en de wet fan it libben ervje litten.
12Hy hat in ivichduorjend ferbûn mei har sletten
en harren syn besluten foarhâlden.
13Syn grutte majesteit hawwe se mei eigen eagen sjoen,
syn majesteitlik lûd klonk harren yn ’e earen.
14Hy sei tsjin harren: Nim jimme te wacht foar alle ûngerjochtichheid
en Hy learde elk wat syn plicht is foar de neiste oer.
God sjocht alles, mar hy is barmhertich
15Har dwaan en litten leit altyd foar Him iepen,
it ûntkomt Him net.
17Oer elk folk hat Er in oanfierder oansteld,
mar Israel hat Er foar Himsels hâlden.
19Al wat se dogge, is Him sa helder as de sinne,
syn eagen sjogge oan ien tried wei nei har dwaan en litten.
20Har ferkearde dieden ûntkomme Him net
en al har sûnden binne in iepen boek foar de Hear.
22De barmhertichheid fan in minske jildt foar de Hear as in segelring,
en syn goedgeunstigens bewarret Er as in eachappel.
23Ienkear sil Er fanwegen komme en har beleanje
en har fertsjinne lean op har holle delkomme litte.
24Mar dy’t berou hawwe, meie by Him weromkomme,
en Hy treastet oan, dy’t de moed opjout.
25Bekear dy ta de Hear en hâld op mei sûndigjen,
bid regelrjocht ta Him en meitsje sa de oanstjit lytser;
26nim dyn taflecht ta de Hear en kear dy ôf fan it ûnrjocht
en haw in djippe ôfkear fan alles wat Him wearzget.
27Wa sil de Alderheechste priizje yn it deaderyk
as de libbenen Him net belide?
28Fan in deade ferstommet de tanksizzing as fan ien dy’t der net mear is;
dy’t libben en sûn is moat de Hear priizje.
29Wat is Gods barmhertichheid grut,
en de fersoening foar har dy’t har ta Him bekeare.
30Want in minske hat net alles yn ’e macht
en in minskebern is net ûnstjerlik.
31Wat jout mear ljocht as de sinne? Dochs wurdt ek dy fertsjustere;
sa hawwe bern fan ’e ierde har kweade begearten.
32De Hear bewekket de machten oan ’e hege himel,
mar de minsken binne oars net as stof en jiske.